Stasjon Roermond
Stasjon Roermond (Rm) is in stasjon yn de Nederlânske stêd Roermond yn de provinsje Limburch. It stasjon is in standertstasjon fan de Steatsspoarwegen type SS fjirde klasse en is ien fan de fyftjin stasjons dy 't ea yn dizze klasse boud is. En ien fan de sân stasjons fan dit type dy't noch oanwêzich is.
Stasjon Roermond station Roermond | ||
Stasjon Roermond yn 2015 | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Limburch | |
Gemeente | Roermond | |
plak | Roermond | |
adres | Stationsplein 9 | |
arsjitektuer | ||
stasjonskoade | Rm | |
type | Trochgongsstasjon | |
iepening | 21 novimber 1865 | |
boujier | 1862 | |
arsjitekt | Karel Hendrik van Brederode | |
oare ynformaasje | ||
perrons | 2 | |
perronspoaren | 3 | |
spoarline | Steatsline E Budel - Vlodorp | |
offisjele webside | ||
NS stasjonsynformaasje | ||
kaart | ||
Stasjon Roermond is in wichtich iepenbier ferfierknooppunt yn Midden-Limburch. Net allinnich passearje alle treinen nei Súd-Limboarch dit stasjon, it is ek it begjin - en einpunt fan in soad buslinen yn de regio. Mei goed 11.000 passazjiers deis (2017) is it nei Maastricht it drokste stasjon fan Limburch.
Gebou
bewurkje seksjeIt stasjonsgebou kaam yn 1862 ree, en waard iepene op 1 novimber 1865 foar treinreizgers doe't ek it spoar fan dit part fan de Steatsline E oanlein wie. Noch foar de iepening waard it gebou yn 1864 oan wjerskanten al útwreide mei in ekstra eingeboutsje. Nei de iepening fan de frachtspoarline Izeren Ryn, Yn 1881 kaam waard der in leech part foar de foargevel pleatst mei in plat dak. Ek kamen yn dat jier oan wjerskanten fan de eingebouwen lange sydfleugels. Letter kaam der noch in lytse útbou foar dat tsjinst die as yngong. Dat part is tsjintwurdich lykwols net mear oanwêzich en hat plakmakke foar in yngong mei skodoarren en koarte glêzen oerkaping.
Yn de tweintichste iuw waard it eilânperron oerkape en berikber fia in fuotgongerstunnel. De oanpassingen hawwe derfoar soarge dat it oarspronklike gebou wat ferskûle leit efter de ferbouwingen, wêrtroch't stasjon Roermond noch mar dreech te werkennen is as standerttype SS 4e klasse.
Treinferbinings
bewurkje seksjeSearje | Treintype | Rûte | Tsjinstroaster |
---|---|---|---|
800 | Intercity (NS) | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Amsterdam Sintraal – Alkmar – De Helder | Rydt net jûns, wol op sneintejûn. Rydt allinnich yn de spits twa ritten fan em nei De Helder yn de spitsrjochting. Ryd yn it wykein inkeld tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal en werom. Wurdt yn de jûnsoeren tusken Maastricht en Amsterdam Sintraal ferfongen troch de searje 2900. |
2900 | Intercity (NS) |
Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Maastricht | Rydt allinnich yn 'e iere moarn en yn 'e jûnsoeren. |
3900 | Intercity (NS) |
Inkhuzen – Hoarn – Amsterdam Sintraal – Utert Sintraal – De Bosk – Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Heerlen | Rydt op freed oant en mei snein oant 18:00 oere, net tusken Amsterdam Sintraal en Heerlen. Tusken Eindhoven Sintraal en Heerlen rydt dan de 13900. Wurdt yn de jûnsoeren ferfongen troch searje 2900. |
13900 | Intercity (NS) | Eindhoven Sintraal – Weert – Roermond – Sittard – Heerlen | Alinne freedtenachts |
RS 11 32200 |
Stoptrein (Arriva) | Nimwegen – Venray – Venlo – Roermond | |
RS 12 32400 |
Stoptrein (Arriva) | Maastricht Randwyck – Maastricht – Sittard – Roermond | |
32700 | Nachttrein (Arriva)[1] | Maastricht – Sittard – Roermond – Weert – Eindhoven Sintraal – De Bosk – Utert Sintraal – Skiphol Airport | Alinne freedtenachts |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|