Wormerveer
Wormerveer is in doarp oan 'e Saan yn 'e Noard-Hollânske gemeente Saanstêd. It doarp wie oant 1 jannewaris 1974 in selsstannige gemeente.
Wormerveer | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Saanstêd | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 12.585 (1 jannewaris 2023) | |
Oerflak | 31,89 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 1525 | |
Koördinaten | 52° 29 'NB, 4° 47 'EL | |
Kaart | ||
Wormerveer hat 12.585 (1 jannewaris 2023) ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeDe plaknamme is in ferwizing nei in oerset oer de Saan nei it oan 'e oare kant lizzende doarp Wormer, dat yn 1487 foar it earst neamd waard en oant 1957 bestie. Yn 1889 waard in brêge oer de Saan yn gebrûk nommen en it ferkear gie sûnt oer de brêge.
Wormerveer lei eartiids strategysk en wie belangryk foar de reizigers oer lân tusken Kennemerlân (Haarlim) en Wetterlân (Purmerein). Om it oerset ûnstiene wat wenten, mar in doarp wie it net. It plak stie bekend as 't Saen. Lykas Krommenie, it lettere Zaandijk, Koog aan de Zaan en West-Saandam hearde it by de Banne Westsaan. Yn Westsaan stiene it rjochtshûs en de parochytsjerke.
Om 1500 hinne wie it tal bewenners tanommen en fregen de ynwenners tastimming om in eigen kapel te bouwen, dy't yn 1503 ynwijd waard. Yn 1536 waard ek in moalmûne boud. De kapel en de rest fan de bebouwing waarden yn 1574 troch de Spanjaarden ferneatige, mar al gau waard it plak wer opboud. Yn 1586 waard op 'e nij oan 'e Saan in moalmûne boud, wylst in pear jier letter ek de ferneatige moalmûne fan 1536 op itselde plak werboud waard.
Yn 1637 krige it plak in nije tsjerke, dy't no net mear roomsk, mar grifformeard wie. Op dat stuit wiene der ek al twa fermanjes yn it doarp. In grut part fan 'e ynwenners wiene mennisten (yn 'e 18e iuw sels mear as de helte fan 'e befolking). In relatyf lytse mienskip yn it doarp bleau trou oan it katolisisme en hiene harren skûltsjerke.
Mei it oanlizzen fan it spoar Saandam-Uitgeest krige Wormerveer yn 1869 in stasjon. Om 't der in soad yndustry oan 'e oare kant fan 'e Saan wie, waard der op inisjatyf fan in pear fabrikanten in nije brêge oer de Saan oanlien. Yn 'e selde tiid besochten deselde fabrikanten it regear te bewegen om de Saankant fan Wormer mei harren fabriken by Wormerveer te foegjen, mar harren krewearjen bleau om 'e nocht.
Bedriuwen
bewurkje seksjeIt drûchmeitsjen fan 'e grutte Noard-Hollânske marren sûnt 1600 betsjutte de komst fan 'e oaljeslaggerij yn Wormerveer. In pear desinnia letter waarden tsientallen oaljemûnen boud, dy't oalje út koalsied út de nije polders sloegen. Yn 'e selde tiid makke ek de stiselmakkerij en de papierproduksje opgong.
Mei't troch de nije polders der mear greide foar fee bykaam, makke ek de tsiishannel opgong, om 1700 hinne wiene der yn it doarp 20 tsiisferkeapers en sûnt begjin 1800 hie it doarp alle wiken in drok besochte tsiismerk. Nei de Frânske tiid (1795-1813) sette in tiid fan ekonomyske delgong yn. Dat duorre oant healwei de 19e iuw, doe't der wer mear bedriuwen ûnstiene.
De stoom betsjutte in feroaring fan wynkrêft nei stoomkrêft en al hiel gau ferdwûn de iene nei de oare yndustrymûne om plak te meitsjen foar fabriken en pakhûzen en ûntstiene nije aktiviteiten lykas de ryspellerij en de kakao- en sûkeladefabrikaazje. De lêste oerbleaune yndustrymûne 't Jonge Vool baarnde yn 1930 ôf.
Om 1900 hinne kaam ek de grafyske yndystry yn Wormerveer op. Twa grutte printerijen joegen in soad ynwenners fan Wormerveer in ynkommen. Oant yn 'e jierren 1990 soarge ek de Keninklike Wessanen (moal, oalje, kakao en feefoer) foar wurk. Yn 'e lêste desinnia ferdwûnen in soad bedriuwen fan it oarspronklike plak oan 'e Saan. Guon ferhûzen nei nije yndustryterreinen en oaren waarden opheft. Op de nije yndustryterreinen ûnstiene ek nije bedriuwen. Nei Saandam hat Wormerveer yn 'e gemeente it grutste tal bedriuwen.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Gemeente Saanstêd | ||
---|---|---|
Stêd: Saandam | ||
Doarpen: Assendelft • Koog aan de Zaan • Krommenie • Westknollendam • Westsaan • Wormerveer • Zaandijk | ||
Buert: Saanske Skâns | ||
· · |