Teylers Museum
Teylers Museum, oan it Spaarne yn de Nederlânske stêd Haarlim, waard yn 1778 stichte as boek en konstzael — in iepenbiere gelegenheid foar keunst en wittenskip. It is it ienige museum op de wrâld mei in autentyk gebou en ynterieur út de achttjinde iuw.
Skiednis
bewurkje seksjeIt museum is neamd nei Pieter Teyler van der Hulst (1702-1778), in rike Haarlimse lekken- en sidefabrikant en bankier. As oanhinger fan de Ferljochting hie Pieter Teyler grutte belangstelling foar keunst en wittenskip. By testamint liet hy syn kolleksje en fermogen nei oan Teylers Stichting, dy't ûnder mear it stypjen fen keunst en wittenskip as doel hie.
Kolleksje
bewurkje seksjeTe besichtigjen binne natuerkundige ynstruminten lykas de grutte elektrisearmasine út de 18e iuw, fossilen (wêrûnder ien fan Archaeopteryx), skilderijen, tekeningen, munten en peinjes. It museum herberget ek in bysûndere kolleksje tekeningen en printen, mei dêryn ûnder mear 25 orizjinele tekeningen fan Michelangelo Buonarroti mei bygelyks foarstúdzjes foar de plafondskilderingen fan de Sikstynske Kapel yn it Fatikaan yn Rome. It museum hat ek wurken fan Rembrandt, Rafael, Goltzius en Claude Lorrain. Jierliks komme der sa'n 100.000 besikers.
Teylers Museum is ien fan de hûnderten Haarlimske ryksmonuminten.
-
Byldengroep op Teylers Museum: Wittenskiap en Keunst troch Faam bekroand, wurk fan byldhouwer Bart van Hove
-
Yntree Teylers Museum
-
Earste Skilderijenseal (1838)
-
Twadde Fossilenseal (1885)
-
De Ovale Seal fan Teylers Museum, ± 1800-1820. Skilderij fan Wybrand Hendriks. Op it skilderij is de grutte elektrisearmasine fan Martinus van Marum grut ôfbylde.
-
Leendert Viervant, ûntwerp foar de Ovale Seal fan Teylers Museum
-
De stjerrewacht fan Teylers Museum, sjoen út it Fundaasjehûs wei
-
Sliepende jonge, fan Woutherus Mol
-
Kreambesite, fan August Allebé
-
Plattegrûn fan Teylers Museum
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Teylers Museum fan Wikimedia Commons. |