Standerttype Sextant
It Standerttype Sextant is in stasjonsûntwerp dat foar ferskate stasjons yn de jierren sechstich en santich brûkt waard. It earste gebouke waard yn 1968 boud.
Soart gebou
bewurkje seksjeC. Douma wie de arsjitekt fan dit type stasjonsgebou. De oarspronklike namme wie nei de foarm zeskant, mar dit waard gewoanwei ta Sextant ferbastere. It gebou befette in loket, in tsjinstromte en in wachtromte yn de perioade dat it tsjinst die as stasjonsgebou. Yn totaal waarden der sechstjin sextanten foar de NS boud. In santjinde sexstant waard as busstasjon boud foar Westnederland op it Stasjonsplein yn Delft. De geboukes waarden fan 1968 oant 1979 op in tal plakken yn Nederlân boud, foar in part ta ferfanging fan besteande âlde stasjonsgebouwen en diels as stasjonsgebou by in nij iepene foarstêdsstasjon.
Fan de santjin sextanten binne der fiif bewarre bleaun, dy't allegear in oare funksje krigen hawwe, of bûten gebrûk binne. De ôfbrutsen geboukes ferdwûnen nei't keazen wie foar in ûnbemanne stasjon mei in kaartsjeautomaat, of omdat it tal reizgers sa tanaam dat ferfanging troch in grutter stasjonsgebou needsaaklik achte waard.
Stasjons fan it type Sextant
bewurkje seksjeTal boud: 17, tal noch oanwêzich: 5.
Stasjon | boud | Opmerkingen | |
---|---|---|---|
Haren | 1968 | wachtromte | |
Rotterdam Alexander | 1968 | Yn 1983 ôfbrutsen | |
Utert Overvecht | 1968 | Yn 1995 ôfbrutsen | |
Tilburch West | 1969 | ||
Vlaardingen West | 1969 | Yn 2006 ôfbrutsen | |
Voorschoten | 1969 | Yn 1992 ôfbrutsen | |
Busstasjon Delft | 1970 | Yn 2006 ôfbrutsen | |
Bussum Súd | 1970 | Yn gebrûk as Kiosk | |
Delft Súd | 1970 | Yn 2006 ôfbrutsen | |
Doardt Súd | 1970 | Yn 2001 ôfbrutsen | |
Maassluis West | 1970 | Yn 2007 ôfbrutsen | |
Eindhoven Beukenlaan | 1971 | Yn gebrûk as Snackbar | |
Beek-Elsloo | 1975 | Yn gebrûk as ytgelegeheid | |
Susteren | 1975 | Yn gebrûk as winkel | |
Geleen-Lutterade | 1976 | Yn 2006 ôfbrutsen | |
Diemen | 1978 | Yn 2021 ôfbrutsen | |
Nimwegen Heyendaal | 1979 | Yn 2000 ôfbrutsen |