Spoar fan Viersen nei Venlo

Viersen - Venlo
Spoar fan Viersen nei Venlo op de kaart
Totale lingte24,1 km
SpoarwiidteNormaalspoor 1435 mm
Oanlein troch
Viersen - grins: Bergisch-Märkische Eisenbahn-Gesellschaft
grins - Venlo: Steat fan de Nederlannen
Iepene
Viersen - Kaldenkirchen: 29 jannewaris 1866
Kaldenkirchen - Venlo: 5 novimber 1866
hjoeddeistige statusYn Gebrûk
Elektrifisearre1968
Tal spoaren
Viersen - Dülken: 2
Dülken - Kaldenkirchen: 1
Kaldenkirchen - Venlo: 2
Befeiliging of treinbeynfloedingPZB
Treintsjinst trochEurobahn
Trajekt
vSTR- spoar fan Mönchen-gladbach Hbf fan 1917 ôf
vENDExa-STR spoar fan Neersen opbr.
dSHI2 ldSHI2gr ldSHI2grd
edABZglevKRZoexdSTR r
dENDEevDST-STRexdENDEe -0,4 Viersen Gbf
vÜSTr
vBHF 0,0 Viersen
vÜSTl
veABZg l-STR spoar fan Mönchen-gladbach Hbf oant 1917
evBHF Viersen BM
vSTRr-STR spoar nei Krefeld-Oppum
eABZgrd spoar nei Krefeld opbr.
SKRZ-Aud 61
BHFd 5,0 Dülken
eABZgld spoar nei Brüggen bûten gebrûk
BHFd 9,8 Boisheim
BHFd 13,0 Breyell
spoar fan Kempen (Niederrhein) opbr.
vBHF-STR 17,6 Kaldenkirchen
vSTR-DST 18,3 Kaldenkirchen Gbf
spoar nei Brüggen West opbr.
SKRZ-Aud 61
ZOLLd
19,3
0,0
grins
Dútslân - Nederlân
exdKBSTaqeABZg r Fleanfjild Venlo opbr.
vSTR-STR l spoar fan Maastricht
vSKRZ-G2BUE 2,2 Vierpaardjes
dENDEavÜSTldENDEa
vÜSTlvÜST
ddENDEevÜSTrvSHI2gl-
vSEC2vSEC2-STR spanningsslûs 15 kV~/1,5 kV
uexdKBHFadKBHFa-LvBHF-RdDST-LdKDSTe-R
3,3
0,0
Venlo
uexdSTRv-SHI2g rvSTRd
uexvSTR-   exSTRq
exvSTRr-   v-SHI2g r
vSTR-
spoar nei Büderich opbr.
uexdABZgrvÜSTrd tramwei nei Nimwegen opbr.
uexvSTRl-uexdSTRqemvKRZod tramwei nei Steyl opbr.
vSKRZ-G4o 0,3 N271 Roermondsepoarte
uexdSTRquexdKHSTeqv-SHI2grdSTRd tramwei nei Helden opbr.
ddENDEedSTRdENDEe
dhKRZWae 0,7 Spoarbrêge Venlo
Maas
dSTR spoar nei Eindhoven Sintraal
dSTR spoar nei Nimwegen

De Spoarline fan Viersen nei Venlo is in yn 1866 iepene grinsoerskriedende spoarline dy't de Dútske stêd Viersen mei Venlo yn Nederlân ferbynt. It Nederlânske part is de neffens de Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanlein as de fiif kilometer lange Steatsline G: Venlo - Kaldenkirchen. It Dútske part fan de spoarline is oanlein troch de Bergisch-Märkische Eisenbahn-Gesellschaft en as spoarline DB 2510 ûnder behear fan DB Netze. In part fan it trajekt op Dútsk grûngebiet is op guon plakken inkeldspoar.

Steatsline G

bewurkje seksje

Steatsline G is de neffens de "Wet op de Oanlis van Steatsspoarwegen" fan 18 augustus 1860 troch de Steat fan de Nederlannen oanleine spoarwei dy't eins net mear is as in ferbiningswei tusken it Nederlânske en it Dútske spoarnetwurk. It is dan ek in lyts part fan it spoar fan Viersen nei Venlo. Steatsline G is yn 1968 elektrifisearre mei de Dútske boppeliedingsspanning fan 15 kV en is hjirtroch net mei Nederlânsk elektrysk materieel te beriden. Dêrom is der krekt foar it stasjon fan Venlo in spanningsslûs. Neist it reizgersferfier is de spoarline fan belang foar it frachtferfier tusken de Rotterdamske haven en it Ruhrgebiet. Ek nei de iepening fan de Betuwerûte rydt in grut tal frachttreinen noch altyd fia de âlde rûte oer Steatsline G nei it Dútske Ruhrgebiet.

Treintsjinst

bewurkje seksje
NS en DB

Oant 1995 ried der tusken De Haach en Keulen alle twa oeren in trochgeande buorlântrein. Yn 1995 waard dy tsjinst beheind ta Eindhoven Sintraal om yn 1999 alhiel te ferdwinen. Dêrneist rieden der ek oare ynternasjonale treinen lykas D-treinen en boattreinen.

DB Regio

De Deutsche Bahn fersoarge dêrnei oant desimber 2009 it persoaneferfier op dit trajekt mei RE-treinen. Tusken desimber 2009 en juny 2010 ried DB Regio yn opdracht fan de EuroBahn oant april 2010 tusken Venlo en Mönchengladbach, dêrnei tusken Venlo en Kaldenkirchen, omdat de FLIRT-treinstellen fan EuroBahn op it Nederlânske diel noch net talitten waarden.

Eurobahn

Yn maart 2007 waard bekend dat eurobahn de oanbesteging fan de Maas-Rhein-Lippe-Netz wûn hie. De eurobahn fersoarget sûnt 2009 de treintsjinst foar it regionaal persoaneferfier Fan juny ôf meie de Eurobahn treinstellen fan it type Stadler FLIRT ek trochride nei Venlo.

Stasjons en gebouwen

bewurkje seksje

Oan it spoar lizze hjoed-de-dei 6 stasjons: (kursyf: earder stasjon)

Stasjon Iepene hjoeddeistich gebou
  Venlo 21 novimber 1865 1958, NS 2e gebou, unyk ûntwerp fan arsjitekt K. van der Gaast.
  Kaldenkirchen 29 jannewaris 1866 1866, BME, 1e gebou, stasjonsgebou hjoed de dei yn gebrûk as útgeansgelegenheid.
  Breyell
  Boisheim 1878
  Dülken 29 jannewaris 1866 1866, BME, 1e gebou.
  Viersen 29 jannewaris 1866 1866, BME, 1e gebou.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:


  Steatslinen  

Steatsline A (Arnhim - Ljouwert) | Steatsline B (Harns Haven - Bad Nijeskâns) | Steatsline C (Meppel - Grins) | Steatsline D (Sutfen - Glanerbrug) | Steatsline E (Breda - Maastricht) | Steatsline F (Roosendaal - Flissingen) | Steatsline G (Venlo - Kaldenkirchen) | Steatsline H (Utert Sintraal - Boxtel) | Steatsline I (Breda - Rotterdam DP/Sintraal) | Steatsline K (De Helder - Amsterdam Sintraal)

  ·   ·