Twellingea is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, krekt súdeast fan Snits. De ynwenners fan Twellingea neame harren doarp ek wol Twellegea.

Twellingea
Doarpssicht
Doarpssicht
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Súdwest Fryslân
Sifers
Ynwennertal 405 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 5,54 km²
werfan lân: 4,30 km²
werfan wetter 1,24 km²
Befolkingsticht. 94 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC 1
Simmertiid UTC 2
Koördinaten 53° 00' N 5° 42' E
Offisjele webside
topentwelonline.nl
Kaart
Twellingea (Fryslân)
Twellingea

Twellingea hat 405 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.

It doarp, dat oan it Ges en de Easterbrêgesleat leit, foarmet tegearre mei Toppenhuzen it twillingdoarp 'Top en Twel'. Oan de súdkant fan it doarp leit it Prinses Margrietkanaal, it Ges jout it doarp ferbining mei de Houkesleat. Fia Toppenhuzen hat it doarp oer de wei ferbining mei Snits. De lizzing oan it wetter, ticht by de Snitser Mar, makket it doarp geskikt foar de wettersport.

 
Prinses Margrytkanaal by Twellingea

It doarp ûntstie as in wetterdoarp dat bewenne waard troch boeren. Lang bleau ien paad de ferbining oer it lân en foar de rest moast alles oer it wetter barre.

Nei it oanlizzen fan in dyk yn 1866-1868 ûntwikkele Twellegea him net lykas Toppenhuzen as in lintdoarp. De doarpskearn bleau op it wetter rjochte. Yn it suden fan it doarpsgebiet lei súdlik fan de Easterbrêgesleat de buorskip it Súdein, dat him nei de oanlis fan de dyk letter wol as in lint ûntwikkele.

Nei de Twadde Wrâldkriich ûnstie der groei fan it doarp en stadichoan groeide Twellegea oan Toppenhuzen fêst. Troch de oanlis fan it Prinses Margrietkanaal waard it Súdein midstwa snien yn in Lyts Súdein en it Greate Súdein. Yn de twadde helte fan de 20e iuw waard Twellegea in echt wettersportplak.

Oant 2011 lei Twellingea yn de eardere gemeente Wymbritseradiel.

States en stinzen

bewurkje seksje

Yn de omkriten fan Top en Twel wennen yn de lette midsiuwen de haadlingenfamyljes Bonninga, Reinarda en Sjaerda en hienen sadwaande ek hege funksjes. De famylje Reinarda wenne op Reinardastate. Ien fan de Bonninga’s wie troud mei in Reinarda en lettter binne de Sjaerda’s ek wer oan de Bonninga’s lieard. Dat wie yn de tiid fan de Skieringers en Fetkeapers, sa tusken 1450 en 1500. Snits (en ek de Sjaerda’s) wienen Skier en Ljouwert wie Fet. Op 22 maart 1491 hawwe de Fetkeapers de stins fan de Sjaerdas yn Toppenhuzen platbaarnd.

Sûnt 1918 bestiet Doarpsbelang Toppenhuzen-Twellingea. De Twilling is it doarpskrantsje fan Top-en-Twel. It doarpshûs is ûnderbrocht yn it yn 1980 boude multyfunksjonele sintrum 'It Harspit', dêr't ek de basisskoalle is. It Harspit stiet yn Toppenhuzen.

  De Wikipedy hat ek in side Hermestsjerke (Twellingea).
 
Hermestsjerke
  • Protestantske gemeente Toppenhuzen-Twellingea.

De tsjinsten fan de PKN wurde alle wiken yn de Toppenhúster Jehannestsjerke fierd. De eardere herfoarme tsjerke fan Twellingea wurdt net mear brûkt en is oerdroegen oan de Stifting Alde Fryske Tsjerken. De tsjerke draacht tsjintwurdich wer de namme fan de âlde patroanhillige fan Twellingea, Hermes fan Rome en is de iennige tsjerke mei dy namme. De grifformearden fan Top en Twel tsjerkten yn Toppenhuzen oan de Tsjerkebuorren 51. Dy tsjerke is yn 1999 ôfbrutsen; it oargel fan de grifformearde tsjerke is bewarre bleaun en ferhûze nei de tsjerke fan Turns.

 
Doarpskom
 
Eardere molkfabryk, letter wettersportsintrum
 
It yn 1947 sletten tramstasjon fan Twellingea

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de hiemside fan Top en Twel. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op dy hiemside)

Befolkingsferrin

bewurkje seksje
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2015 2020
Ynwenners 262 473 419 417 350 308 432 374 420

Binnebaan, Brêgefinne, Brêgesleatswei, Buorren, Bûtebaan, Bybaan, Eastwei, Grutte Súdein, Koartebaan, Langebaan, Leijepoel, Leyesleatswei, Lytse Súdein, Sjuwedyk, Súdwei.

Ryksmonuminten yn Twellingea

bewurkje seksje

Njonken de Hermestsjerke en in pear hûzen fan giele stien oan de Buorren 43 en 45 hat it doarp noch benoardeasten it doarp de 19e iuw boude Geau's Mole, dy't it natoergebiet de Geaupolder bemealt. It spinnekopke docht dat tegearre mei twa Amerikaanske wynmotors, de wynmotors Twellingea 1 en 2.

De leden fan it bekende popduo Maywood groeiden op yn Twellingea.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • R. Steensma "It Bestek fan de yn 1695 nij to bouwen tsjerke yn Toppenhuzen(1969)"
  • O. Santema "Ta de Skiednis fan Toppenhuzen en Twellegea (1939)"
  • J. van der Bij "Pastoars, dûmnys en tsjerkefolk yn Top & Twel"
  • Sjirk Wybenga en Jan de Jong "De Streek fan Toppenhuzen en Twellegea bylâns" (1984)
  • Doarpsbelang "Mei groetnis fan de Twilling (1994)" - útjûn yn it ramt fan it 75-jierrich bestean fan Doarpsbelang

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  Súdwest-Fryslân  
Stêden:
BoalsertDryltsHylpenSnitsStarumWarkum
Doarpen en útbuorrens:
AbbegeaAldegeaAllingawierArumBlauhúsBoazumBreesândykBritswertBurchwertDearsumDedzjumEastereinEasterwierrumEasthimEksmoarreFerwâldeFolsgeareGaastDe GaastmarGauGoaiïngeaGreonterpHartwertHeechIt HeidenskipHichtumHidaardHieslumHimmelumHinnaardDe HommertsIdzegeaIensYndykYpekolsgeaYsbrechtumItensJutrypKimswertKoarnwertKoarnwertersânKoudumKûbaardKûfurderrigeLaaksumLytsewierrumLoaiïngeaLollumLongerhouMakkumMolkwarNijhuzumNijlânOffenwierParregeaPenjumPiaamPoppenwierRaerdReahûsRienSânfurdSibrandabuorrenSkarlSkearnegoutumSkettensSkraardSkuzumSmelbrêgeSurchTersoalToppenhuzenTsjalhuzumTsjerkwertTurnsTwellingeaWaaksensWâldseinWarnsWesthimWytmarsumWiuwertWolsumWommelsWûns
Buorskippen:
AaksensAbbegeasterkettingAndelahuzenAnnebuorrenArkumAtsebuorrenBaarderbuorrenDe BandBarsumBeabuorrenBessensBernsterbuorrenDe BierenBittensDe BlokkenBlomkampBoatlânBonjeterpBoppebuorrenDe BurdDyksterbuorrenDoanjebuorrenDoanjewierDraeisterhuzenEangterpEasthim (Wytmarsum)EksmoardersylFeytebuorrenFiifhûsFiskersbuorrenFjouwerhuzenFlânsumIt FlietGalamadammenGoaiïngamiedenGoaiumGrauwe KatDe GritsGrutte WiskeGreate WierrumHaaiumHarkesylDe HelHiemertHidaardersylHiddumHoekensHoarnsterbuorrenHouIdserdabuorrenIemswâldeYndyk (Boazum)IngwertIngwierJethJonkershuzenJousterpJouswertKâldehuzumDe KampenDe KatKlaeiterpDe KliuwKnossensKoaihuzenKromwâl (Boalsert)Kromwâl (Britswert)Laerd en SaerdLippenwâldeDe Lytse GaastmarLytse WiskeLytshuzenMakkum (Boazum)MeilahuzenMontsamabuorrenMountsjewierDe NesNijbuorrenNijekleasterNijesylOsingahuzenPikesylDe PôleRea SkuorreRemswertRytseterpSaardSânfurder RypSyswertSjongedykSkearnebuorrenSkrokSotterum (Koarnwert)Sotterum (Skettens)SpearsSpykIt Strân SwaanwertSwarte BeienTrijehuzen (Hidaard)Trijehuzen (Snits)Trijehuzen (Wommels)TsjerkebuorrenDe WearenWesterbuorrenWesterlittensDe WierenWolsumerkettingWonnebuorren
  ·   ·