Sweins
Sweins is in doarp yn de gemeente De Waadhoeke. Sweins leit eastlik fan Frjentsjer en westlik fan Dronryp. De doarpskearn fan Sweins leit oan de Haadwei, wêr’t de Reginatsjerke ek stiet. De buorskip Keimpetille (diel) heart ek by Sweins. Tegearre mei Boer, Peins, Ried en Skalsum foarmet Sweins it Frjentsjerter Fiifgea.
Sweins | ||
Tsjerke fan Sweins | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Waadhoeke | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 125 (2022) [1] | |
Oerflak | 2,05 km², wêrfan: - lân: 2,01 km² - wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 62 ynw./km² | |
Oar | ||
Koördinaten | 53° 11' N 5° 36' E | |
Kaart | ||
Op 1 jannewaris 2023 hie Sweins 125 ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeSweins ûntstie yn 'e midsiuwen as in terpdoarp, mar de doarpsterp is foar it measte ôfgroeven. Der wiene lykwols mear terpen yn 'e himrik en tusken Salwert en Sweins lei in rige terpen. By it ôfgraven fan de terp fan Keimpetille yn 1900 (de terp tusken de doarpsterp en dy fan Kingmastate) waard in ier-midsiuwsk grêffjild fûn, mei yn alle gefallen twa minsken en in hynder en bonkebeslach fan in kistje. Fierder hearden dêr nei alle gedachten noch twa bonkerakken en kralesnoeren by. De fynsten waarden datearre yn 'e 7e, 8e of 9e iuw.[2]
Yn 'e 13e iuw waard Sweins 'Sueninghe' neamd, yn 1427 'Sueyns', yn 1433 'Sweyne en yn 1511' Sweyns. It plak ferwiist nei it folk fan de persoan Sween of Swene.
De fan giele kleastermoppen boude midsiuwske tsjerke waard yn 1783 ferfongen troch de hjoeddeiske tsjerke. Yn Sweins hat de Mûne fan Izaak de Swart stien. De mûne waard earne foar 1832 boud en is healwei de 19e ôfbrutsen.[3]
Sweins groeide yn 'e rin fan de tiid bûten de terp en in sletten kearn krige it net, sadat it doarp ek no noch in iepen karakter hat, dat oan in buorskip tinken docht.
Sûnt 2018 leit Sweins yn de gemeente De Waadhoeke, dêrfoar lei it yn de gemeente (nij) Frjentjerteradiel en foar 1984 lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Frjentsjerteradiel (noardertrimdiel).
States
bewurkje seksjeSúdeastlik fan it doarp rjochting Keimpetille stie eartiids Kingma State. De state waard om 1500 hinne boud troch Jelle thoe Kingum en yn 1864 ôfbrutsen nei't de state al in skoft leech stien hie. Yn it lânskip is noch jimmeroan de tagongsleane te werkennen. Ek in lyts hûs oan it begjin fan de tagongsleane en dat tsjintwurdich troch in partikulier bewenne wurdt, hearde oarspronklik ta de state. De Stifting Herstel Kingma State set him al in skoft yn om op de histoaryske lokaasje in nije state yn moderne foarmen mei apparteminten te bouwen.[4] De tariedings dêrfan binne yntusken yn gong set (2023).[5] Oare states yn Sweins wiene Grut Herema en Rinnerda, mar dy wiene minder belangryk. It wapen fan Sweins mei de trije tuorren ferwiist nei de trije states fan it doarp.
Mienskip
bewurkje seksjeDer is in Feriening foar Doarpsbelang Sweins. Sûnt 1970 hat Sweins in eigen doarpshûs.
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Reginatsjerke.
Ferienings
bewurkje seksjeBefolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 2004 | 2009 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 113 | 205 | 187 | 169 | 126 | 119 | 110 | 110 |
Jier | 2015 | 2020 | ||||||
Ynwenners | 115 | 120 |
(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)
Berne
bewurkje seksje- Egidius van Beyma (1811), boargemaster;
- Sake Saakstra (1954), keatser.
Strjitten
bewurkje seksjeHaadwei, Kingmatille, Ryksstrjitwei.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|