Vlagtwedde (plak)

(Trochferwiisd fan Vlagtwedde)

Vlagtwedde is in doarp yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It doarp wie oant 1889 it haadplak fan de eardere gemeente Vlagtwedde. Under it doarp Vlagtwedde falle ek de buorskippen Ellersinghuizen, Harpel, Hebrecht, Jipsinghuizen (foar in part), Oud Veele, Plaggenborg, Poldert, Renneborg, Veele, Vlagtwedder-Barlage, Vlagtwedder-Veldhuis, Weende, Weenderveld, Weite, Wollinghuizen en in lyts part fan de buorskip Rhederveld. It doarp en de 16 buorskippen hawwe meiïnoar 3.125 ynwenners.

Vlagtwedde (plak)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Westerwâlde
Sifers
Ynwennertal 3.125 (1 jannewaris 2019)
Oar
Tiidsône UTC 1
Simmertiid UTC 2
Koördinaten 53°2′ NB 7°7′ EL
De tsjerke fan Vlagtwedde
Dizze side giet oer it doarp Vlagtwedde. Foar de eardere gemeente Vlagtwedde, sjoch: Vlagtwedde (gemeente).

Vlagtwedde ûntstie op ien fan de sânrêgen dy't yn it eardere Boertanger Fean lei. De hjoeddeistige tsjerke komt út de trettjinde iuw en komt foar op de list fan tsjerken fan de Abdij fan Corvey. Vlagtwedde wie ien fan de fiif karspels fan it gebiet Westerwâlde.

Yn 1811 waard Vlagtwedde in gemeente doe't der gemeenten op it plattelân ynfierd waarden. Yn 1822 waard dy gemeente gearfoege mei Bourtange ta in nije gemeente Vlagtwedde. Om't Sellingen mear sintraal yn de gemeente lei, waard it gemeentehûs nei dat doarp ferhuze. Yn 2018 waard de gemeente Vlagtwedde mei de gemeente Bellingwedde gearfoege ta de nije gemeente Westerwâlde.

Foarsjennings

bewurkje seksje

It doarp Vlagtwedde hat in sintrumfunksje foar it middelste part fan de gemeente. It hat twa basisskoallen: de iepenbiere basisskoalle De Clockeslach en de kristlike basisskoalle De Zaaier. Dy binne sûnt 2008 yn it multifunksjonele sintrum 't Aambeeld fêstige, tegearre mei in muzykskoalle, in stifting en pjutteboatersplak 't Hummelhoeske.

It doarp hat in grut winkeloanbod en der binne inkelde kroegen, in diskoteek en ferskate restaurants.

Tichteby it doarp leit it rekreaasjepark Parc Emslandermeer, mei in haven, in oerdutsen swimbad en in golfbaan.

Berne yn Vlagtwedde

bewurkje seksje

Ferneamde ynwenners

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  Westerwâlde  
Doarpen:
AgodorpBarnflairBellingwoldeBlijhamBourtangeJipsingboertangeLyts-UlsdaMorigeAldeskânsOver de DijkRhederbrugSellingenTer ApelTer ApelkanaalVeelerveenVlagtweddeVrieschelooWedderheideWeddeWedderveerZandberg
Buorskippen:
AbeltjeshuisBakovensmeeBorgertangeBorgerveldBurgemeester BeinsdorpDe BruilDe BultDen HamEllersinghuizenHanetangeHarpelHasseberchHebrecht't HeemHoornHoornderveenJipsingboermusselJipsinghuizenKoudehoekLammerwegLaudeLauderbeetseLaudermarkeLauderzwarteveenLeemdobbenDe LetheLutjelooDe MatenMunnekemoerOverdiepPallertPlaggenborgPoldertRenneborgRhederveldRijsdamRoelage't SchotSellingerbeetseSellingerzwarteveenSleggeStakenborgStobbenTer BorgTer HaarTer WalslageTer WischTjabbesstreekVeeleVeerste VeldhuisVlagtwedder-BarlageVlagtwedder-VeldhuisWeendeWeenderveldWeiteWessingtangeWesteindWollingboermarkeWollinghuizenWynskoaterhegebrêgeZuidveldSânwykZethuisZuiderburen
Wetter:
B.L. TijdenskanaalMussel-AaMussel-Aa-kanaalRuiten AaRuiten-Aa-kanaalTer ApelkanaalWesterwâldske Aa
  ·   ·