Tomsk (oblast)
De oblast Tomsk (Russysk: Томская область, Tomskaja oblast) is in oblast fan Ruslân.
Oblast Tomsk Томская область | |
---|---|
flagge | wapen |
polityk | |
soarte gebiet | oblast |
lân | Ruslân |
federaal distrikt | Sibearje |
ekonomyske regio | West-Sibearje |
haadplak | Tomsk |
grutste plak | Tomsk |
taal | Russysk |
Etnyske groepen | Russen 88,1 % Tataren 1,6% Oekraïeners 1,1% (Stân 2010) |
sifers | |
ynwennertal | 1.068.304 (2022) |
oerflak | 314.391 km² |
befolkingstichtens | 3,4 ynw./km² |
oar | |
stifting | 7 desimber 1934 |
tiidsône | UTC 7, MSK 4 |
koördinaten | 58° 45' N 82° 08' E |
webside | www.tomsk.gov.ru |
Geografy
bewurkje seksjeDe oblast leit yn it súdeasten fan it West-Sibearyske Leechlân en grinzget oan de kraj Krasnojarsk en de oblasten Tjûmen, Omsk, Novosibirsk en Kemerovo. It gebiet is fan noard nei súd likernôch 600 km en fan west nei east 780 km. De oblast Tomsk is wat oerflak oanbelanget likernôch 1,5% grutter as Poalen.
It grutste part fan de regio is min tagonklik. It bestiet foar in grut part út taiga (63% fan it gebiet is bosk; en dat is 20% fan it hiele boskoerflak fan West-Sibearje) en sompen (28,9%; de Vasjûganmoerassen foarmje mei in oerflak fan 53.000 km² ien fan de grutste sompegebieten fan'e wrâld).
It heechste punt fan de oblast is 274 m boppe seenivo, it leechste is 34 m boppe seenivo.
De oblast hat 1620 rivieren mei in lingte fan mear as 10 km. De belangrykste rivier is de Ob, oare rivieren binne de Tom, Tsjûlym, de Ket, de Tsjaja, de Parabel, de Vasjûgan en de Tym.
Tomsk is ryk oan grûnstoffen. Der wurdt oalje, gas, ferro- en nonferrometalen fûn. De oblast hat yn it Baktsjarski rajon ien fan de grutste izerôfsettings fan 'e wrâld (en 57% fan alle foarried dêrfan yn Ruslân. Fierder binne der in soad ôfsettings foar boumateriaal. De totale grûnwetterreserves wurde rûsd op 14,2 miljard m³.
Skiednis
bewurkje seksjeDe ûntwikkeling fan it gebiet sette yn de iere jierren fan de 17e iuw útein. Yn 1604 waard de stêd Tomsk stifte. De ûntdekking fan goud yn de jierren 1830 en de oansluting fan de regio op it Trans-Sibearyske spoar begjin 20e iuw droech by oan in flugge befolkingsgroei.
Yn 1804 waard it gûvernemeint Tomsk stifte, dat oant 1925 bestie en op 25 maaie 1925 opgyng yn de kraj Sibearje, letter de kraj West-Sibearje, weryn't Tomsk it bestjoerlike sintrum waard fan it distrikt Tomsk. Op 13 augustus 1944 waard de oblast Tomsk op 'e nij stifte, wat in lytser oerflak hat as it doetiidske gûvernemint.
Ekonomy
bewurkje seksjeNjonken gemy, oalje-yndustry en masinebou foarmet ek de lânbou in wichtige pylder foar de ekonomy fan de oblast.
Bestjoerlike yndieling en stêden
bewurkje seksjeDe oblast ferdield yn 16 rajon's en 4 stedsdistrikten.
De grutste stêden binne Tomsk en de sletten stêd (ZATO) Seversk. Fierder binne der fjouwer oare stêden en ien plak fan it stedske type.
Stêd / Delsetting mei stedsk karakter* | Russysk | Rajon/stedsdistrikt | Ynwennertal | Wapen | Lokaasje |
---|---|---|---|---|---|
Asino* | Асино | Asino | 24.442 (2021) | 57° 00' N 86° 09' E | |
Bely Jar | Белый Яр | Verchneketski rajon | 8.324 (2021) | 58° 26' N 85°02' E | |
Kedrowy* | Кедровый | stedsdistrikt | 1.918 (2021) | 57° 34' N 79° 34' E | |
Kolpasjevo* | Колпашево | Kolpasjevo | 22.589 (2021) | 58° 19' N 82° 55' E | |
Seversk* | Северск | stedsdistrikt | 6.033 (2021) | 56° 36' N 84° 51' E | |
Strezjevoi* | Стрежевой | stedsdistrikt | 39.903 (2021) | 60° 44' N 77° 35' E | |
Tomsk* | Томск | stedsdistrikt | 570.776 (2022) | 56° 29' N 84° 57' E |
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1959 | 1970 | 1979 | 1992 | 2002 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 746.802 | 785.706 | 866.713 | 1.001.653 | 1.046.039 | 1.068.304 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Томская область
|