West-Frânsje, it Westfrankyske Ryk of it West-Frankenlân (Latyn: Francia Occidentalis) of it Keninkryk fan de Westfranken (Latyn: regnum Francorum occidentalium) wie in eardere Jeropeeske steat. It ûntstie yn 843, doe't by it ferdrach fan Ferdun it Karolingyske Ryk, dat hearske waard troch Germaanske Franken, yn sawat trije likense parten ferdield waard oer de trije soannen fan kening Loadewyk de Fromme. Karel de Keale waard de earste kening fan it westlike part. It keninkryk West-Frânsje leit oan de grûnslach fan it Frânske keninkryk dat oant de Frânske Revolúsje bestie en dêr't it moderne lân Frankryk út fuortkommen is.

Keninkryk fan de Westfranken
Francia occidentalis
0843-987
geografyske lokaasje
polityk
haadstêd Parys
offisjele taal Galloromaansk
Latyn
steatsfoarm keninkryk
ûntstien út Frankyske Ryk
opgien yn Keninkryk Frankryk
no diel fan Belgje
Frankryk
Spanje
bykommende ynformaasje
muntienheid Denier
West-Frânsje (griis kleurd) by de oprjochting yn 843

West-Frânsje rûn fierder nei it suden ta as it hjoeddeiske Frankryk, mar it rûn net sa fier nei it easten ta as hjoed-de-dei. By West-Frânsje hearden net de lettere Frânske gebiten lykas Loataringen, Boergonje, de Elzas en de Provâns yn it easten en súdeasten. Lykwols yn de tsiende iuw waard de macht fan de keningen yn it Westfrankyske keninkryk beheind en krigen pleatslike lienmannen en hearskers mear macht. Yn dy snuorje fûnen der in soad tsierderijen plak tusken de pleatslike hearskers, dy't in soad autonomy krigen, mei of tsjin de kroan en gauris mei stipe fan bûtelânske ynfallen. Normandje waard bygelyks yn lien jûn oan Wytsingen ûnder Rollo, earst as greefskip en letter as hartochdom, as betingst dat hja it keninkryk ferdigenje soene tsjin ynfallen fan harren eigen folk. Yn Brittanje en Kataloanje hie de macht fan de Westfrankyske kening hast gjin effekt. De Westfrankyske keningen waarden keazen troch sekulêre en tsjerklike lju dy't in soad ynfloed hiene. Yn it tiidrek tusken 888 en 936 waarden keningen keazen, dy't of fan it Karolingyske of fan it Robertynske Hûs wiene. Yn dy tiid waard de macht fan de kening hieltyd swakker en dy fan de pleatslike hartoggen en eallju waarden machtiger yn harren gebieten dy't sa goed as ûnôfhinklik waarden. De Robertinen, nei't dy greven fan Parys en hartoggen fan Frankryk waarden, waarden sels keningen en stiften yn 987 it Hûs fan de Kapetingers. Dy snuorje wurdt sjoen as it stadichoan úteinsetten fan it Keninkryk Frankryk.

Untstean en grinzen

bewurkje seksje

Nei trije jier boargerkriich, dy't ûntstie nei it ferstjerren fan keizer Loadewyk de Fromme op 20 juny 840, waard yn augustus 843 it Ferdrach fan Verdun tusken syn trije soannen tekene. De jongste soan, Karel de Keale krige West-Frânsje, wylst syn âldste broer Lotarius Midden-Frânsje en de keizerstitel krige, en syn oare broer Loadewyk de Dútser krige East-Frânsje.

Nei it ferstjerren fan kening Pepyn I fan Akwitaanje yn desimber fan 838, waard syn soan troch de Akwitaanske eallju erkend as kening Pepyn II fan Akwitaanje, mar waard lykwols net troch de keizer erkend. Karel de Keale rekke daliks by it begjin fan syn hearskjen yn 840 yn kriich mei Pepyn II, want it Ferdrach fan Verdun erkende Pepyn syn easken net, en joech Akwitaanje oan Karel. Nei in stikmannich militêre ferliezen, tekene Karel yn juny fan 845 it Ferdrach fan Benoît-sur-Loire en erkende er de hearskippy fan syn omkesizzer oer Akwitaanje. Dat ferdrach wie lykwols jildich oant 25 maart 848, doe't Akwitaanske eallju Karel as harren kening erkenden. Dêrtroch krigen de legers fan Karel de oermacht en wisten yn 849 it grutste part fan Akwitaanje te oermasterjen. Yn maaie liet Karel himsels yn Orléans kroane ta "Kening fan de Franken en Akwitaanjers". By it Ferdrach fan Meerssen yn 870 krige West-Frânsje it westlike part fan Loataringen. Yn 875 waard Karel de Keale ta keizer fan Rome kroand.

Under Karel de Grouwe

bewurkje seksje

Nei it ferstjerren fan Karel de Keale syn pakesizzer, Karloman II, op 12 desimber 884, keazen de Westfrankyske eallju syn efterneef Karel de Grouwe, dy't doe al kening fan East-Frânsje en it Keninkryk Itaalje wie, as harren kening. Hy waard nei alle gedachten kroand ta "Kening yn Galje" (rex in Gallia) op 20 maaie 885 yn Grand. Hy wie de iennnige hearsker, dy't nei it ferstjerren fan Loadewyk de Fromme, oer it gânse Frankyske Ryk hearske. Nei alle gedachten joech er, as kening fan de Westfranken, Alan I fan Brittanje de keninklike titel oer it heal ûnôfhinklike Brittanje. Troch syn swakke optreden tsjin de oanfallen troch de Wytsingen by it Belis fan Parys, rûn syn populariteit tebek. Yn novimber 887 kaam syn omkesizzer Arnulf fan Karintje yn opstân en dy neamde himsels kening fan de Eastfranken. Karel stapte op en ferstoar al rillegau op 13 jannewaris 888.

Hartoch Ranulf II fan Akwitaanje ropte himsels út as kening dêre, mar ferstoar lykwols twa jier letter. Akwitaanje waard lykwols net in eigen keninkryk, mar it lei almeast bûten de macht fan de Westfrankyske keningen. Odo, greve fan Parys, waard de folgjende moanne troch de eallju keazen ta de nije kening fan West-Frânsje. Op dat stuit bestie West-Frânsje winliken út Neustrje en it Frankyske thúslân (Austraasje), dat de krite tusken de rivieren de Maas en Seine wie.

Nei 870 waard de Lotaringyske ealman Robert de Sterke hieltyd machtiger doe't er greve fan Anjou, Touraine en Maine wie. Robert syn broer Hugo, de abt fan Saint-Denis, krige fan Karel de Keale de macht oer Austraasje. Robert syn soan Odo, greve fan Parys, waard yn 888 ta kening keazen. Odo syn broer Robert I hearske tusken 922 en 923 en waard opfolge troch Rudolf, dy't hearske fan 923 oant 936. Hugo de Grutte, de soan fan Robert I, krige de titel "hartoch fan de Franken" troch kening Loadewyk IV. Yn 987 waard syn soan Hugo Kapet ta kening keazen en doe sette it Hûs fan de Kapetingers útein. Op dat stuit rûn harren macht winliken net fierder as Île-de-France.

Opkomst fan de hartoggen

bewurkje seksje
 
De macht fan de Karolingen (giel) is al tige krompen yn de tsiende iuw
 
Keninklik gebiet (pears) oan 'e ein fan de 10e iuw

Bûten de âlde Frankyske gebieten en yn it suden, waarden de pleatslike eallju sa goed as ûnôfhinklik, benammen nei 887 doe't de hartochdommen Boergonje, Akwitaanje, Brittanje, Gaskonje, Normandje, Sjampanje en it greefskip Flaanderen foarme waarden.

De macht fan de keningen waard hieltyd minder. Hja krigen swierrichheden om de oanfallen fan de Wytsingen ôf te slaan allyk de hieltyd machtiger wurdende pleatslike eallju, dy't, yn plak fan troch de kening beneamd te wurden, erflike hearskers waarden. Yn 877 kroande Boso fan Povâns, de sweager fan Karel de Keale, himsels as kening fan Boergonje en Provâns. Syn soan Loadewyk de Bline waard kening fan Provâns fan 890 ôf en keizer tusken 901 en 905. Rudolf II fan Boergonje foarme yn 933 it Keninkryk fan Arles.

Karel de Ienfâldige

bewurkje seksje

Nei it ferstjerren fan de lêste Karolingyske kening fan East-Frânsje, Loadewyk it Bern, yn 911 keas Loataringen de kant fan de Westfrankyske kening Karel de Ienfâldige. Nei 911 heake it Stamhartochdom Swaben de Elzas ta syn gebiet en rûn dus fierder nei it westen ta. Boudewyn II fan Flaanderen krige nei de dea fan Odo yn 898 hieltyd mear macht en naam Boulogne en Ternois fan Karel. It gebiet dêr't de kening winliken de macht oer hie kromp algeduerigen en waard beheind ta it gebiet tusken Normandje en de rivier de Loire. It Keninklike Hof wie ornaris yn Reims of Laon.

Noarmannen setten útein mei it delsetten yn Normandje en fan 919 ôf foelen de Magyaren gauris oan. Mei it weifallen fan in sterke keninklike macht, waarden de ynfallers troch pleatslike eallju ferslein sa as bygelyks troch Richard I fan Boergonje en Robert fan Neustrje, dy't de lieder fan de Wytsingen Rollo by Chartres fersloech. De driging fan de Wytsingen hold op doe't yn 924 en 926 it lêste Denejild betelle waard. Beide eallju kearden harren tsjin Karel de Ienfâldige en setten him yn 922 ôf. Hja keazen Robert I as de nije kening. Nei't Robert yn 923 ferstoar, keazen de eallju Rudolf as kening en se holden Karel finzen oant er yn 929 ferstoar. Nei it regear fan Karel de Ienfâldige begûnen de pleatslike hartoggen harren eigen muntienheden te brûken.

Kening Rudolf waard holpen troch syn broer Hugo de Swarte en de soan fa Robert I, Hugo de Grutte. De hartoggen fan Normandje wegeren Rudolf te erkennen oant 933. De kening moast ek mei in leger nei it suden en twing erkenning fan de súdlike eallju, wylst de greve fan Barseloana himsels derbûten wist te hâlden.

Nei 925 moast Rudolf optrede tsjin de rebûlje fan greve Herbert II fan Vermandois, dy't holpen waard troch de keningen Hindrik de Fûgelder en Otto I fan East-Frânsje. Syn rebûlje duorre oant syn dea yn 943.

Kening Loadewyk IV en hartoch Hugo de Grutte wiene troud mei susters fan de Eastfrankyske kening Otto I, dy't nei de dea fan harren mannen, it regintskip útoefene oer de Karolingyske en Robertynske hearskippij mei harren broer Bruno de Grutte, aartsbiskop fan Keulen.

Nei de oerwinnings fan Herbert II, waard Loadewyk befrijd mei de help fan guon eallju en Otto I. Yn 942 joech Loadewyk Loataringen oer oan Otto I. Tsierderij om de súksesje yn Normandje late ta in nije kriich, dêr't Loadewyk ferret waard troch Hugo de Grutte en finzennaam waard troch de Deenske prins Harald, dy't him letter oan Hugo joech, dy't de kening frij liet, nei't er de stêd Laon krige as kompensaasje.

Yn 954 krige de doe 13-jierige Lotarius alle gebieten fan syn heit. Dy wiene op dit stuit al sa lyts, sa't de Karolingyske tradysje en ferdiel de gebieten oer de soannen net mear tapast waard. Syn broer Karel krige dus neat. Yn 966 boaske Lotarius mei Emma, dy't de styfdochter fan syn pake Otto I wie. Nettsjinsteande foel Lotarius yn 978 de âlde keizerlike stêd Aken oan. Otto II naam wraak en foel Parys oan, mar waard ferslein troch in alliânsje fan troepen fan Lotarius en eallju en de frede waard yn 980 sletten.

Lotarius wist syn macht te fergrutsjen, mar dat waard tebekset troch it folwoeksen wurden fan Hugo Kapet, dy't nije alliânsjes mei eallju foarme en dy't letter sels ta kening keazen waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.