Stasjon Skiedam Sintrum
Stasjon Skiedam Sintrum (Sdm) is it haadstasjon fan de Nederlânske stêd Skiedam, en waard iepene yn 1847 oan de Alde line (Amsterdam Sintraal - Rotterdam Sintraal). It leit benoarden de binnenstêd. Yn dizze Súdhollânske stêd is yn 2000 it fjirde stasjonsgebou sûnt 1846 iepene.
Stasjon Skiedam Sintrum Station Schiedam Centrum | ||
Stasjon Skiedam Sintrum yn 2016 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Noard-Hollân | |
Gemeente | Skiedam | |
plak | Skiedam | |
adres | Stationsplein 31 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Sdm | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 3 juny 1847 | |
boujier | 1846 1e stasjonsgebou 1888 2e stasjonsgebou 1963 3e stasjonsgebou 2000 4e stasjonsgebou | |
sloopjier | 1888 1e stasjonsgebou 1963 2e stasjonsgebou 1998 3e stasjonsgebou | |
arsjitekt | 1846 Unbekende arsjitekt 1e stasjonsgebou 1888 D.A.N. Margadant 2e stasjonsgebou 1963 K. van der Gaast 3e stasjonsgebou 2014 J. van Belkum 4e stasjonsgebou | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 3 | |
perronspoaren | 4 | |
spoarline | Alde line | |
metroline | A B C | |
tramline | 21 24 | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Gebou
bewurkje seksjeIt oarspronklike stasjonsgebou fan Stasjon Skiedam-Sintrum wie in leech en lang stasjonsgebou, besteande út styl- en regelwurk, opfold mei stien, ôfsmard mei semint. It gebou waard yn 1888 sloopt.
It gebou waard ferfongen troch in stasjonsgebou nei ûntwerp fan arsjitekt Margadant, in asymmetrysk gebou fan trije ferdjippingen heech. Troch de lizzing oan in dearinnende dyk kaam de foargevel heaks op de spoarline te stean. Neist de haadyngong kaam in tuorke dêr't ûnder oare de tagong nei de tsjinstwenning yn te finen wie. Yn de stasjonshal wie de tagong ta de tunnel nei it heger lizzende perron. Op it foar in grut part oerdutsen perron stiene fjouwer gebouwen. Yn it grutste gebou wiene de wachtromten en in stasjonsrestauraasje.
Yn 1963 makke it stasjonsgebou út 1888 plak foar in nij stasjon nei ûntwerp fan Koen van der Gaast, omdat de spoaren in stikje ferlein waarden, om romte te meitsjen foar in nije trochgeande dyk, parallel oan de spoarline. De stasjonshal, dy't tagong joech ta de tunnel nei de perrons, hie in opfallend dak. Boppe de stasjonshal stie in kantoargebou fan fiif ferdjippingen. Rjochting it sintrum wie noch in tunnel ûnder de dyk troch. De yngong fan de tunnel wie aksintuearre mei in opfallende trijehoekige houten luif. Sa wie it stasjon noch wat werkenber tusken de heechlizzende dyk en de spoarline.
It stasjonsgebou út 1963 waard yn 1998 ôfbrutsen om de bou fan in metrostasjon ûnder it stasjon mooglik te meitsjen. Yn 2000 waard der in folslein nij stasjonsgebou iepene nei ûntwerp fan arsjitekt Jan van Belkum. De perronoerkaping út 1963 is al behâlden bleaun.
Namme
bewurkje seksjeOant 1967 hiet it stasjon Skiedam, yn dat jier wizigen de NS de namme fan it stasjon yn Skiedam-Rotterdam West fanwegen de ynternasjonale treinen dy't no op dit stasjon stoppen. Yn maaie 1998 krige it stasjon op 'e nij in nije namme. Fan dan ôf hiet it stasjon Skiedam-Sintrum om't der gjin ynternasjonale treinen mear stoppen yn Skiedam.
Treinferbinings
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|