Springe nei ynhâld

Bijewaaks

Ut Wikipedy
Kears fan in oprôle plaat keunstraat
Close-up fan keunstraten fan bijewaaks
(diameter: 5 - 6 mm)
detail fan in waaksen bern Jezus, folkskeunst

Bijewaaks is in waaks dy't troch guon soarten bijen produsearre wurdt en wêrút se de wanden meitsje fan de sellen dy't yn it nêst yn de raten sitte en dêr't huning yn opslein wurdt en jong bijebroed opkweekt wurdt.

Bijewaaks is in fetlik, stevich materiaal mei in frij heech molekúlgewicht. Bijewaaks bestiet benammen út esters fan fetsoeren mei fetalkohoalen mei lange ketens. Dit oars as fetten dy't benammen út esters fan glyserine besteane.

Tapassingen fan bijewaaks

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Waaks is neist huning in belangryk produkt fan de ymkerij. Minsken brûke waaks foar in soad doeleinen, ûnder oare om kearsen fan te meitsjen en yn bjinwaaks of as poetsmiddel foar ûnbewurke houten foarwerpen en flieren. Foar ûnder mear drop wurdt bijewaaks as glânsmiddel brûkt. Ek yn krêmes en oarre kosmetica wurdt in soad gebrûkmakke fan bijewaaks en derivaten fan bijewaaks.

De INCI-nammen fan bijewaaks binne:

  • Cera alba (wite, bleekte bijewaaks)
  • Cera flava (giele bijewaaks)

Brûken fan bijewaaks yn de keunst

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bijewaaks wurdt yn de skilderkeunst brûkt as bynmiddel. Yn de technyk enkaustyk wurde pigminten mongen mei hjitte bijewaaks, hars, en noch in pear stoffen. It levert tige goed hâldbere skilderingen op mei in trochskinende kwaliteit. De ferneamde Fayum-portretten (Egypte, 1e-3e iuw) binne yn dizze technyk skildere. Ek yn Grikelân waard de technyk sûnt de 5e iuw foar Kristus tapast. De farve hoecht yn dizze technyk net te drûgjen, allinnich ôf te kuoljen, sadat der fuortdaliks wer legen oerhinne setten wurde kinne.

Ek yn de byldhoukeunst wurdt bijewaaks fanâlds brûkt, om mei te boetsearen of om waaksôfjitsels út te foarmjen foar it brûnsjitten mei de cire perdue metoade). It wurdt ek brûkt om glâns oan te bringen op houten skulptueren.

Oare tapassingen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bijewaaks wurdt ek brûkt foar it saneamde waaksen (smarren) fan kamen en stêven fan in wynmûne.

It 'waaksen' fan stêven yn in mûnerêd
Huningraten