Stutthof (konsintraasjekamp)

Stutthof (Poalsk: Sztutowo) wie it earste konsintraasjekamp dat de nazi's yn de Twadde Wrâldkriich bûten Dútslân stichte waard. It lei 34 kilometer bûten de stêd Danzig, by it doarp Stutthof, dat op de himrik fan de Frije Stêd Danzig lei. It kamp waard op 2 septimber 1939 [1] yn gebrûk naam op 9 maaie 1945 (as lêste fan alle konsintraasjekampen befrijd.

Yngong fan it kamp Stutthof yn 2008
Dútske konsintraasjekampen yn beset Poalen (swarte fjouwerkantsjes)

Al yn 1936 wienen yn Danzig stasjonearre nazi's ynformaasje oer de Joaden yn it gebiet oan it garjen en waard der socht nei in gaadlik plak foar in konsintraasjekamp. De earste finzenen wiene hûndertfyftich Joaden út Danzig sels, mar yn twa wiken sieten der al 6000 minsken fêst. Yn it earstoan wie Stutthof in sivyl ynternearringskamp ûnder it bewâld fan de Danziger plysjekommandant. Yn 1942 kamen de earste frouljus finzenen en SS'ers yn Stutthof oan. Totaal wurken der sa'n hûnderttritich froulju yn it Stutthof-kompleks, dat ferspraat wie oer de Poalske Eastseekust. Tsjin de ein fan de oarloch waarden ek Poalen dy't gjin SS'er wiene rekrutearre fanwege in tekoart oan beweitsers.

Oant 1943 wie Stutthof gjin ferneatigingskamp. It kamp besloech yn 1942 120 hektare, mei tritich barakken foar de finzenen. It krematoarium en de gaskeamer waarden yn 1943 boud en yn juny 1944 waard Stutthof taheakke oan de list fan ferneatigingskampen fan de Endlösung. Yn de gaskeamer koenen 150 minsken tagelyk deadien wurde, mar faak waarden finzenen ek fergast mei útlitgassen yn de laadbak fan frachtweinen.

Fan septimber 1939 oant maaie 1945 sieten totaal likernôch 110.000 minsken yn it kamp fêst[2]. Tusken de 60.000 [3]en 85.000 [4]fan harren waarden ombrocht, wylst dat 22.500 persoanen nei oare kampen oerbrocht waarden doe't de alliearden Stutthof der oan kamen.

Nei de kriich waarden yn Danzig 101 minsken dy't yn Stutthof wurke hienen troch de Russen en de Poalen berjochte. Mar twa fan harren waarden frijsprutsen.

Omstannigheden

bewurkje seksje

De omstannichheden yn it kamp wienen striemin. In soad finzenen stoaren oan de tyfus dy't tasloech yn de winter fan 1942 en nochris yn 1944. Wa't neffens de SS-beweitsers te swak as te siik om te wurkjen wienen waarden fergast yn de lytse gaskeamer fan it kamp. Fan juny 1944 waard dêrfoar Zyklon B brûkt. Kampartsen diene sike as ferwûne finzenen yn de sikebarak ek dea middels ynjeksjes.

De Dútsers brûkten de finzenen yn Stutthof as twangarbeiders. Guon arbeiden yn bedriuwen fan de SS, lykas de Deutsche Ausrüstungswerke (DAW), tichtby it kamp. Oaren moasten bealgje yn stienfabriken, yn partikuliere ûndernimmings en yn de lânbou. Doe't 1944 twangarbeid wichtiger waard foar de wapenproduksje, waard der in Focke-Wulf fleanmasinefabryk yn Stutthof set. Uteinlik waard it Stutthofkompleks in grut netwurk fan twangarbeidskampen; der kamen 105 subkampen fan yn it noarden en midden fan Poalen. De meast wichtige wienen Thorn en Elbing.

Der wurdt tocht dat it fet fan minsklike oerbliuwsels út Strutthof fan Dr. Rudolf Spanner brûkt binne om sjippe te meitsjen.[5]

De Litouske skriuwer Balys Sruoga, dy't ek yn it kamp fêstsitten hat, skreau it boek Dievų miskas ('De Bosk fan de Goaden') oer syn ûnderfinings en it deistich libben yn it kamp.

Subkampen fan Stutthof

bewurkje seksje

Subkampen fan konsintraasjekamp Stutthof:[6]


Kommandanten

bewurkje seksje

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. United States Holocaust Memorial Museum - Stutthof Timeline
  2. Stutthof Museum
  3. United States Holocaust Memorial Museum - Stutthof
  4. Jewishgen.org - Stutthof slachtofferaantal
  5. Tests show that Nazis used human remains to make soap : Mail & Guardian Online |publisher=Mg.co.za
  6. Stutthof - Sztutowo (Poland), fan JewishGen.org