Omgong fan Frankryk
Le Tour de France | ||||
holden yn | Frankryk | |||
data | july | |||
sport | hurdfytsen | |||
organisator | Amaury Sport Organisation | |||
earste edysje | 1903 | |||
edysjes | ||||
foarige | Omgong fan Frankryk 2024 | |||
folgjende | Omgong fan Frankryk 2025 | |||
|
De Omgong fan Frankryk (Frânsk: Tour de France, ek wol Le Grand Boucle) is in wrâldferneamde hurdfytswedstryd yn Frankryk. Mei de Omgong fan Itaalje en de Omgong fan Spanje is it ien fan de saneamde Grutte Omgongen, de wichtichste en dreechste eveneminten fan it hurdfytsseizoen. De Omgong fan Frankryk jildt fan dy trije grutte omgongen as de earfolste wedstriid, en wurdt yn etappen troch gâns Frankryk fytst. It begjin is somtiden yn in oar lân, mar de oankomst is altiten yn Parys, sûnt 1975 leit de finishstreek op de Champs-Élysées. De earste edysje fan 'e Omgong fan Frankryk waard ferriden yn 1903. De koprinner yn it algemien klassemint draacht de Giele Trui. Njonken it algemien klassemint besteane der noch ferskate oare klasseminten, lykas it berchklassemint (mei de Boltsjestrui), it punteklassemint (mei de Griene Trui) en it jongereinklassemint (mei de Wite Trui).
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Unstean
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Begjin 20ste iuw hie Frankryk twa foaroprinnende Frânske sportkranten, L'Auto-Vélo en Le Vélo. Le Vélo, de sponsor fan de hurdfytsklassiker Bordeaux-Parys, wie fierwei de bêst ferkeapjende krante; de oplaach bedroech 80.000 foar 20.000 oer fan L'Auto-Vélo. Henri Desgrange, haadredakteur fan L'Auto-Vélo en earste wrâldoerrekôrhâlder, woe dêr wat oan dwaan en tegearre mei Géo Lefèvre kaam er op it idee in Omgong fan Frankryk foar hurdfytsers te organisearjen.
Op 16 jannewaris 1903 ferlear Desgrange in wichtich proses tsjin syn konkurrint Griffard fan Le Vélo. Desgrange moast de namme Vélo út de titel fan syn krante skrasse. Haat wâle op. Desgrange liet lykwols de moedfearren net hingje en trije dagen letter, op 19 jannewaris, waard de earste Omgong fan Frankryk oan de parse foarsteld. Dit foarstel waard lykwols net fuortendaliks entûsjast ûnthelle, sadat de inisjatyfnimmers bang wiene dat de Omgong der nea komme soe. In wike foar it sluten fan de ynskriuwingen hiene mar 15 hurdfytsers harren ynskreaun. Dat wie op 6 maaie. De earste Omgong soe begjinne op 1 juny en duorje oant 5 july.
Fan needs moast Desgrange al in tal dingen tajaan. De earste Omgong soe pas op 1 july 1903 úteinsette en it startjild waard troch de helte dien. Uteinlik skreaune 108 hurdfytsers harren yn, en 60 dêrfan ferskynden op 1 july ek echt oan de startline. De Omgong bestie út seis etappes. Om nei te gean oft de hurdfytsers it foarsjoene parkoers ôfleine, wiene ûnderweis kontrôleposten ynstallearre. Uteinlik rieden fan de 60 mar 21 hurdfytsers de wedstriid út. Maurice Garin wûn mei in foarsprong fan hast trije oeren op de nûmer twa, al wie it, de perikels yn de omgong fan it dêropfolgjende jier yn acht nommen, wol de fraach oft er echt de hiele omgong op de fyts folbrocht hie.
Iere ûntwikkelingen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de earste Omgong waard yn 1904 in twadde edysje organisearre, it iennige ferskil wie dat yn 1903 hurdfytsers harren ynskriuwe koene foar ien of mear ritten, mar yn 1904 mochten dielnimmers harren allinne noch mar ynskriuwe foar de hiele omgong. Spitigernôch wiene der yn dizze twadde edysje in tal swierrichheden. Yn it foarste plak gie it dêrby om aksjefierende omwenjenden, omdat de omgong harren nachtrêst fersteure soe (doe waard der ek nachts koerst). Fierders foelen op de Col de la République supporters fan Faure de achterfolgjende Garin lestich, wiene der strjitten dêr't bewust glêsdiggels struid wiene en waard de koers fersteurd troch fjochtpartijen. In fûl swierwaar makke de slotrit yn it Parc des Princes ûnmooglik. De Union Vélocipédique de France die ûndersyk nei wat der yn de omgong fan 1904 bard wie. De earste fjouwer fan it einklassemint waarden úteinlik nei oanlieding fan dat ûndersyk diskwalifisearre. Se hiene har ûnderweis skuldich makke oan ûntelbere oertrêdings: hjir en dêr de trein nommen, binnendykjes keazen, har lûke litten en gean samar troch. Resultaten: Pothier waard libbenslang útsletten, Garin mocht twa jier net mear koerse en de fyfde yn it einklassemint, Henri Cornet, waard úteinlik ta einwinner fan 1904 útroppen.
It jier dêrnei kaam Desgrange mei in tal wizigingen op de lapen. Ynstee fan seis wiene der no alve etappes en mei de Ballon d'Alsace en de Col Bayard waarden de Fogezen en de Alpen foar it earst oandien. Noch in jier letter kaam Desgrange wer mei in nijichheidsje. De lêste kilometer fan in rit waard tenei oanjûn mei in flagge yn de foarm fan in reade trijehoeke. Yn 1910 waard de Tourmalet, yn 'e Pyreneeën, foar it earst yn de rûte opnommen. De hurdfytsers wiene lykwols net te sprekken oer dizze nije probearsels. Se skolden Desgrange út foar moardner en al wat net moai wie. Hoewol't der yn 't generaal gjin deaden foelen yn de Pyreneeënritten, wie der dochs in stjergefal. Hurdfytser Adolphe Hélière krige, op de rêstdei by in swimpartijtsje yn see by Nice, in hertoanfal en ferdronk. Yn 1911 soe Desgrange it noch heger sykje, want doe stie der in Alpenrit oer de Galibier op it programma.
Yn 1919 waard de Giele Trui yntrodusearre, sadat suporters en sjoernalisten de lieder goed waarnimme koene. Wêrom giel? Ienfâldichwei om't de organisearjende krante, L'Auto, op giel papier drukt waard. Op 19 july 1919 waard Eugène Christophe de alderearste drager fan de Giele Trui. Yn 1933 waard it berchklassemint ynfierd foar de bêste klimmers ûnder de hurdfytsers, de earste winner fan dit klassemint wie de Spanjert Vicente Trueba. De ferneamde byhearrende Boltsjestrui waard lykwols pas yn 1975 yntrodusearre.
Heechtijdagen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oprjochter fan de Omgong fan Frankryk Henri Desgrange ferstoar yn 1940; yn 1949 waard op de Galibier in monumint foar him oprjochte. Yn 1926 waard foar it earst net út Parys wei ôfset, mar fungearre Évian as startplak. Fan 1905 ôf waarden der bergen beklommen, mar yn 1952 wie it de earste kear dat der in etappe boppe op in berg oankaam, op de Alpe d'Huez. De rit begûn yn Lausanne en de Italjaan Fausto Coppi wûn. De oankomst lei yn 1952 net hielendal boppe-oan, mar yn it doarpke Huez, likernôch op de helte fan de klim dy't hjoed-de-dei oant hielendal boppe riden wurdt.
By it 50-jierrich bestean fan de Omgong fan Frankryk yn 1953 waard it punteklassemint ynfierd. De lieder fan dit klassemint krige in Griene Trui. De griene kleur wie te tankjen oan de earste sponsor, in fabrikant fan gersmeaners. In jier letter begûn de Omgong foar it earst bûten Frankryk, nammentlik yn Amsterdam, de haadstêd fan Nederlân.
Yn 1957 debutearre de Frânsman Jacques Anquetil yn 'e omgong en wûn fuortendaliks. Hy soe de earste wêze dy't it slagge om de omgong fiif kear te winnen. Tsien jier letter, yn 1967, foel der in deade te betreurjen by de beklimming fan de Mont Ventoux. De Ingelske hurdfytser Tom Simpson stoar as gefolch fan it brûken fan amfetaminen. Yn kombinaasje mei de hjitte, de swiere beklimming en problemen mei de mage waard dat him fataal.
Yn 1968 waard de oankomst fan de slotetappe foar it earst hâlden op de hurdfytsbaan fan Vincennes; foarhinne waard der altyd oankaam yn it Parc des Princes. Jan Janssen wûn dêr as earste, en as earste Nederlanner, de Omgong troch yn de lêste rit it giel ôf te nimmen fan de Belch Herman Vanspringel.
Fiif jier nei de lêste oerwinning fan Anquetil begûn in nij haadstik yn de skiednis fan de omgong, dat fan Eddy Merckx. It slagge de Belch, krekt as Anquetil, en win de Omgong fiif kear. Yn 1975 wie de finish fan de Omgong fan Frankryk foar it earst op de Champs-Élysées. De folgjende dy't it slagge de Omgong fiif kear te winnen, wie de Frânsman Bernard Hinault. Yn 1988 stie der foar it earst in Fries oan de start fan de Omgong fan Frankryk. Wiebren Veenstra fan De Harkema helle dat jier de finish net, mar yn syn twadde en lêste Omgong yn 1991 waard er 157ste.
De folgjende yn it rychje fan fiiffâldige Omgongwinners wie de Bask Miguel Induráin. Hy regearre yn it begjin fan de njoggentiger jierren. Syn lêste oerwinning op Frânske diken, yn 1995, foel gear mei it ferstjerren fan Casartelli. De Italjaan Fabio Casartelli kaam raar te fallen by de ôfdaling fan de Col de Portet-d'Aspet. De 24-jierrige Olympyske kampioen fan Barcelona '92 stoar oan de oprûne ferwûningen. Op it plak fan it ûngelok stiet no in tinkteken foar Carsatelli.
Dopingskandalen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1998 waard, foar it begjin fan de Omgong, fersoarger Willy Voet fan de Festina-ploech trappearre mei in grutte hoemannichte epo yn syn auto. Der waard strang kontrolearre en de Nederlânske ploech TVM, de Frânske ploech Festina en alle Spaanske ploegen waarden út de Omgong set. Ploechlieder Cees Priem fan TVM bedarre efkes yn de Frânske finzenis. Fanwegen it hurde optreden fan de Frânske justysje wie der healwei de santjinde etappe in fytserssstaking wêrby't alle hurdfytsers harren rêchnûmers ferwideren. Mar 96 fan de 189 starte hurdfytsers hellen de einstreek yn Parys. Fanwegen dizze perikels krige de Omgong fan 1998 de bynamme Le Tour Noir of Le Tour Dopage. Yn de jierren dêrnei folgen ferskate dopingskandalen inoar op. Sa moast sânfâldich omgongswinner Lance Armstrong syn titels ynleverje as gefolch fan dopinggebrûk. Foar dy edysjes waarden der gjin nije winners oanwiisd.
Lettere jierren
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2005 waard der foar it earst in omgongsetappe wûn troch in Fries. Yn de achtste etappe kape de fan De Harkema ôfkomstige Pieter Weening, fytsend foar de Rabobank-ploech, yn Gérardmer mei 9,6 milimeter ferskil de oerwinning foar de noas fan de Dútske hurdfytser fan T-Mobile Andreas Klöden wei.
Yn 2012 waard foar it earst de Planche des Belles Filles, in 1148 meter hege berchtop yn de Fogezen, opriden. De Ingelsman Chris Froome wie de earste winner op dizze tige steile berch.
Yn 2019 moast de 19de etappe ôfbrutsen wurde. De plande oankomst wie de Montée de Tignes. As gefolch fan minne waarsomstannichheden (oerfloedige hagel) waard it parkoers foar Tignes blokkearre troch ierdferskowingen en besleat de organisaasje de wedstriid stil te lizzen. Fierder besleat de organisaasje dat der gjin etappewinner en gjin winner fan de striidberens foar dizze etappe oantsjut wurde soene. De tiden fan oankomst op de Col de l'Iseran binne brûkt foar it algemien klassemint.[1]
De omgong fan 2020 waard útsteld oant 29 augustus, as gefolch fan de koroanapandemy. It wie foar it earst sûnt de ein fan de Twadde Wrâldkriich dat de Omgong fan Frankryk net yn de moanne july ferriden waard. Yn 2024 lei de einstreek yn Nice om't in pear dagen nei de finish fan de Omgong de Olympyske Simmerspullen 2024 yn Parys organiseare waarden.
Omgong fan Frankryk foar froulju
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Tour de France Femmes of Omgong fan Frankryk foar froulju is in meardeiske hurdfytswedstriid foar froulju yn Frankryk. Tusken 1984 en 2009 wiene der ferskate wedstriden dy't sjoen waarden as de Omgong fan Frankryk foar froulju. Fan 2014 oant en mei 2021 waard ûnder de Omgong fan Frankryk foar manlju in wedstriid fan ien dei foar froulju (La Course) organisearre troch it ynternasjonaal hurdfytsbûn ASO. Fan 2022 ôf is der wer in etappekoers fan mear dagen.
Omgong fan Frankryk yn sifers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]jier | Startplak | Tal etappes |
Totale ôfstân |
Dielnimmers | Utfallers | Opmerkingen |
---|---|---|---|---|---|---|
1903 | Montgeron | 6 | 2428 km | 60 | 41 | finish yn Ville d'Avray |
1904 | Montgeron | 6 | 2428 km | 88 | 56 | finish yn Ville d'Avray |
1905 | Parys | 11 | 2994 km | 60 | 36 | Earste kear mei finish yn Parc des Princes |
1906 | Parys | 13 | 4545 km | 82 | 68 | |
1907 | Parys | 14 | 4488 km | 93 | 60 | |
1908 | Parys | 14 | 4488 km | 114 | 78 | |
1909 | Parys | 14 | 4497 km | 150 | 95 | |
1910 | Parys | 15 | 4737 km | 110 | 69 | |
1911 | Parys | 15 | 5344 km | 84 | 56 | |
1912 | Parys | 15 | 5319 km | 131 | 90 | |
1913 | Parys | 15 | 5287 km | 140 | 115 | |
1914 | Parys | 15 | 5405 km | 145 | 91 | |
1915 t/m 1918: net ferriden fanwegen de Earste Wrâldkriich | ||||||
1919 | Parys | 15 | 5560 km | 69 | 59 | |
1920 | Parys | 15 | 5503 km | 113 | 91 | |
1921 | Parys | 15 | 5503 km | 123 | 85 | |
1922 | Parys | 15 | 5375 km | 120 | 82 | |
1923 | Parys | 15 | 5386 km | 139 | 91 | |
1924 | Parys | 15 | 5488 km | 157 | 97 | |
1925 | Parys | 18 | 5440 km | 134 | 85 | |
1926 | Évian | 17 | 5745 km | 126 | 85 | |
1927 | Parys | 24 | 5398 km | 142 | 103 | |
1928 | Parys | 22 | 5376 km | 162 | 121 | |
1929 | Parys | 22 | 5286 km | 155 | 95 | |
1930 | Parys | 21 | 4822 km | 100 | 41 | |
1931 | Parys | 24 | 5091 km | 81 | 46 | |
1932 | Parys | 21 | 4520 km | 80 | 23 | |
1933 | Parys | 23 | 4409 km | 80 | 40 | |
1934 | Parys | 23 | 4470 km | 60 | 21 | |
1935 | Parys | 21 | 4338 km | 93 | 47 | |
1936 | Parys | 21 | 4442 km | 90 | 47 | |
1937 | Parys | 20 | 4415 km | 98 | 52 | |
1938 | Parys | 21 | 4694 km | 96 | 41 | |
1939 | Parys | 18 | 4224 km | 79 | 30 | |
1940 t/m 1946: net ferriden fanwegen de Twadde Wrâldkriich | ||||||
1947 | Parys | 21 | 4665 km | 100 | 47 | |
1948 | Parys | 21 | 4922 km | 120 | 76 | |
1949 | Parys | 21 | 4819 km | 120 | 65 | |
1950 | Parys | 22 | 4773 km | 116 | 56 | |
1951 | Metz | 24 | 4690 km | 123 | 57 | |
1952 | Brest | 23 | 4898 km | 123 | 57 | |
1953 | Straasburch | 22 | 4476 km | 119 | 43 | |
1954 | Amsterdam | 23 | 4656 km | 110 | 41 | |
1955 | Le Havre | 22 | 4495 km | 130 | 61 | |
1956 | Reims | 22 | 4498 km | 120 | 32 | |
1957 | Nantes | 22 | 4685 km | 120 | 64 | |
1958 | Brussel | 24 | 4319 km | 120 | 42 | |
1959 | Mulhouse | 22 | 4391 km | 120 | 55 | |
1960 | Lille | 22 | 4173 km | 128 | 47 | |
1961 | Rouen | 21 | 4397 km | 132 | 60 | |
1962 | Nancy | 22 | 4274 km | 150 | 56 | |
1963 | Nogent-sur-Marne | 21 | 4210 km | 130 | 54 | |
1964 | Rennes | 22 | 4504 km | 132 | 51 | |
1965 | Keulen | 22 | 4177 km | 130 | 49 | |
1966 | Nancy | 25 | 4322 km | 130 | 48 | |
1967 | Angers | 22 | 4780 km | 130 | 42 | Lêste finish yn Parc des Princes |
1968 | Vittel | 22 | 4685 km | 110 | 47 | Earste kear mei finish yn Vélodrome Jacques-Anquetil |
1969 | Roubaix | 22 | 4117 km | 130 | 44 | |
1970 | Limoges | 23 | 4254 km | 150 | 50 | |
1971 | Mulhouse | 20 | 3608 km | 150 | 56 | |
1972 | Angers | 20 | 3847 km | 132 | 44 | |
1973 | Skeveningen | 20 | 4140 km | 132 | 45 | |
1974 | Brest | 22 | 4098 km | 130 | 25 | Lêste finish yn Vélodrome Jacques-Anquetil |
1975 | Charleroi | 22 | 3999 km | 140 | 54 | Earste kear mei finish op de Champs-Élysées |
1976 | Saint-Hilaire-de-Riez | 22 | 4016,5 km | 130 | 43 | |
1977 | Fleurance-Lectoure | 22 | 4096 km | 100 | 47 | |
1978 | Leien | 22 | 3908 km | 110 | 32 | |
1979 | Fleurance | 24 | 3720 km | 150 | 61 | |
1980 | Frankfurt | 25 | 3842 km | 130 | 45 | |
1981 | Nice | 25 | 3753 km | 150 | 29 | |
1982 | Basel | 23 | 3507 km | 169 | 44 | |
1983 | Fontenay-sous-Bois | 23 | 3809 km | 140 | 52 | |
1984 | Montreuil | 24 | 4021 km | 170 | 46 | |
1985 | Plumelec | 24 | 4109 km | 180 | 36 | |
1986 | Boulogne-Billancourt | 23 | 4094 km | 208 | 76 | |
1987 | West-Berlyn | 25 | 4231 km | 207 | 72 | |
1988 | Pontchâteau | 22 | 3286 km | 198 | 47 | |
1989 | Lúksemboarch | 22 | 3285 km | 198 | 60 | |
1990 | Poitiers (atraksjepark Futuroscope) |
21 | 3504 km | 198 | 42 | |
1991 | Lyon | 22 | 3914 km | 198 | 40 | |
1992 | San Sebastián | 22 | 3983 km | 198 | 68 | |
1993 | Puy-du-Fou (atraksjepark) |
20 | 3714 km | 180 | 44 | |
1994 | Lille | 22 | 3915,2 km | 189 | 72 | |
1995 | Saint-Brieuc | 20 | 3653 km | 189 | 74 | |
1996 | De Bosk | 22 | 3907 km | 189 | 69 | |
1997 | Rouen | 21 | 3950 km | 189 | 49 | |
1998 | Dublin | 21 | 3860 km | 189 | 93 | |
1999 | Puy-du-Fou (atraksjepark) |
21 | 3870 km | 180 | 39 | |
2000 | Poitiers (atraksjepark Futuroscope) |
21 | 3662 km | 177 | 50 | |
2001 | Dúntsjerk | 21 | 3453 km | 189 | 45 | |
2002 | Lúksemboarch | 21 | 3278 km | 189 | 36 | |
2003 | Parys | 21 | 3427 km | 198 | 51 | |
2004 | Luik | 21 | 3391 km | 188 | 41 | |
2005 | Fromentine | 22 | 3607 km | 189 | 34 | |
2006 | Straasburch | 21 | 3657,1 km | 176 | 37 | |
2007 | Londen | 21 | 3570 km | 189 | 48 | |
2008 | Brest | 22 | 3559 km | 180 | 35 | |
2009 | Monako | 22 | 3445 km | 180 | 24 | |
2010 | Rotterdam | 21 | 3596 km | 197 | 28 | |
2011 | Passage du Gois | 22 | 3430,5 km | 198 | 31 | |
2012 | Luik | 21 | 3430,5 km | 198 | 45 | |
2013 | Porto-Vecchio | 22 | 3349 km | 198 | 29 | |
2014 | Leeds | 22 | 3656 km | 198 | 34 | |
2015 | Utert | 22 | 3358 km | 198 | 38 | |
2016 | Mont Saint-Michel | 22 | 3529 km | 198 | 24 | |
2017 | Düsseldorf | 22 | 3540 km | 198 | 31 | |
2018 | Noirmoutier-en-l'Île | 22 | 3351 km | 176 | 31 | |
2019 | Brussel | 22 | 3365,8 km | 176 | 21 | |
2020 | Nice | 22 | 3484,2 km | 176 | 30 | |
2021 | Brest | 22 | 3414,2 km | 184 | 43 | |
2022 | Keappenhaven | 22 | 3328 km | 176 | 41 | |
2023 | Bilbao | 22 | 3404 km | 176 | 22 | |
2024 | Florâns | 22 | 3492 km | 176 | 35 | De Omgong finiste yn Nice fanwegen de Olympyske Simmerspullen |
Ferneamde bergen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1903 wie Col de la République de earste berch ea dy't yn de Omgong fan Frankryk beklommen waard. Dat barde yn de 2e etappe, fan Lyon nei Marseille. De berch waard ek yn 1904 yn de rûte opnaam. Yn dat jier waarden de hurdfytsers der lykwols oanfallen troch supporters fan de regionale hurdfytser Antoine Faure. As gefolch dêrfan waard de berch dêrnei pas wer yn 1950 yn it parkoers opnommen.
Klasseminten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Njonken de oerwinnings yn de etappen wurdt yn de Omgong fan Frankryk ek striden om ferskate klasseminten. Der is in klassemint foar de bêste ploech, foar de bêste klimmer (Boltsjestrui), foar de bêste jonge hurdfytser (Wite Trui), foar de oanfallendst ridende hurdfytser, foar de bêste sprinter (Griene Trui), en fansels foar de fytser dy't oer de hiele omgong de minste tiid brûkt (Giele Trui).
De súksesfolste hurdfytser yn de Omgong fan Frankryk wie de Amerikaan Lance Armstrong, dy't 7 kear efterinoar, fan 1999 oant 2005, oer de hiele omgong it fluchst wie. Doe't dúdlik waard dat hy doping brûkt hie, waarden dy oerwinningen offisjeel skrast. Yn alle jierren dat de Omgong ferriden wurdt, hawwe der oant no ta twa Nederlânders it einklassemint wûn. De earste wie Jan Janssen dy't yn 1968 it fluchst wie, en yn 1980 behelle Joop Zoetemelk de Giele Trui.
Winners Giele Trui
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Measte oerwinningen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]5x
- Miguel Induráin wûn de Omgong fan 1991 oant 1995.
- Bernard Hinault wûn 1978, 1979, 1981, 1982 en 1985.
- Eddy Merckx wûn fan 1969 oant 1972 en noch ris yn 1974.
- Jacques Anquetil wûn yn 1957 en fan 1961 oant 1964.
4x
- Chris Froome wûn de Omgong yn 2013 en fan 2015 oant 2017.
3x
- Philippe Thys wûn de Omgong yn 1913, 1914 en yn 1920.
- Louison Bobet wûn de Omgong fan 1953 oant 1955.
- Greg LeMond wûn de Omgong yn 1986, 1989 en yn 1990.
- Tadej Pogačar wûn de Omgong yn 2020, 2021 en yn 2024.
Berchklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It berchklassemint fan de Omgong fan Frankryk is in njonkenklassemint, dêr't punten foar te fertsjinjen binne by passaazjes op berchpassen en oare beklimmingen. De lieder yn it berchklassemint is de hurdfytser dy't by dizze passaazjes de measte punten fertsjinne hat troch as earste of by de earsten troch te kommen. Dejinge dy't oan 'e ein fan de Tour de France it klassemint liedt, wurdt ta berchkening útroppen.
De Boltsjestrui is it shirt dat droegen wurdt troch de lieder yn it berchklassemint en dat útrikt wurdt nei in ferriden etappe. Nei de lêste etappe fan de Omgong fan Frankryk krijt de winner fan it berchklassemint de lêste Boltsjestrui útrikt. De berchpriis bestiet langer as de Boltsjestrui dy't deroan keppele is. De earste Omgong fan Frankryk dêr't de lieder yn it berchklassemint de Boltsjestrui droech, wie dy fan 1975; de earste dy't him ea droech, wie Joop Zoetemelk. De earste einwinner fan dizze trui wie Lucien Van Impe. It boltsjesmotyf waard troch Tourbaas Félix Lévitan oanbrocht as in hulde oan Henri Lemoine, in Frânske baanhurdfytser dy't yn de tweintiger en tritiger jierren omried yn in tenu mei reade stippen. Foar 1975 bestie der gjin aparte trui foar de berchkening.
De beklimmingen dy't meitelle foar it berchklassemint wurde yndield yn 5 kategoryen: Hors Catégorie (de grutste en swierste beklimmingen, lykas de Mont Ventoux, Tourmalet en Alpe d' Huez) en de earste oant en mei fjirde kategory. Beklimmingen fan tredde en fjirde kategory binne earder heuvels as bergen. De te fertsjinjen punten binne navenant.
Winners berchklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Punteklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It punteklassemint yn de Omgong fan Frankryk is in njonkenklassemint foar sprinters wêrby't de hurdfytsers punten per etappe krije, ôfhinklik fan harren oankomst. Sûnt de ynfiering yn 1953 draacht de lieder yn it punteklassemint in Griene Trui; de iennige útsûndering wie 1968, doe't de liederstrui yn dit klassemint read wie fanwegen de sponsor fan it punteklassemint fan dat jier.
It klassemint waard yn de Omgong fan 1953 yntrodusearre: de Switser Fritz Schär wie de earste drager en de earste dy't de trui oan de ein fan de Omgong oandwaan mocht. De griene kleur wie keazen omdat de doetiidske sponsor in gersmeanerfabrikant wie. De edysjes fan 1905 oant en mei 1912 waard de Omgong ferriden op in puntesysteem. Dat wie in strafpuntesysteem op basis fan klassearring en tiid, wêrby't dejinge mei de minste punten wûn hie.
Hoewol't de krekte regels wol feroarje, is it tal punten dat per etappe fertsjinne wurde kin meastal net gelyk: yn flakke etappes kinne mear punten fertsjinne wurde as yn tiidritten en berchritten, om sa foar te kommen dat klimmers dêr by fersin it punteklassemint winne kinne. Nei foarbyld fan it punteklassemint yn de Omgong fan Frankryk hawwe de measte meardeiske hurdfytswedstriden tsjintwurdich in punteklassemint.
Winners punteklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Winner | Nasjonaliteit | Ploech | Punten |
---|---|---|---|---|
1953 | Fritz Schär | Switsersk | Switserlân | 271 |
1954 | Ferdi Kübler | Switsersk | Switserlân | 215.5 |
1955 | Stan Ockers | Belgysk | Belgje | 322 |
1956 | Stan Ockers | Belgysk | Belgje | 280 |
1957 | Jean Forestier | Frânsk | Frankryk | 301 |
1958 | Jean Graczyk | Frânsk | Frankryk | 347 |
1959 | André Darrigade | Frânsk | Frankryk | 613 |
1960 | Jean Graczyk | Frânsk | Frankryk | 74 |
1961 | André Darrigade | Frânsk | Frankryk | 174 |
1962 | Rudi Altig | West-Dútsk | Saint Raphaël-Hutchinson | 173 |
1963 | Rik Van Looy | Belgysk | G.B.C-Libertas | 275 |
1964 | Jan Janssen | Nederlânsk | Pelforth-Sauvage | 208 |
1965 | Jan Janssen | Nederlânsk | Pelforth-Sauvage | 144 |
1966 | Willy Planckaert | Belgysk | Smiths | 211 |
1967 | Jan Janssen | Nederlânsk | Nederlân | 154 |
1968 | Franco Bitossi | Italjaansk | Itaalje | 241 |
1969 | Eddy Merckx | Belgysk | Faema | 244 |
1970 | Walter Godefroot | Belgysk | Salvarani | 212 |
1971 | Eddy Merckx | Belgysk | Molteni | 202 |
1972 | Eddy Merckx | Belgysk | Molteni | 196 |
1973 | Herman Vanspringel | Belgysk | Rokado | 187 |
1974 | Patrick Sercu | Belgysk | Brooklyn | 283 |
1975 | Rik Van Linden | Belgysk | Bianchi-Campagnolo | 342 |
1976 | Freddy Maertens | Belgysk | Velda-Flandria | 293 |
1977 | Jacques Esclassan | Frânsk | Peugeot-Esso-Michelin | 236 |
1978 | Freddy Maertens | Belgysk | Velda-Lano-Flandria | 242 |
1979 | Bernard Hinault | Frânsk | Renault-Gitane | 253 |
1980 | Rudy Pevenage | Belgysk | Ijsboerke-Warncke | 194 |
1981 | Freddy Maertens | Belgysk | Sunair-Sport | 428 |
1982 | Sean Kelly | Iersk | Sem-France Loire-Campagnolo | 429 |
1983 | Sean Kelly | Iersk | Sem-Mavic-Reydel | 360 |
1984 | Frank Hoste | Belgysk | Europ Decor-Boule d'Or-Eddy Merckx | 322 |
1985 | Sean Kelly | Iersk | Skil-Sem KAS Miko | 434 |
1986 | Eric Vanderaerden | Belgysk | Panasonic | 277 |
1987 | Jean-Paul van Poppel | Nederlânsk | Superconfex | 263 |
1988 | Eddy Planckaert | Belgysk | A.D.R-Mini Flat-IOC | 278 |
1989 | Sean Kelly | Iersk | P.D.M | 277 |
1990 | Olaf Ludwig | East-Dútsk | Panasonic | 256 |
1991 | Djamolidine Abdoujaparov | Sovjet | Carrera-Jeans | 316 |
1992 | Laurent Jalabert | Frânsk | ONCE | 293 |
1993 | Djamolidine Abdoujaparov | Oezbeeksk | Lampre-Polti | 298 |
1994 | Djamolidine Abdoujaparov | Oezbeeksk | TEAM POLTI | 322 |
1995 | Laurent Jalabert | Frânsk | ONCE | 333 |
1996 | Erik Zabel | Dútsk | Deutsche Telekom | 335 |
1997 | Erik Zabel | Dútsk | Deutsche Telekom | 350 |
1998 | Erik Zabel | Dútsk | Deutsche Telekom | 327 |
1999 | Erik Zabel | Dútsk | Deutsche Telekom | 323 |
2000 | Erik Zabel | Dútsk | Deutsche Telekom | 321 |
2001 | Erik Zabel | Dútsk | Deutsche Telekom | 252 |
2002 | Robbie McEwen | Australysk | Lotto-Adecco | 280 |
2003 | Baden Cooke | Australysk | FDJeux | 216 |
2004 | Robbie McEwen | Australysk | Lotto-Domo | 272 |
2005 | Thor Hushovd | Noarsk | Crédit agricole | 194 |
2006 | Robbie McEwen | Australysk | Davitamon-Lotto | 288 |
2007 | Tom Boonen | Belgysk | Quick Step-Innergetic | 256 |
2008 | Óscar Freire | Spaansk | Rabobank | 270 |
2009 | Thor Hushovd | Noarsk | Cervélo TestTeam | 280 |
2010 | Alessandro Petacchi | Italjaansk | Lampre-Farnese | 243 |
2011 | Mark Cavendish | Britsk | Team HTC-Highroad | 334 |
2012 | Peter Sagan | Slowaaksk | Liquigas-Cannondale | 421 |
2013 | Peter Sagan | Slowaaksk | Cannondale | 409 |
2014 | Peter Sagan | Slowaaksk | Cannondale | 431 |
2015 | Peter Sagan | Slowaaksk | Tinkoff-Saxo | 432 |
2016 | Peter Sagan | Slowaaksk | Tinkoff | 470 |
2017 | Michael Matthews | Australysk | Sunweb | 370 |
2018 | Peter Sagan | Slowaaksk | Bora-Hansgrohe | 477 |
2019 | Peter Sagan | Slowaaksk | Bora-Hansgrohe | 323 |
2020 | Sam Bennett | Iersk | Deceuninck-Quick-Step | 380 |
2021 | Mark Cavendish | Britsk | Deceuninck-Quick-Step | 317 |
2022 | Wout van Aert | Belgysk | Jumbo-Visma | 480 |
2023 | Jasper Philipsen | Belgysk | Alpecin-Deceuninck | 377 |
2024 | Biniam Girmay | Eritreesk | Intermarché-Wanty-Gobert Matériaux | 387 |
Ploegeklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It ploegeklassemint is it klassemint foar de bêst prestearjende hurdfytsploech as gehiel. Foar it berekkenjen fan it puntetal wurde nei elke etappe de tiden fan 'e trije earste riders fan elk team opteld. Earder mocht de liedende ploech mei in giel petsje ride. No rydt de liedende ploech mei in giel rêchnûmer, en yn 2012 foar it earst ek mei in giele helm.
Fan 1930 ôf waard de Tour ferriden mei lanneploegen. Fanwege de grutte kommersjele druk op de Tourorganisaasje waard fan 1962 ôf de toer wer ferriden mei merkploegen. Ek yn 1967 en 1968 kamen lanneploegen oan de start.
Winners ploegeklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Ploech | Registraasje Lân |
Jier | Ploech | Registraasje Lân |
Jier | Ploech | Registraasje Lân |
Jier | Ploech | Registraasje Lân | |||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
1930 | Frankryk | Frankryk | 1958 | Belgje | Belgje | 1981 | Peugeot | Frankryk | 2003 | CSC | Denemark | |||
1931 | Belgje | Belgje | 1959 | Belgje | Belgje | 1982 | Coop | Frankryk | 2004 | T-Mobile | Dútslân | |||
1932 | Itaalje | Itaalje | 1960 | Frankryk | Frankryk | 1983 | Raleigh | Nederlân | 2005 | T-Mobile | Dútslân | |||
1933 | Frankryk | Frankryk | 1961 | Frankryk | Frankryk | 1984 | Renault | Frankryk | 2006 | T-Mobile | Dútslân | |||
1934 | Frankryk | Frankryk | 1962 | St. Raphael | Frankryk | 1985 | La Vie Claire | Frankryk | 2007 | Discovery | Feriene Steaten | |||
1935 | Belgje | Belgje | 1963 | St. Raphael | Frankryk | 1986 | La Vie Claire | Frankryk | 2008 | CSC | Denemark | |||
1936 | Belgje | Belgje | 1964 | Pelforth | Frankryk | 1987 | Système U | Frankryk | 2009 | Astana | Kazachstan | |||
1937 | Frankryk | Frankryk | 1965 | KAS | Spanje | 1988 | P.D.M. | Nederlân | 2010 | RadioShack | Feriene Steaten | |||
1938 | Belgje | Belgje | 1966 | KAS | Spanje | 1989 | P.D.M. | Nederlân | 2011 | Garmin-Cervélo | Feriene Steaten | |||
1939 | Belgje B | Belgje | 1967 | Frankryk | Frankryk | 1990 | Z | Frankryk | 2012 | RadioShack | Feriene Steaten | |||
1947 | Itaalje | Itaalje | 1968 | Spanje | Spanje | 1991 | Banesto | Spanje | 2013 | Saxo-Tinkoff | Denemark | |||
1948 | Belgje A | Belgje | 1969 | Feama | Belgje | 1992 | Carrera | Itaalje | 2014 | AG2R | Frankryk | |||
1949 | Itaalje | Itaalje | 1970 | Salvarani | Itaalje | 1993 | Carrera | Itaalje | 2015 | Movistar | Spanje | |||
1950 | Belgje | Belgje | 1971 | BIC | Frankryk | 1994 | Festina | Frankryk | 2016 | Movistar | Spanje | |||
1951 | Frankryk | Frankryk | 1972 | GAN | Frankryk | 1995 | ONCE | Spanje | 2017 | Sky | Grut-Brittanje | |||
1952 | Itaalje | Itaalje | 1973 | BIC | Frankryk | 1996 | Festina | Frankryk | 2018 | Movistar | Spanje | |||
1953 | Nederlân | Nederlân | 1974 | KAS | Spanje | 1997 | Deutsche Telekom | Dútslân | 2019 | Movistar | Spanje | |||
1954 | Switserlân | Switserlân | 1975 | GAN | Frankryk | 1998 | Cofidis | Frankryk | 2020 | Movistar | Spanje | |||
1955 | Frankryk | Frankryk | 1976 | KAS | Spanje | 1999 | Banesto | Spanje | 2021 | Bahrain | Bachrein | |||
1956 | Belgje | Belgje | 1977 | Raleigh | Nederlân | 2000 | Kelme | Spanje | 2022 | Ineos | Grut-Brittanje | |||
1978 | Miko | Frankryk | 1979 | Renault | FRA | 2001 | Kelme | Spanje | 2023 | Jumbo-Visma | Nederlân | |||
1957 | Frankryk | Frankryk | 1980 | Miko | Frankryk | 2002 | ONCE | Spanje | 2024 | Team Emirates | Feriene Arabyske Emiraten |
Jongereinklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It jongereinklassemint waard yn 1975 ynfierd. It Wite Trui waard oernommen fan it kombinaasjeklassemint (1968 - 1974), dat (tydlik) ôfskaft waard. De regels om yn oanmerking te kommen foar dit klassemint hawwe net altyd itselde west. Tusken 1983 en 1985 wie it in klassemint foar debutanten, mar de lêste jierren is it in klassemint foar hurdfytsers dy't op 1 jannewaris fan it oanbelangjende omgongsjier jonger as 25 jier binne.
Fan 1989 oant en mei 1999 wie der wol in jongereinklassemint mar gjin Wite Trui. In oantal kear wûn de winner fan it jongereinklassemint ek de Omgong fan Frankryk sels.
Winners jongereinklassemint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Winner | Nasjonaliteit | Ploech | Posysje algemien klassemint (Giele Trui) |
---|---|---|---|---|
1975 | Francesco Moser | Italjaansk | Filotex | 7 |
1976 | Enrique Martínez Heredia | Spaansk | Kas–Campagnolo | 23 |
1977 | Dietrich Thurau | West-Dútsk | TI–Raleigh | 5 |
1978 | Henk Lubberding | Nederlânsk | TI–Raleigh–McGregor | 8 |
1979 | Jean-René Bernaudeau | Frânsk | Renault–Gitane | 5 |
1980 | Johan van der Velde | Nederlânsk | TI–Raleigh–Creda | 12 |
1981 | Peter Winnen | Nederlânsk | Capri Sonne–Koga Miyata | 5 |
1982 | Phil Anderson | Australysk | Peugeot–Shell–Michelin | 5 |
1983 | Laurent Fignon | Frânsk | Renault–Elf | 1 |
1984 | Greg LeMond | Amerikaansk | Renault–Elf | 3 |
1985 | Fabio Parra | Kolombiaansk | Varta–Café de Colombia–Mavic | 8 |
1986 | Andrew Hampsten | Amerikaansk | La Vie Claire | 4 |
1987 | Raúl Alcalá | Meksikaansk | 7-Eleven | 9 |
1988 | Erik Breukink | Nederlânsk | Panasonic–Isostar–Colnago–Agu | 12 |
1989 | Fabrice Philipot | Frânsk[9] | Toshiba | 24 |
1990 | Gilles Delion | Frânsk | Helvetia–La Suisse | 15 |
1991 | Álvaro Mejía | Kolombiaansk | Postobón–Manzana–Ryalcao | 19 |
1992 | Eddy Bouwmans | Nederlânsk | Panasonic–Sportlife | 14 |
1993 | Antonio Martín | Spaansk | Amaya Seguros | 12 |
1994 | Marco Pantani | Italjaansk | Carrera Jeans–Tassoni | 3 |
1995 | Marco Pantani | Italjaansk | Carrera Jeans–Tassoni | 13 |
1996 | Jan Ullrich | Dútsk | Deutsche Telekom | 2 |
1997 | Jan Ullrich | Dútsk | Deutsche Telekom | 1 |
1998 | Jan Ullrich | Dútsk | Deutsche Telekom | 2 |
1999 | Benoît Salmon | Frânsk | AG2R | 16 |
2000 | Francisco Mancebo | Spaansk | Banesto | 9 |
2001 | Óscar Sevilla | Spaansk | Kelme–Costa Blanca | 7 |
2002 | Ivan Basso | Italjaansk | Fassa Bortolo | 11 |
2003 | Denis Menchov | Russysk | iBanesto | 11 |
2004 | Vladimir Karpets | Russysk | Illes Balears–Banesto | 13 |
2005 | Yaroslav Popovych | Oekraynsk | Discovery | 12 |
2006 | Damiano Cunego | Italjaansk | Lampre–Fondital | 12 |
2007 | Alberto Contador | Spaansk | Discovery | 1 |
2008 | Andy Schleck | Lúksemboarchsk | CSC–Saxo Bank | 12 |
2009 | Andy Schleck | Lúksemboarchsk | Saxo Bank | 2 |
2010 | Andy Schleck | Lúksemboarchsk | Saxo Bank | 1 |
2011 | Pierre Rolland | Frânsk | Europcar | 10 |
2012 | Tejay van Garderen | Amerikaansk | BMC | 5 |
2013 | Nairo Quintana | Kolombiaansk | Movistar | 2 |
2014 | Thibaut Pinot | Frânsk | FDJ | 3 |
2015 | Nairo Quintana | Kolombiaansk | Movistar | 2 |
2016 | Adam Yates | Britsk | Orica–BikeExchange | 4 |
2017 | Simon Yates | Britsk | Orica–Scott | 7 |
2018 | Pierre Latour | Frânsk | AG2R | 13 |
2019 | Egan Bernal | Kolombiaansk | Ineos | 1 |
2020 | Tadej Pogačar | Sloveensk | UAE Team Emirates | 1 |
2021 | Tadej Pogačar | Sloveensk | UAE Team Emirates | 1 |
2022 | Tadej Pogačar | Sloveensk | UAE Team Emirates | 2 |
2023 | Tadej Pogačar | Sloveensk | UAE Team Emirates | 2 |
2024 | Remco Evenepoel | Belgysk | Soudal–Quick-Step | 3 |
Priis fan de striidberens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De priis fan de striidberens wurdt yn de Omgong fan Frankryk útrikt oan de striidlustichste hurdfytser. Nei elke etappe wurdt de priis troch in achtkoppige ynternasjonale sjuery takend oan de striidlustichste hurdfytser fan dy deis, dy't dan de oare deis mei in read rêchnûmer ride mei. Oan de ein wurdt besjoen wa't de meast striidlustichste hurdfytser yn de hiele Omgong fan dat jier west hat.
Yn ûnderskate jierren waard it reade rêchnûmer ferskillend oanjûn. Soms wie it allinne firtueel yn it read te sjen, soms waard it ramt read makke, of waard in wyt rêchnûmerfel mei reade sifers brûkt. Sûnt 2006 wurdt in read fel mei wite sifers brûkt.
Yn de njoggende etappe yn 2011 waard foar it earst yn tweintich jier de deipriis fan de striidlustichste hurdfytser takend oan twa persoanen. Sawol Johnny Hoogerland as Juan Antonio Flecha krigen de priis tawiisd. Allebeide makken diel út fan de kopgroep doe't se oanriden waarden troch in wein fan de Frânske TV, wêrby't se swier te fallen kamen en yn it stikeltrie bedarren. De beide setten harren paad dochs fuort en passearren dy deis fier efter it peloton de einstreek. Yn de sechstjinde etappe yn 2016 waard de priis foar it earst útrikt oan twa hurdfytsers fan deselde ploech. Tony Martin en Julian Alaphilippe fan Quickstep waarden beiden beleanne mei it reade rêchnûmer nei 't se 170 kilometer tegearre yn de oanfal riden hiene.
Winners priis fan de striidberens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fryske Dielnimmers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In tal Friezen hat meidien oan de Omgong fan Frankryk. Yn 1988 wie Wiebren Veenstra de earste. Pieter Weening wie yn 2005 de earste Fries dy't in etappe wûn yn de Omgong fan Frankryk. En Gerrit de Vries hat oant no ta (2022) mei sân dielnimmings yn de jierren-90 fan de tweintichste iuw it faakst meidien oan de Omgong fan Frankryk.
Namme | Jier(ren) | Ploech | Posysje algemien klassemint (Giele Trui) |
---|---|---|---|
Johannes Draaijer | 1989 | P.D.M. | 130 |
Eddy Schurer | 1989, 1990, 1991 |
TVM, TVM, TVM |
132, net finisht, 152 |
Maarten Tjallingii | 2010, 2011 2012 |
Rabobank, Rabobank, Rabobank |
132, 99, net finisht |
Wiebren Veenstra | 1988, 1991 |
Hitachi, Buckler |
net finisht, 157 |
Gerrit de Vries | 1990 1991 1992 1993 1994 1996 1997 |
Buckler, Buckler, Buckler, TVM, Novemail-Histor, Team Polti, Team Polti |
67, 34, net finisht, 55, 77, 119, 125 |
Pieter Weening | 2005, 2006 2007 2008 2012, 2015 |
Rabobank, Rabobank, Rabobank, Rabobank, Orica GreenEDGE, Orica GreenEDGE |
72, 93, 128, 62, 72, 144 |
Lieuwe Westra | 2011, 2012, 2013, 2014 2015 |
Vacansoleil, Vacansoleil, Vacansoleil, Astana, Astana |
128, net finisht, net finisht, 79, 77 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Omgong fan Frankryk |
---|
Giele trui · Griene trui · Boltsjestrui · Wite trui · Giel rêchnûmer · Read rêchnûmer |
Fryske dielnimmers · froulju |
Ferneamde bergen · Souvenir Henri Desgrange · Souvenir Jacques Goddet |
1903 · 1904 · 1905 · 1906 · 1907 · 1908 · 1909 · 1910 · 1911 · 1912 · 1913 · 1914 · 1919 · 1920 · 1921 · 1922 · 1923 · 1924 · 1925 · 1926 · 1927 · 1928 · 1929 · 1930 · 1931 · 1932 · 1933 · 1934 · 1935 · 1936 · 1937 · 1938 · 1939 · 1947 · 1948 · 1949 · 1950 · 1951 · 1952 · 1953 · 1954 · 1955 · 1956 · 1957 · 1958 · 1959 · 1960 · 1961 · 1962 · 1963 · 1964 · 1965 · 1966 · 1967 · 1968 · 1969 · 1970 · 1971 · 1972 · 1973 · 1974 · 1975 · 1976 · 1977 · 1978 · 1979 · 1980 · 1981 · 1982 · 1983 · 1984 · 1985 · 1986 · 1987 · 1988 · 1989 · 1990 · 1991 · 1992 · 1993 · 1994 · 1995 · 1996 · 1997 · 1998 · 1999 · 2000 · 2001 · 2002 · 2003 · 2004 · 2005 · 2006 · 2007 · 2008 · 2009 · 2010 · 2011 · 2012 · 2013 · 2014 · 2015 · 2016 · 2017 · 2018 · 2019 · 2020 · 2021 · 2022 · 2023 · 2024 · 2025 |
· · |