Sparjeburd is in buorskip yn de gemeente Opsterlân. Sparjeburd leit noardeastlik fan De Himrik, dêr't it by heart, en besúdeasten Beetstersweach. De namme Sparjeburd (1693) komt ek foar as Sparrie Bird (1769) , Sparjebird (1848), Sparrebird en Sparjebirt'.

Totempeal by yngong boartersbosk Sparjeburd

It Nammekundich Wurkforbân fan de Fryske Akademy woe yn 1961 hawwe dat bird/burd buorren of buert betsjutte soe, lykas yn Tsjalbert of Lúnbert. Der binne lykwols ek 'sneupers' dy’t earder oan it Ingelske wjergader fan ouwer of board tinke, lykas yn Burdaard. Mar yn dat gefal soe Sparjeburd nochal fier fan it Alddjip, it eardere Keningsdjip, ôf lizze. De kaart fan Schotanus sr. jout in buertsje mids it Keningsdjip en it heechfean. Dat buertsje lei krekt boppe de Hearrewei dy’t no Binnenwei hjit. By it earste diel fan ‘e namme, sparje, wurdt wol oan grins of begrinzing tocht. Lykwols is der yn de Hearrewei tusken De Himrik en Weinterp op gjin inkele kaart in tol of tolhûs te finen en hat dêr ek gjin leidyk west. De ikkers dy’t sa’n leidyk beskermje moast, wiene yn ‘e tiid fan ‘e oanlis fan de Hearrewei noch net oanmakke.
It is Schotanus jr. dy’t yn 1718 de namme Sparjebird foar it earst op ‘e kaart tekenet. Op dyselde kaart neamt er nochal wat begripen út ‘e bou. Sa wurde der Rog Molens en Boeck weiten ackers yntekene. Miskien leit ‘e ferklearring foar sparje dan ek wol tichter by hûs, mooglik as (by)namme fan sa’n buertsje. Sparje of sparjekrûd waard troch heidsjers gewoanwei brûkt foar de twadde bou nei dy fan ‘e rogge of it boekweet om ‘e boaiem grien te bedongjen. It is in soarte fan ûnkrûd dat brûkt waard as foer foar it fee. Al ûnder de groei waarden de bisten oan in tsjoar of in peal yn ’e bou set. Dan koene se mar beheind ite en harren net ferfrette.

De Nederlânske Arbeidstsjinst (NAD) hie yn de Twadde Wrâldkriich twa wurkkampen by Sparjeburd: Kamp Himrik Noard (Kamp Christiaan de Wet) en Kamp Himrik Súd (Kamp Antony van Leeuwenhoek). Nei de oarloch wie it kamp oant 1 juny 1947 in Bewarings- en Verblijfskamp voor Jeugdige Politieke Delinquenten yn it ramt fan de Bysûndere Rjochtspleging. Op dy datum waard it nammentlik oerdroegen oan Bureau Bijzondere Jeugdzorg, dy't der ôf woe.

Yn de jierren '60 en '70 wie de bosk mei boartersgreide in populêre bestimming foar spulwiken foar de jeugd en skoalreiskes.

Yn july 1969 is de boartersbosk fan Sparjeburd offisjeel iepene. Yn Sparjeburd is no in rekreaasje-oarde mei in iepenloftteater, eigendom fan Steatsboskbehear. 2010/2011 hat Steatsboskbehear de bosk opknapt, De offisjele iepening wie op 17 maaie 2011.[1]

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. De Woudklank, 12 maaie 2011.
  2. Mûnedatabase
Natoergebieten fan Steatsboskbehear yn Fryslân

AlddyksgatDe Alde BoskBalksterboskBeekdelling AlddjipBlikfeartBoksleatBoskplaatBrandemarBremer WyldernisBurgumer MarBûten IeDe DeelenDellebuorrenDriezumer MarDrintsk-Fryske WâldDuerswâldmer HeideEastboskEgypteboskElfbergenGeastmer boskGouden BoaiemGrutte BrekkenHagedoarnfjildHamstermiedenHarichsterboskHaulsterboskenHeanmarHimpensermarHollumerboskHoutwielJolderenboskJouswierpolderDe KalkmanKanadamarKlaarkampster MarKoegelwieckKop fan de BloksleatpolderKoudumer HeechKroanpoldersKwekerijboskLange DunenLângoed It OranjewâldLângoed Stania StateLauwersmarDe LeienLindefalleiMarlannenLytse MarrenNannewiidNoardlike Fryske WâldenNesserboskNijemardumer HeideNoardfarderPolder ReahelReidpôllenRoasdunenRoazeboskRotstergaaster WâlenRottige MeenteSânhúster FjildSchwartzenbergerboskSleattemer MarSnitser MarSparjeburdStarnumanboskenDe SteatenSweagermiedenIt SwinTsjongerwâlenTsjûkemarTwizelermiedenDe VleyenWarkumer NijlânDe WarrenWeinterper SkarWikeler HopDe WyldemerkWynzerpolder Wite en Swarte Brekken

  Opsterlân  
Doarpen en útbuorrens:
BakkefeanBeetstersweachFryske PeallenDe GordykDe HimrikJonkerslânLangsweagenLippenhuzenLúkswâldNij BeetsOerterpOlterterpSigerswâldTerwispelDe TynjeWynjewâld
Buorskippen:
Ald BeetsAllardseach (foar in part)It FoarwurkFoksebuorrenDe HanebuertHanebuorrenHeidehuzenHimrikerferlaatKoartsweagenLyts GrinsMoskou (foar in part)Nije FeartOerterp oan de FeartPetersburchSelmienSparjeburdDe UlesprongWeinterpferlaatDe Wyngaarden
  ·   ·