Synthesizer
In synthesizer is in elektroanysk muzykynstrumint dat klanken en lûden keunstmjittich (meast elektroanysk) opwekt. Mei in synthesizer is it mooglik it op te wekken lûd fiergeand te beynfloedzjen, sadat nije, noch net besteande klanken makke wurde kinne.Ek kinne guon synthesizers de klanken fan al besteande (akoestyske) ynstruminten hast sekuer neidwaan (bygelyks piano of oargel).
De útfining fan de synthesizer hat in wichtige revolúsje yn de muzykwrâld west. De synthesizer is ien fan de meast alsidige ynstruminten fan de wrâld troch syn ûneinich tal klankkleuren dat er meitsje kin. Muzyksjenres as trance, dance, syntpop, elektro, elektroanika, techno, house ensfh. soene sûnder de útfining fan de synthesizer nea ûntstien wêze.
In soad synthesizers ha in eigen toetseboerd, mar dat hoecht net altyd. Der binne ek saneamde modules dy't net troch in toetseboerd mar troch MIDI oanstjoerd wurde.
Syntezefoarmen
bewurkje seksjeDer binne ferskate wizen fan klankopwekking (syntesemodellen), mei elk har eigen klankeigenskippen:
- Subtraktive synteze, op basis fan elektroanyske opwekke weachfoarmen en filters,
- Firtueel Analooch (in 'firtuele' foarm fan de analoge subtraktive synthesizer),
- FM-synteze, Frekwinsje Modulaasje,
- PD (Phase Distortion, Faze Ferfoarming),
- Sampling (subtraktyf op basis fan stikjes digitalisearre lûd) mei farianten:
- Pulse Koade Modulaasje (ek wol Romplers neamd),
- Weachtabel (wavetable-synteze),
- Fisyske modellearring (Physical modelling),
- Additive synteze, troch it gearfoegen fan ienfâldige (meast sinus-)weachfoarmen mei elk har eigen amplitudeferrin.
In soad moderne synthesizers brûke mear syntezefoarmen tagelyk om in grutter klankpalet meitsje te kinnen.
Modulêre bou
bewurkje seksjeBy it kommen fan de synthesizer wie yn 't earstoan allinnich subtraktive synteze mooglik. Letter waarden oare foarmen fan synteze yntrodusearre. Lykwols, de measte soarten synteze makken gebrûk fan deselde eleminten:
- oscillator (in klankboarne dy't in perioadike lûdsweach generearret; in beskate frekwinsje yn in weachfoarm nei kar)
- envelope (de 'omwuoljende' beynfloedet in beskate klankparameter yn de tiid, lykas folume)
- filter (hellet beskate frekwinsjes fuort)
- leechfrekwinte oscillator (LFO) (beynfloedet in beskate klankparameter leechfrekwint perioadyk)
- mikser, om ferskate synjalen gear te foegjen
- fersterker (amplifier)
Syntezemodellen ferskille fan inoar troch hokker eleminten oanwêzich binne en hoe't dy elkoar beynfloedzje. Der kamen in soad synthesizers op 'e merk dêr't de keppeling fan de ferskate eleminten al by fêst lei. It sinjaal dat fan de oscillatoaren komt giet dan earst troch in filter en wurdt dêrnei nei de fersterker stjoerd. It útgongsnivo fan dy fersterker en ek de cutoff-frekwinsje fan it filter wurde modulearre troch in envelope (of twa ôfsûnderlike). Soks hjit subtraktive synteze. Ien fan de earste en bekendste synthesizers fan dit soarte is de Minimoog.
By modulêre synthesizers lykas de ARP 2600 binne de eleminten oanwêzich, mar de brûker moat sels de keppelings meitsje. De mooglikheden binne dêrby folle grutter as by in synthesizer dêr't de keppelings al fan fêstlein binne.Yn prinsipe kin elke module dan in eigenskip fan in oarenien beynfloedzje (modulearje). Sa kin it sinjaal fan in oscillator keppele wurde oan de amplitude of frekwinsje fan in oaren. Dat hjit respektivelik ringmodulaasje en frekwinsjemodulaasje. De folle resinter makke digitale subtraktive synthesizers binne oars foarsjoen fan in modulematriks. Dêrmei kinne allerhande sinjaalboarnen oan allerhande elemintparamaters keppele wurde. Dat makket sa'n synthesizer hiel modulêr.
Troch it opkommen fan yntegrearre skeakelings en digitale technyk yn stee fan analoge technyk koene synthesizers lytser makke wurde. Dêrtroch wurdt it praktysk sjoen makliker en goedkeaper om syntezemetoades lykas additive synteze, FM-synteze en physical modelling klear te krijen. Dat makke de Yamaha DX7, ien fan de earste FM-synthesizers ta in súkses.
De ymplemintaasje fan tal fan weachfoarmen neist de gongbere en de mooglikheid om dêrtusken te morphen late ta wavetable-synteze. Yn stee fan ien inkelde weachfoarm koe ek in lûdfragmint (sample) brûkt wurde as primêre lûdsboarne. Lûdfragminten fan echte ynstruminten koene dan muzikaal bespile wurde, sadat de simulaasje fan in ynstrumint folle realistysker waard. Yn dit gefal wurdt dat leaver in sampler neamd. Keyboards en digitale piano's meitsje gebrûk fan samples dy't yn in ROM fêstlein binne. In analoge foarrinner fan de sampler is de Mellotron. Physical modelling kin oars ek foar realistyske klanken soargje.
De analoge synthesizer (of de digitale imitaasje dêrfan, de 'Virtual Analog'), is noch hieltyd hiel populêr troch syn unike lûd. In soad moderne synthesizers meitsje tagelyk gebrûk fan meardere foarmen fan klankopwekking. Inkeld kin de eksterne lûdboarne (bygelyks it synjaal fan in mikrofoan) as lûdboarne brûkt wurde. Dat wurdt ûnder oaren dien yn vocoders. Digitale synthesizers moatte dêrfoar in AD-converter ha.
MIDI
bewurkje seksjeMei de yntroduksje fan MIDI yn 1983 wie it gjin needsaak mear om allinnich it ynboude klavier te brûken. Synthesizers dy't MIDI-oanslutings hiene, koene ek troch MIDI oanstjoerd wurde. Dat resultearre yn it kommen fan modules: synthesizers dy't gjin klavier hiene, mar troch MIDI bestjoerd waarden.
Ek waard it dêrtroch mooglik om in master keyboard te brûken: in apparaat dat allinnich in klavier en MIDI-oanslutings hie. Mei't in goed klavier relatyf djoer is, koe sa besparre wurde by it brûken fan mear synthesizers tagelyk.
In oar wichtich foardiel fan MIDI is dat synthesizers automatisearre wurde kinne troch ûnder oare sequencers.
Kompjûters
bewurkje seksjeKompjûters ha ornaris in lûdkaart dêr't ûnder oaren in ienfâldige synthesizer op sit, yn haadsaak om muzyk yn de foarm fan MIDI-triemmen hearre litte te kinnen. Boppedat binne der programma's beskikber dy't it mooglik meitsje om in kompjûter as synthesizer te brûken. (software-synthesizers). Guon fan dy softsynths binne softwaremjittige replika's fan âldere synthesizermodellen.
Fabrikanten
bewurkje seksjeFabrikanten fan synthesizers binne troch de tiid hinne benammen te finen yn de Feriene Steaten en Japan. De folgjende bedriuwen bouwe of bouden synthesizers:
- Access
- Akai
- Alesis
- ARP
- Casio
- Clavia
- Doepfer
- E-MU
- Ensoniq
- Kawai
- Korg
- Kurzweil
- Moog
- New England Digital
- Novation
- Oberheim
- PPG
- Roland
- Sequential Circuits
- Waldorf
- Yamaha
- Zadok Products
Fan it lêst fan de njoggentiger jierren ôf oant no (2007) wurde nije synthesizers softwaremjittich op 'e merk brocht. Dat brocht in soad nije fabrikanten op 'e merk: