Uskwert (Nederlânsk: Usquert) is in plak yn de gemeente It Hegelân, yn de provinsje Grinslân.

Uskwert
De herfoarme tsjerke fan Uskwert
De herfoarme tsjerke fan Uskwert
Emblemen
                 
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente It Hegelân
Sifers
Ynwennertal 1.390 (2023) [1]
Oerflak 27,34 km²
dêrfan lân: 27,21 km²
dêrfan wetter: 0,13 km²
Befolkingsticht. 51 ynw. / km²
Oar
Tiidsône UTC 1
Simmertiid UTC 2
Koördinaten 53° 24' N 6° 36' E
Kaart
Uskwert (Grinslân)
Uskwert

Foar 1990 wie Uskwert it haadplak fan de gemeente mei deselde namme. Dat jier is it mei Warffum, Kantens en Hefshuzen opgien yn de gemeente dy't Iemsmûn hiet. Sûnt 1 jannewaris 2019 is Uskwert by de doe foarme gemeente It Hegelân yndield.

Uskwert is it meast noardlike plak fan de rige wieren Westerwytwert, Middelstum, Toarnwert, Kantens, Eelswert, Rottum, Helwert, Kleasterwytwert en Uskwert, allegear op de eastlike igge fan de eardere Fivelboezem. It doarp wurdt fernijd yn de libbensbeskriuwing fan Liudger. Der is dan al in oratoarium, in kapel. Letter wie Uskwert seendtsjerke fan in proasdij.

Benoarden it doarp leit de Noardpolder mei it haventsje fan Noardpoldersyl. De skippen dy't dêr thús hearre, hawwe de letterkoade UQ (nei it Nederlânk: Usquert).

It eardere riedhûs fan Uskwert is yn 1930 boud troch Berlage yn de styl fan it rasjonalisme en is in ryksmonumint. It hat in toer mei twa klokken. Al by de bou fan de toer die bliken dat er net oan de estetyske easken foldie. Dit soe oplost wurde troch de toer wat heger te meitsjen. De oannimmer begrutte de ekstra kosten op fl. 1200,-. De gemeenteried fan Uskwert woe lykwols net ta de bûse en Berlage hat dit bedrach doe mar út eigen beurs beskikber steld.[2] De Feriening Hendrick de Keyser is sûnt 1990 eigner fan it pân. Yn 1991 waard it restaurearre.

De nôt- en pelmole Eva stamt oarspronklik út 1818 en is nei in brân op 'en nij boud.

Justjes bewesten Uskwert rint de Uskwertermear.

Eardere gemeente

bewurkje seksje

De gemeente Uskwert bestie oant 1990 neist it haaddoarp út de doarpen en buorskippen: 't Bosk, De Streek, Noardpoldersyl, Waadwert en Westerhoarn.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Alle Cijfers
  2. Katalogus fan de útstalling Het Raadhuis van Berlage in Usquert. Grinzer Museum, Grins, 26.1-25.2.80
  It Hegelân  
Doarpen:
AdorpDen AndelBafloBedumEenrumEppenhuizenHornhuizenHouwerzijlKantensKleine HuisjesKloosterburenLauwerseachLiensMensingeweerRiichNiekerkNoardwâldeAldesylOnderdendamEasteinOosternielandPiterbuorrenRaskwertRoodeschoolRottumSaaxumhuizenSâltkampSauwerdStartenhuizen (foar in part)StitswertSúdwâldeTinallingeUithuizenUithuizermeedenUitwierdeUlrumUskwertVierhuizenWarffumWarfhuzenWehe-den HoornWesterdijkshornWesternielandWetsingeWinsumZandeweerZuurdijk
Buorskippen:
1e Nijhoezen2e Nijhoezen't Aagt't Lage van de Weg't Houweel't Stort't WildeveldAbbeweerAldedykAlinghuizenArwerdBarnegatenBellingeweerBethlehemBeusumBokumBreedeBroekDe DingenDe HoogteDe HornDe HouwDe RakenDe StreekDe VennenDen HanderDen HaverDeikumDoodstilDouwenDuisterwinkelEelswerdElensEllerhuizenErnstheemEwerFalomFlydoarpGriissleatGroot MaarslagDe HaarHammelandHarssensHefswalHekkumHelwerdHeuvelderijHiddingezijlHolwindeIemshavenKaakhornKatershornKattenburgKleiKlein GarnwerdKlein MaarslagKolhamKoningslaagteKoningsoordDe KnijpKruiswegLienstertillenLutje MarneLutje SaaksumLutjewolde (foar in part)MaarhuizenMenkeweerMenneweerMidhalmNijenkloosterNoordpolderNoardpoldersylObergumOldenzijlOldorpOnderwierumOosterhornOosterhuizen (Eenrum)Oosterhuizen (Súdwâlde)OudeschipPaapstilPanserPlattenburgPolen (foar in part)RanumReidlandRoodehaanSchapehalsSchaphalsterzijlSchilligehamSkouwenSkouwersylSint AnnerhuisjesTakkebosTer LaanTijumValcumWaadwertWalsweerWesterhorn (De Marne)WesterhornWesterkloosterWestpolderWierhuizenWierumWillemsstreekZevenhuizen
Eardere buorskippen:
Het BultjeDe HuchtMidhuizen
Wetter:
BroekstermaarDeltheGrutte TsjarytHoornse VaartHouwersylsterfeartHulpkanaal om ObergumHunzegoakanaalKoksmaarKromme RakenOude DiepjeRyddjipStitswerdermaar
  ·   ·