Sovjet-Uny
De Sovjet-Uny waard opgerjochte yn 1922, nei de Russyske revolúsje. De offisjele namme wie Uny fan Sosjalistyske Sovjetrepubliken, ôfkoarte as USSR, yn it Russysk en mei Syrillysk alfabet wie dat СССР (sprek út as SSSR). Yn 1991 waard de uny ûntbûn en krigen alle 15 republiken fan 'e âlde Sovjet-Uny ûnôhinklikens.
Uny fan Sosjalistyske Sovjetrepubliken Союз Советских Социалистических Республик Sojuz Sovjetskich Socialističeskich Rjespublik | |
---|---|
1922 – 1991 | |
flagge | wapen |
Russysk: Пролетарии Всех Стран, Соединяйтесь! Proletarii Vsjech Stran, Sojedinjajtjes’! ("Proletariërs Aller Lannen, Ferienje Jimme!") | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Moskou |
offisjele taal | Russysk |
steatsfoarm | federaasje fan republiken |
ûntstien út | ● Russyske S.F.S.R. ● Transkauk. S.F.S.R. ● Oekraynske S.S.R. ● Wytrussyske S.S.R. ● Bûchaarske S.S.R. ● Folksrep. Gorazmje ● Estlân ● Letlân ● Litouwen ● Folksrepublyk Tûva |
opgien yn | ● Ruslân ● Armeenje ● Azerbeidzjan ● Estlân ● Georgje ● Kazachstan ● Kirgyzje ● Letlân ● Litouwen ● Moldaavje ● de Oekraïne ● Oezbekistan ● Tadzjikistan ● Turkmenistan ● Wyt-Ruslân |
no diel fan | sjoch by "opgien yn" |
sifers | |
ynwennertal | 293 miljoen (1991) |
befolkingstichtens | 13,1 / km² |
oerflak | 22.402.200 km² (wêrfan 22% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
folksliet | De Ynternasjonale |
muntienheid | roebel |
tillefoan | 7 |
ISO 3166-koade | SU |
ynternetekstinsje | .su |
Lieders fan it regear
bewurkje seksjeIdeology
bewurkje seksjeDe idelogyske begjinsels dy't de bases foarme fan ynlânske en bútenlânske polityk fan 'e Sovjet-Uny en fan it sosjaal-ekonomyske systeem fan it ryk, waard it Marksisme, in wichtige streaming fan it kommunisme. Neffens dy ideology wie it stribjen fia in perfekt sosjalistysk systeem in kommunistyske heilsteat te wurden. Njonken dat soe de Sovjet-Uny bydrage oan de wrâldrevolúsje dêr't it Marksisme fan útgiet. Lenin soarge yn de Sovjet-Uny foar in polityk-ekonomysk systeem wat op dy Marksistyske ideology oanslute moast, it Leninisme.
Militêr
bewurkje seksjeUt it bolsjewistyske folksleger fan de Russyske Revolúsje groeide letter it Reade Leger. It Reade Leger (nei nammeferoaring yn 1946: Sovjet-leger) omfieme de lânmacht, loftmacht, loftferdigening (fan 1948 ôf) en de Strategyske Rakettroepen (fan 1960 ôf). It Reade Leger foarme mei de Sovjet-marine de definsje fan de Sovjet-Uny.
De KGB soarge dêrneist foar de steatsfeilichheid.
Wichtige dagen
bewurkje seksjeDatum | Fryske namme | Russyske namme | Oanfolling |
---|---|---|---|
1 jannewaris | Nijjier | Новый Год | |
7 jannewaris | Ortodokske Kryst | Православное Рождество | |
23 febrewaris | Dei fan it leger | День Советской Армии и Военно-Морского Флота | Febrewarisrevolúsje 1917; oprjochting fan it Reade leger 1918. |
8 maart | Ynternasjonale Frouljusdei | Международный Женский День | |
1 maaie | Earste Maaie | Первое Мая - День Солидарности Трудящихся | Dei fan de Arbeid |
9 maaie | Oerwinningsdagen | День Победы | Nazy-Dútslân oerwûn yn 1945 |
7-8 novimber | Sosjalistyske Oktoberrevolúsje | Седьмое Ноября | Oktoberrevolúsje 1917; hjit no: День Примирения |