Warnen
De Warnen (of Varni) wienen in Germaanske stam, besibbe oan de Saksen, dy't oarspronklik op it Eastsee-eilân Öland libbe hawwe.
Tidens de Grutte Folkeferfarren loek it grutste part fan de Warnen al gauris súdlik nei de gebieten oan de útrin fan de Oder en dêrnei stadichoan fierder nei it tsjintwurdige Neder-Sileezje. Der wienen ek Warnen dy't harren fêstigen yn it hjoeddeiske Mecklenburch.
Lykswols binne der ek bewiizen dat in oar part fan de Warnen noch fierder nei it westen ta loek. Yn in brief fan Durk de Grutte út 507 kinne wy lêze dat de Warnen om dizze tiid hinne oan de mûning fan de Ryn wennen. Likernôch 540 skreau de Byzantynske skriuwer Prokopius dat Angelen út Brittanje en Warnen slach levere hawwe yn de delta fan de Ryn. Oare boarnen hawwe it oer in Warnysk Ryk op de noardouwer fan de Ryn oan de ein fan de 5e iuw. Dat ryk soe troch Franken of Friezen ferneatige wurde.
Yn de annalen fan de Frankyske Merovingen wurde healwei de 6e iuw twa persoanen fan de Warnenelite by namme neamd: kening Hermegis en syn soan Radegis, dy't efterelkoar de Frankyske prinses Teudegilde († foar 579), dochter fan kening Teuderik I trouden.
Yn de 9e iuw waarden der ek Warnen oan de Oder ûnderwurpen troch de Franken. Dêrnei ferdwine sy foar altiten út de skiednis. Mooglik binne dielen assimilearre mei de Slaven, wêrnei't sy harren de Varnabi neamden.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- [1]
- Kroniek van Nederland (ISBN 90-10-05932-4)
Germaanske folken | feroarje |
---|---|
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen |