Weidum
Weidum is in doarp yn de gemeente Ljouwert.
Weidum | ||
Doarpssicht | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Ljouwert | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 545 (2022) [1] | |
Oerflak | 5,60 km² werfan lân: 5,48 km² werfan wetter 0,12 km² | |
Befolkingsticht. | 100 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 53° 08' N 5° 44' E | |
Offisjele webside | ||
www.weidum.eu | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeIt doarp ûnstie oan de westlike Middelseedyk op in terp, dy't foar it grutste part ôfgroeven is. Op wat dêr noch fan oer is stiet de 13e-iuwske Jehannestsjerke en de bebouwing fan de Lytse- en Grutte Buorren.
Yn de 13e iuw en yn 1329 waard it doarp as 'Wedum' skreaun, yn 1402 as 'Weydem' en yn 1427 wer as 'Wedum'. Sûnt 1386 wurdt it doarp lykwols jimmeroan faker as Weydum skreaun. De plaknamme is in datyf meartalfoarm fan it elemint 'Wede' (greide).[2]
Weidum makke oant 1984 diel út fan de gemeente Baarderadiel, dy't opgyng yn de doe oprjochte gemeente Littenseradiel. Sûnt 1 jannewaris 2018 falt Weidum ûnder de gemeente Ljouwert.
It wapen fan Weidum
bewurkje seksjeDe trepgevels yn it wapen ferwize nei de states fan Weidum: Dekema, Hania, Walta, Papma en Wobbema. It blau is ôflaat fan it wapen van de eardere gemeente Baarderadiel, it read fan it wapen fan de famylje Dekema. De stjer en de rút ferwize nei de status fan Weidum as it eardere haadplak fan Baarderadiel. De rút is ek ûnderdiel fan it wapen fan de famylje Walta, mar ferwiist ek nei rjochtspraak om't lang ferlyn it rjochthûs fan 'e gritenij Baarderadiel yn Weidum stie. De leeljes binne ûntliend fan de wapens fan de famyljes Dekema en Hania.[3][4]
Gebouwen
bewurkje seksjeTsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Jehannestsjerke (Weidum).
De Jehannestsjerke giet werom op de 13e iuw. De toer is noch âlder en 12e-iuwsk. It ynterieur is foar it measte 18-iuwsk. De klokken binne yn 1531 en 1626 getten.
Borniastate
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Borniastate.
De Borniastate lei súd fan de tsjerke oan de ein fan de hjoeddeiske Kuperssteech, neist de Papingastate. Foar 1763 waard de state op 'e nij boud. Yn 1768 wenne hjir de riedshear Hamerster en yn 1818 mr. Bernhardus Buma. Yn 1864 is it hûs foar ôfbraak ferkocht en fjouwer jier letter lei it plat. It rjochthoekige terrein is ûnbeboud en noch dúdlik yn it lânskip te werkennen.[5][6]
Dekemastate
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Dekemastate (Weidum).
Earder hie Weidum in úthôf fan it Augustiner kleaster Lúntsjerk. Nei't Frâns Dekema de konversen de stins útjoegen eigen dy it besit him ta. Dekemastate, dat ek wol it Mûntsehûs neamd waard, lei op de hoeke fan de Dekemawei en de Hege Dyk. Dêr't Dekemastate lei, is no de Weidumer iisbaan. De Dekema's wiene in ynfloedrike famylje yn Baarderadiel en wiene faak grytman. De meast bekende Dekema is Piter Dekema west. Nei it útstjerren fan de Dekema's is Dekemastate yn hannen fan ferskate famyljes west. Nei 1815 kaam it yn hannen fan de Fan Beyma's. Dy hawwe der in protte oan dien om Dekemastate net te fersleaukje te litten. In wynhoas op 2 maart 1895 hat in ein oan de state makke. It rêsthûs fan Weidum hat de namme 'Nij Dekema' krige.[7][8]
Domnastate
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Domnastate.
Westlik fan de tsjerke stie tsjin de doarpsterp oan Domnastate. By de state hearde it noch altiten oanwêzige famyljebegraafplak fan de Bumas.[9]. De pleats by it begraafplak foarmet de basis fan it ûnderhâld fan it begraafplak. Sawol it begraafplak as it tagongshek binne oanwiisd as ryksmonumint.[10]
Haniastate
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Haniastate (Weidum).
De Haniastate waard om 1200 boud en grinzge súdlik oan de Dekemastate tusken de Hegedyk 1 en 3. Viglius (Wigle) Hania wenne dêr, dy't yn 1199 mei help fan de konversen fan it kleaster Lúntsjerk de tsjerke fan Weidum boude. Om 1400 wenne dêr Gaele Hania, de boezemfreon fan Sytse Dekema. De grûn fan de state waard nei 1808 by Dekemastate foege. In diel fan it gebou bleau noch oant 1902 stean. [11][12]
Papingastins
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Papingastins (Weidum).
Pappingastins of Papingastate stie besuden de tsjerke, njonken Borniastate. Yn de 16e iuw wennen dêr de Ropta’s. Yn 1570 liet Rinsk van Ropta, dy't troud wie mei Hartman fan Haersma, oan de Weidumer tsjerke 12.000 stiennen nei, dy't levere wurde moasten troch har tichelwurk yn Winsum. Ek de earme widdo's waarden net ferjitten, it hûs dat se yn de tsjerkebuert fan in Yme Foppes kocht hie, wie foar harren ornearre. Om 1700 waard it hûs ôfbrutsen en ferfongen troch in pleats.[13] [14]
Waltastate
bewurkje seksjeDe Waltastate stie skean foar Dekemastate oer. oer de skiednis fan dy state is neat bekend[15][16]
Oars
bewurkje seksjeBy Weidum stean ek de Amerikaanske wynmotor 1 en 2.
Mienskip
bewurkje seksjeWeidum hat in eigen doarpshûs oan de Bornialeane. It pjutteboartersplak hjit It Pjuttekampke. In bekend festival yn Weidum is Roek-Rock dat yn it doarpshûs hâlden waard. Weidum hat in aktyf ferieningslibben, benammen op it mêd fan toaniel, muzyk en sport. In grut evenemint is de jierlikse froulju's PC. Hjir wurdt útmakke wat it bêste froulju's trijtal is.
Tsjerke
bewurkje seksje- PKN-gemeente Westerwert
Skoalle
bewurkje seksje- Iepenbiere basisskoalle 'It Partoer'
Ferienings
bewurkje seksje- Folskdûnsjen 'Mei swier fan de flier'
- Badmintonferiening
- Draversploech Weidum
- Harmonie Weidum - korps út 1898 mei malletband en majorettegroep.
- Keatsferiening 'Nije Kriich'
- Biljert- en kaartclub
- Toanielferiening 'Oefening & Vermaak'
- Begraffenisferiening 'De laatste eer'
- Stichting Folksfermaak Weidum
- Krystbalkommisje
- Iisklup Weidum
- Sjongerij Weidum
- It pleatselik Nut[17]
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 485 | 565 | 581 | 603 | 753 | 620 | 545 |
Berne
bewurkje seksje- Hanso Schotanus à Steringa Idzerda (26 septimber 1885), Nederlânsk radio-pionier.
- Willem Hilbrand van Dobben (1907-1999), ornitolooch, botanikus en lânboukundige
- Sietze de Groot (1917-1983), reedrider
- Jan Kingma (1927-2006), PvdA-politikus en boargemaster
- Hessel Rienks (1932-2014), PvdA-politikus
- Arjen Terpstra (27 july 1948), Frysk skriuwer
- Siebren Miedema (1949), heechlearaar
- Nynke Laverman (14 april 1980), Fryske sjongster en aktrise.
Strjitten
bewurkje seksje- Bornialeane - Borniastate stie oan de súdkant fan de tsjerke, neist Papingastate oan ’e ein fan de hjoeddedeiske Kûperssteech op dêr’t no it platte stik lân fan Fokke Looijenga is tusken Bouma en Papingastata. Heechstwierskynlik is it earste hûs boud yn 1634/35. Borniastate wie, nei’t it hûs efkes foar 1763 opnij boud wie, krekt as Dekemastate, in sieraad foar it dorp. Yn 1864 is it hûs foar ôfbraak ferkocht en fjouwer jier letter waard it mei de grûn gelyk makke.
- Bumaleane - nei de famylje Buma. Opfallend is it grutte tal leden fan dat laach, dat wurksum wie yn it iepenbier bestjoer, by justysje en by de kriichsmacht. Harren grêven binne werom te finen op it famyljetsjerkhôf yn Weidum dat yn ’e winter fan 1825-1826 oanlein is. Nei it ferstjerren fan mr Wiardus Willem Buma in 1873 ûntstie de nei him neamde stúdzybeurs, it Bumalien, dat hjoeddedei noch bestiet. De pacht fan de pleats Domnazathe (Buma-lien) yn Weidum hie njonken de pacht foar it Bumalien ek de soarch foar it ûnderhâld fan it famyljehôf. De strjite Bumaleane is oanlein yn ± 1984.
- De Strûken - Op ‘e Strûken hawwe earder wol 10 wenhuzen stien, dy’t no (hast) allegearre ôfbrutsen binne.
- Dekemawei - De Dekemawei is ferneamd nei it laach Dekema dat fan ± 1200 ôf fan ynfloed west hat yn Weidum sûnt ealman Frâns Dekema de stins en it bestjoer oer Weidum oernaam fan it Lúntsjerkster Kleaster, dêr’t Weidum in úthôf fan wie. Dekemastate lei op ‘e hoeke fan de Dekemawei en de Hegedyk, dêr't no de iisbaan is. Fan âlds wie der allinne in binnenpaad mei in heechhout oer de Swette nei Wurdum, dêr’t je te foet lâns koene. Yn 1789 stie Dekemastate te keap en yn de beskriuwing wurdt de Dekemawei neamd: Voorts aan den Noordkant een mooije plantagie en singel aan de Weijdumer opvaart, strekkende sig Oostwaarts uijt nae het Weijdumerhout, sooverre tot dit hornleger behoorende, Dekemalaan genaamd. In dy tiid moatst men mei hynder en koetske fan Weidum nei Wurdum gâns omride oer Boksum! Doe’t yn 1837 de dyk ferhurde waard ta púndyk en ûntsletten nei de Rykswei, waarden de mooglikheden al grutter. De dyk waard/wurdt ek wol Weidumerdyk neamd. Om’t de kastlein yndertiid wol hurddraverijen útskreau foar gewoane boerehynders ( ‘hynders ûnder de man’) waard de dyk earder ek wol Hurddraversdyk neamd. Op it stik lân yn de hoeke Dekamawei-Wielsterdyk hold men doedestiids altyd de merke. J. van der Tol, âld-ûnderwizer yn Weidum, skreau yn syn stikjes oer Weidum yn 1934: Sa’n hirddraversbaen as to Weidum foun men nearne. Fen it tolhûs (red: no Looijenga) oant de brêge fan Algera (red: no Weidumerhout) laei in dûbele dyk, ta wegen neist elkoar, fan in seadden richel fen mekoar skaet: dat wier de Dekamawei.
- Greate Buorren - Op âlde kaarten is te sjen dat oan de kant fan de terp dêr’t de Greate Buorren leit, it earste boud waard). De Greate Buorren wie it langst en it wichtichst. Foar 1908 stie oan de Greate Buorren it gritenijhûs. De Lytse Buorren wie letter as de Greate Buorren oanlein.
- Hanialeane - ferneamd nei de Haniastate dy’t stie oan de eastkant fan de Hegedyk dêr’t it Sânpaed útkomt op de Hegedyk. Yn 1200 wenne dêr al in Verglius Hania, mar nei 1640 wennen der gjin Hania’s mear. De Hanialeane is nei de oarloch beboud. Foar dy tiid wiene der hast allegearre folkstúntsjes en koe men allinne oer de Skildyk en it Sânpaed Weidum ynkomme.
- Havenspaad - Op it plak fan it Havenspaed wie eartiids in haven. Dêr leine de frachtskippen (û.o. dy fan Tamminga). Doe’t der letter in suvelfabryk wie brochten se bûter nei Ljouwert en namen se turf mei werom. Yn de santiger jierren fan de 20e iuw is de haven ticht smiten.
- Hegedyk - de âlde (heger lizzende) Middelseedyk.
- Idzerdaleane - nei de bekende yngenieur en radiopionier Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda ( 26 septimber 1885 - ? novimber 1944) dy’t, as soan fan húsdokter Henricus Steringa, yn Weidum berne is. Op 6 novimber 1919 om 20.00 oere fersoarge hy de earste radio-útstjoering yn Nederlân foar in algemien publyk. Dat wie boppedat de earste stjoerder op ‘e wrâld mei oankundiging foarôf en regelmjittige útstjoerings. Oan 11 septimber 1924 ta wist hy syn stjoerder mei de ropletters PCGG (Pracht Concerten Gratis Gegeven) yn ‘e loft te hâlden. Troch jildgebrek kaam der in ein oan dy pionierstiid. Wylst naam de Hifertsomske NSF (Nederlânske Seintastellen Fabryk), mei stipe fan Philips, dy’t twa útstjoermêsten by Huizen beskikber stelde, de publike omroptaak oer. Idzerda boude noch wol in stjoerder foar it KNMI. Yn de perioade fan de Twadde Wrâldoarloch hold hy him dwaande mei fersetswurk. Ein 1944 is hy troch de Dútsers deasketten. It oantinken op ‘e hoeke fan de Idzerdaleane is foar syn radiowurk.
- Kinsck van Roptawei - Kinsck van Ropta ( 1508 – 15 july 1581) fan Roptastate te Mitselwier wenne sûnt har houlik mei Sjoerd Andla (16 maaie 1541) op Papingastate. Om´t Kinsck in 1512 har âlden ferlern hie en efterbleau as weesbern en om´t sy sels gjin bern hie, wie se begien mei it lot fan de wezen. Yn 1541 stichte it pear Andla-Van Ropta in weeshûs (it twadde yn Fryslân) op Papingastate by Westernijtsjerk (Ferwerderadiel). Kinsck van Ropta liet oan de Weidumer tsjerke 12.000 stiennen nei fan har tichelwurk yn Winsum om in skoalle te bouwen. Ek de earme widdowen waarden net fergetten, want it hûs dat sy yn de tjerkebuorren ( no de Kûperssteech) kocht wie foar harren ornearre. Kinsck van Ropta is, lykas har earste en twadde man, begroeven yn de tsjerke van Weidum. It weeshûsfûns bestiet noch.
- Kûperssteech -
- Lytse Buorren - Op âlde kaarten is te sjen dat oan de kant fan de terp dêr’t de Greate Buorren leit, it earste boud waard). De Grutte Buorren wie it langst en it wichtichst. Foar 1908 stie oan de Greate Buorren it gritenijhûs. De Lytse Buorren wie letter as de Grutte Buorren oanlein.
- Sânpaed -Eartiids wie it Sânpaed yndied in sânpaad. Om 1910 hinne waard it ferhurde mei strjitstiennen. It Sânpaed rûn eartiids ôf in heechhout rjochttroch nei it westen ta, mear op ‘e pleats fan Swierstra oan. Yn 1940 is dat sa feroare dat er rjocht foar de Grutte Buorren útkaam mei in fêste brêge, allinne foar fytsers. Yn de jierren santich is de haven tichtsmiten. De brêge koe doe ferfalle en de strjitte waard rjochtlutsen nei de Grutte Buorren.
- Skildyk - wie eartiids in skilpaadsje. Wannear’t it ferhurde is, is net bekend. De Skildyk wie earst de ienichste tagongswei foar auto’s nei de buorren: de brêge oer de haven wie te smel en Hanialeane bestie noch net.
- Wielsterdyk - In wiel is in wetterkolk of in troch in dyktrochbraak ûntstiene wetterpoel of lytse mar. Men tinkt oan in dyktrochbraak op it plak fan it Wiel: in kear is der in nortonput slein is by it súvelfabryk (in pear jier foar de sluting). Yn it fabrykskrantsje it Fabrieksluid stie fermeld dat oan de opbou fan de útkommende modder te sjen wie dat der in trochbraak west hie. Oannommen wurdt dat de dyk oait trochbrutsen is en dat dêrnei de dyk ferlein waard. Op sommige kaartsjes soest sjen kinne dat de dyk net rjochttroch rint.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ljouwert | ||
---|---|---|
Stêd: Ljouwert | ||
Doarpen en útbuorrens: Alde Leie • Baard • Bears • Britsum • Eagum • Easterlittens • Feinsum • Friens • Goutum • Grou • Idaerd • Hijum • Hilaard • Himpens • Húns • Jellum • Jelsum • Jirnsum • Jorwert • Koarnjum • Lekkum • Leons • Mantgum • Miedum • Reduzum • Snakkerbuorren • Stiens • Swichum • Tearns • Warstiens • Warten • Weidum • Wergea • Wytgaard • Wurdum | ||
Buorskippen: Abbenwier • Aldskou (foar in part) • Angwier • Baarderbuorren • Bartlehiem (foar in part) • Buerstermûne (foar in part) • Domwier • Finsterbuorren • Fjouwerhûs • Fûns • Goattum • Hesens • De Him • Hoek • It Hoflân • Hoptille • Marwert • Midsbuorren • Naarderbuorren • Noardein • Poelhuzen • Rewert (foar in part) • Skillaerd • Skrins • Suderbuorren • Suorein • It Tichelwurk • De Trije Romers • Truerd • Tsienserbuorren • Tsjaard • Tsjeintgum • Wammert • Westerbuorren • Wielstersyl • Wieuwens | ||
· · |