Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske
De Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske is in ferklearring dy't oannommen is troch de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes (A/RES/217, 10 desimber 1948), om de grûnrjochten fan de minske te beskriuwen. It earste ûntwerp wie fan John Peters Humphrey.
Nettsjinsteande dat it gjin binende ferklearring is, is hy wol brûkt as basis foar twa binende FN ferdraggen foar de minskerjochten, nammentlik it Ynternasjonaal ferdrach oangeande boargerrjochten en politike rjochten en it Ynternasjonaal ferdrach oangeande ekonomyske, sosjale en kulturele rjochten. De Universele ferklearring fan de rjochten fan de minske wurdt noch altyd in soad brûkt troch wittenskippers, abbekaten en grûnwetlike rjochtbanken.
Keppeling om utens
bewurkje seksje De folseine tekst op Wikiboarne as Universele ferklearring fan de rjochten fan de minske.