Stacy Valentine, echte namme: Stacy Baker (Tulsa (Oklahoma), 9 augustus 1970), is in Amerikaansk rêstend neakenmodel en pornografysk aktrise. Har foarnamme waard ek wol misstavere as Stacie, Stacey of Staci. Hja sette begjin 1996 útein mei in karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en waard al gau tige populêr. Yn 1999 wurke Valentine mei oan in yngeande dokumintêre oer har libben, mei as titel The Girl Next Door. It jiers dêrop beëinige se har pornokarriêre op it hichtepunt fan har rom.

Stacy Valentine
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Stacie Valentine, Stacey Valentine,
Staci Valentine
echte namme Stacy Baker
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 9 augustus 1970
berteplak Tulsa (Oklahoma)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, pornoaktrise
jierren aktyf 19962000
offisjele webside
www.stacyvalentine.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Valentine waard yn 1970 berne yn Tulsa, yn 'e Amerikaanske steat Oklahoma, dêr't se ek opgroeide. Hja wie in oannommen bern en troude al jong. Har man sette har ûnder druk om har boarsten fergrutsje te litten en dêrnei om mei te dwaan oan in amateurwedstryd op it mêd fan neakenfotografy foar it tydskrift Gallery. Doe't Valentine dy wedstryd wûn, wist se har oerwinning om te setten yn in fotoreportaazje yn it neakenblêd Hustler.

Pornokarriêre

bewurkje seksje

Dy reportaazje waard begjin 1996 makke yn Meksiko, en wylst se dêr wie, waard har frege om mei te wurkjen oan in softcore-fotoreportaazje foar Rage, in susterútjefte fan Hustler. Valentine stimde dêrmei yn en waard doe frege om mei te spyljen yn 'e hardcore-pornofilm Bikini Beach 4, fan 'e studio Coast to Coast Video. Ek dêr stimde se mei yn, nei eigen sizzen út klearebare ferfeling oer har libben as húsfrou yn Oklahoma. Nei't it filmjen dien wie, kearde se werom nei hûs, pakte har besittings yn, sei har man de wacht oan en ferfear nei Los Angeles, yn súdlik Kalifornje, om in karriêre as pornoaktrise te begjinnen.

Har skûlnamme boude Valentine op út har eigen foarnamme Stacy en út 'e efternamme Valentine, dy't se ûntliende oan it feit dat Bikini Beach 4 op 14 febrewaris 1996, Falentynsdei, opnommen wie. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) spile se neitiid yn likernôch 130 pornofilms, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Adam & Eve, VCA Pictures, Vivid Entertainment, New Sensations, Devil's Film, Anabolic Video, Evil Angel en Sin City. Teffens wurke se wol foar minder bekende filmstudio's, lykas Metro, Coast to Coast Video en Caballero Home Video.

Valentine wûn yn 1998 de Hot d'Or, de wichtichste Jeropeeske priis op it mêd fan pornografy, yn 'e kategory bêste Amerikaanske stjer. Yn 1999 wûn se de FICEB Ninfa Award op it Ynternasjonaal Eroatysk Filmfestival fan Barseloana, yn 'e kategory bêste aktrise. Datselde jiers wûn se ek de XRCO Award, de op ien heechste Amerikaanske priis foar pornografy, yn 'e kategory artyste fan it jier. Fierders waard Valentine letter opnommen yn sawol de XRCO Hall of Fame as de AVN Hall of Fame. Yn 1997 naam Valentine de foar in pornostjer ûngebrûklike stap om mei te wurkjen oan in djipdollende dokumintêre oer har libben, mei as titel The Girl Next Door ("It Fanke fan Hjirnêst"), dy't yn 1999 ferskynde. Dokumintêremakker Christine Fugate folge har twa jier lang en makke der in melankelyk portret fan dat rûnom loovjende kritiken krige.

Nei eigen sizzen wie Valentine nea fan doel om lang yn 'e pornoyndustry wurksum te bliuwen. Hja waard yn koarte tiid tige populêr, wûn wichtige prizen, sleat eksklusive kontrakten ôf dêr't se goed mei fertsjinne, en besleat doe, yn 2000, om op it hichtepunt fan har rom op te hâlden. Sels sei se dêroer: "Ik hie hiel hurd fochten om dy ljedder op te kommen, en ik tocht, ferdomd as der wer by del klimme sil." By tafal naam se har lêste sêne op Falentynsdei 2000 op, dat op 'e dei ôf fjouwer jier nei har debút yn in pornografyske film wie. Nei't se har pornokarriêre beëinige hie, gie Valentine werom nei skoalle en folge se in oplieding sakemangement. Yn 2010 wurke se yn Kalifornje as direkteur modellerekrutearring foar it neakenblêd Penthouse.

Lichemsskaaimerken

bewurkje seksje

Stacy Valentine is blank en hat blauwe eagen en blûn hier. Hja is 1.63 m lang, en hat kupmaat 34DD, dêr't se oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean. Valentine hat gjin piercings, mar al tatoeaazjes, om har rjochterankel hinne en yn 'e nekke.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1996 XRCO Award wûn bêste nije stjer n.f.t.
1997 XRCO Award wûn froulike stjer fan it jier n.f.t.
1998 FOXE Award wûn froulike favoryt fan 'e fans (dield mei Jenna Jameson, Tiffany Mynx en Stephanie Swift) n.f.t.
Hot d'Or wûn bêste Amerikaanske stjer n.f.t.
1999 FICEB Ninfa Award wûn bêste aktrise n.f.t.
XRCO Award wûn froulike favoryt fan 'e fans (dield mei Alisha Klass en Christi Lake) n.f.t.
XRCO Award wûn artyste fan it jier n.f.t.
2009 XRCO Award ynhuldige XRCO Hall of Fame n.f.t.
2012 AVN Award ynhuldige AVN Hall of Fame n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: