Johan Rudolph Thorbecke

(Trochferwiisd fan Thorbecke)

Johan Rudolph Thorbecke (Swol, 14 jannewaris 1798De Haach, 4 juny 1872), wie in Nederlânsk liberaal steatsman, heechlearaar steatsrjocht te Gint (1825) en Leien (1831).

Johan Rudolph Thorbecke
troch Johan Heinrich Neuman

Nei de publikaasje fan syn 'Aanteekeningen op de Grondwet' (1839) waard hy foarman fan de liberalen. Yn 1840 waard Thorbecke beneamd ta lid fan de Dûbele Keamer ta wersjenning fan de grûnwet. Yn 1844 tsjinne hy mei acht oare liberalen de saneamde Njoggenmannen, in foarstel ta grûnwetswersjenning yn, dat lykwols fersmiten waard yn 1845, wêrnei't Thorbecke net werkeazen waard. Yn 1848 waard hy foarsitter fan de troch kening Willem II ynstelde kommisje ta wersjenning fan de grûnwet. It ûntwerp hjirfoar waard yn 1848 oankundige en ôfkundige. Fan 1849 oant 1853, fan 1862 oant 1866 en fan 1871 oant 1872 late Thorbecke eigen kabinetten. Yn dizze perioades kamen wichtige wetten ta stân, ûnder mear de Provinsjale wet, Gemeentewet, Kieswet, Postwet, Telegraafwet, Enkêtewetten, Unteigeningswetten, Jacht- en fiskerijwetten, Belestingwetten, Skipfeartwetten en ek de wet ta ôfskaffing fan de slavernij yn West-Ynje, wet op it middelber ûnderwiis, wetten op it graven fan it Noardseekanaal en de Nije Wetterwei.

 
It monumint fan Thorbecke op it Thorbeckeplein yn Amsterdam

Yn Ljouwert is de Akademy foar Bestjoerskunde & Oerheidsmanagement nei him ferneamd. Dizze "Thorbecke Akademy" waard yn 1986 iepene troch prins Claus. Wyls is de Akademy ûnderdiel wurden fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert.

Famyljewapen

bewurkje seksje

Wapen: Yn sulver in fisk fan natuerlike kleur, swimmend op weagjend blau wetter. Helmteken: de fisk fan it skyld fertikaal setten mei de kop nei boppe ta tusken in blauwe flecht. Dekkleden: blau, foere fan sulver. Dit wapen komt út de 17e iuw en waard ek troch Johan Rudolph fierd.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Responsio ad quaestionem philosophicam: de principio philosophiae et officiorum in Ciceronis operibus philosophicis (1818)
  • Commentatio ad quaestionem literariam: ex iis quae in libris Ciceronis de Oratore a Crasso, Antonio, Caesare, aliis, de eloquentia disputantur, ipsius efficiatur Ciceronis de perfecto oratore sententia (1820)
  • Responsio ad quaestionem philosophicam: de eo, quod in dogmaticis oppugnandis, inter academicos et scepticos interfuit (1821)
  • Proefskrift: Commentatio de C. Asinii Pollionis vita et studiis doctrinae (1820)
  • Ueber das wesen und den organischen Charakter der Geschichte (1824)
  • Bedenkingen aangaande het regt en den staat. Naar aanleiding van Mr. J. Kinker's brieven over het natuurregt (1825)
  • Oratio de disciplinarum historico-politicarum argumento (Ynaugurele rede by oantreden as bûtengewoan heechlearaar yn Gint (1825)
  • Staatsinrigting en Staatsbestuur (tekst fan in yn Gint jûn kolleezje)
  • Bedenkingen over de hoogescholen en het akademisch onderwijs van de letterkundige faculteit aan de universiteit te Gent (1828)
  • Over het Bestuur van het onderwijs, in betrekking tot eene aanstaande Wetgeving (1829)
  • Verhandeling over den invloed der machines op het zamenstel der maatschappelijke en burgerlijke betrekkingen (1830)
  • Een woord in het belang van Europa bij het voorstel der scheiding tusschen België en Holland (1830)
  • Over de erkentenis der onafhankelijkheid van België (1830)
  • Over de verandering van het algemeen staten-stelsel van Europa sedert de Fransche onwenteling (1831)
  • Aanteekening op de Grondwet (1839)
  • Proeve van herziening der grondwet volgens de Aanteekening (1840)
  • Over de herziening van ons kiesstelsel (1842)
  • Over het hedendaagsche staatsburgerschap (1844)
  • Over plaatselijke begrooting (1847)
  • Bijdrage tot de herziening der Grondwet (1848)
  • Parlementaire redevoeringen 1840-1866 (1856-1870) (In deel 6 de Narede)
  • De onuitgegeven parlementaire redevoeringen van Mr. J.R. Thorbecke (1900-1910)
  • Historische schetsen (bundeling van eerder geschreven artikelen) (1860)
  • Fierders ferskate resinsjes yn û.o. de Bibliotheca Critica Nova en de Göttingische Gelehrte Anzeigen, en artikelen yn it Journal de la Haye, De Gids, de Arnhemsche Courant, it Algemeen Handelsblad.
 
Famyljewapen
  • J. Drentje - Thorbecke: een filosoof in de politiek. Amsterdam, 2004.
  • C.H.E. de Wit - Thorbecke en de wording van de Nederlandse natie. Nymwegen, 1980.
  • J.C. Boogman - Rondom 1848. Bussum 1978.
  • J.B.Manger - Thorbecke en de historie. 1938. Twadde printinge mei foaropwurd fan H. te Velde: Utert, 1986.
  • J. Brandt-van der Veen - Thorbecke-Archief (3 dielen). Befet Thorbeckes brieven oant en mei septimber 1830. Utert, 1955, Grins, 1962, Utert, 1967.
  • G.J. Hooykaas e.a. - De Briefwisseling van J.R. Thorbecke (7 delen). Befettet Thorbeckes brieven fan oktober 1830 ôf. Ferskynd tusken 1975 en 2002.
  • Red. Nederland's Patriciaat - Nederland's Patriciaat no. 3 en no. 70, resp. De Haach, 1912 en De Haach, 1986

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: