Vickers Wellington
Vickers Wellington | |
---|---|
Rol | Bommesmiter |
Makker | Vickers |
Earste flecht | 15 juny 1936 |
Yn tsjinst | Oktober 1938 |
Ut tsjinst | Maart 1953 |
Tal makke | 11.461 (1936-1945) |
Brûkers | Royal Air Force, Royal Canadian Air Force, Fleet Air Arm, Poalske Loftmacht |
Farianten | Vickers Warwick, Vickers VC.1 Viking |
De Vickers Wellington wie in Britske twa-motorige, middelgrutte, lange-ôfstân bommesmiter dy't, mids jierren 30, ûntwurpen waard by Brooklands yn Weybridge yn Surrey, troch Vickers-Armstrongs haadûntwerper, R.K. Pierson. It tastel waard yn de earste jierren fan de Twadde Wrâldoarloch in soad brûkt as nachtbommesmter. Hy waard letter ferfongen troch swiere fjouwer-motorige bommewerpers sa as de Avro Lancaster en de Handley Page Halifax en foar in part troch de B-25 Mitchell (1943).
De Wellington waard wol de hiele oarloch troch ynset foar oare taken, sa as lesfleanmasjine en radarfleanmasjine, mar fral as in anti-dûkboat bestrider by de Kustwacht (Coastal Command). It wie ek de ienichste bommewerper dy't de hiele oarloch troch makke bleaun is. De Wellington wie bekend ûnder de poppenamme Wimpy, neamd nei J. Wellington Wimpy út de Popeye tekentelsjes.
De Wellington hie in saneamde geodesyske konstruksje fan aluminium spanten dy't him tige sterk makke en in soad skea ferneare koe. Untwerper Barnes Wallis, ynspirearre troch de loftskipbou, paste dy konstruksje earder ta op de Vickers Wellesley, in lichte bommewerper fan foar de oarloch.
De Wellington wie ien fan de twa bommewerpers dy't neamd is nei Arthur Wellesley, 1e Hartoch fan Wellington de oare is de Vickers Wellesley. Der binne yn totaal 16 farianten fan de Wellington produsearre.
Technyske feiten (B.Mk.III)
bewurkje seksje- Motoren: 2 x Bristol Hercules-XI-stjermotoren fan 1500 HK (1119KW) it stik
- Spanwiidte: 26,26 m
- Lingte: 18,54 m
- Hichte: 5,31 m
- Leechgewicht: 8.417 kg
- Fleangewicht: 13.381 kg
- Bemanning: 6
- Grutste faasje: 410 km/o op 3.810 m
- Tsjinstfleanhichte: 5790 m
- Fleanberik: 2.478 km
- Bewapening: 2 x Browning M1919 MGn, kaliber .303 (Britsk) (7,7 mm), 4x 7,7-mm-MG yn de sturt, 2x 7,7-mm-MG wjerskanten romp, oant 2.041 kg bommen ynwindich
Technyske feiten (Mk.X)
bewurkje seksje- Motoren: 2 x Bristol Hercules VII/XVI 14-silinder-dûbbelstjermotor fan 1585 HK it stik
- Spanwiidte: 26,30 m
- Lingte: 19,70 m
- Heech: 5,35 m
- Leechgewicht: 11.500 kg
- Fleangewicht: 14.300 kg
- Bemanning: 6
- Grutste faasje: 408 km/o
- Tsjinstfleanhichte: 7325 m
- Fleanberik: 2125 km
- Bewapening: seis x 7,7 mm Browning MGn; Bommelading maks. 2720 kg
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Wellington bemannings en harren ûnderfinings
- Wellingtons of 26 Squadron SAAF Wellingtons flein yn WWII troch it 26 Squadron SAAF yn Takoradi, Goudkust, West-Afrika as dûkboatbestriders.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Category:Vickers Wellington fan Wikimedia Commons. |