Ventspils
Ventspils (útsprutsen: ˈvæntspils, Russysk: Вентспилс; Dútsk: Windau; Poalsk: Windawa; Lyflânsk: Vǟnta) is in stêd yn it noardwesten fan Letlân oan de kust fan de Eastsee mei 431.998 ynwenners (2012). It is neamd nei de rivier de Venta dy der trochhinne streamt.
Ventspils | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Gemeente | Stêdsgewest Ventspils |
Sifers | |
Ynwennertal | 32.948↓ (2023) |
Oerflak | 55,4 km² |
Befolkingstichtens | 570/km² |
Oar | |
Stifting | 1290 |
Tiidsône | UTC 2 |
Simmertiid | UTC 3 |
Koördinaten | 57° 23´N 21° 34´W |
Webside | www.ventspils.lv |
Ventspils ûntjoech him op it plak fan in kastiel fan de Lyflânske Oarder, foar it earst neamd yn 1290. Yn 1314 sleat it him oan by de Hânze, in wichtich ekonomysk gearwurkingsferbân.
Ventspils hat in wichtige iisfrije Eastseehaven. Grutte mannichten oalje en oare mineralen út Ruslân wurde der ferskippe. Hjirtroch is it de rykste stêd fan Letlân.
De stêd hat in universiteit, de Ventpils Augstskola, en it meast suksesfolle basketbalteam fan Letlân, BK Ventspils.
Tritich kilometer benoarden de stêd, by it doarpke Irbene, leit de âld-Sowjet radio-astromomyske ynstallaasje VIRAC (Ventspils Starptautiskais Radioastronomijas Centrs of Ventspils International Radio Astronomy Centre). It bestean fan dat sintrum wie foar de measte Letten geheim oant it ferdwinen fan de Russyske militêren yn 1994.
Ventspils Airport, ien fan de trije ynternasjonale fleanfjilden yn Letlân leit tichteby de stêd. Fanút Ventspils binne der fearferbinings mei Stockholm en it eilân Saaremaa fan Estlân.
Keppeling om utens
bewurkje seksje- Offisjele webside
- Ventspils Universiteit
- Ventspils International Radio Astronomy Centrum
- Basketbal Klub Ventspils
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Ventspils fan Wikimedia Commons. |