Somme (departemint)

Frânsk departemint

Somme (Pikardysk: Sonme) is in Frânsk departemint yn 'e regio Opper-Frankryk (Hauts-de-France). It is ien fan 'e 83 departeminten dy't op 4 maart 1790 yn 'e tiid fan 'e Frânske Revolúsje ûntstie út in diel fan 'e provinsje Pikardje (Amiénois, Marquenterre, Ponthieu, Santerre en Vimeu). Fan 1960 oant 2015 hearde it by de regio Pikardje, dat sûnt 2016 yn 'e regio Opper-Frankryk (Hauts-de France) opgyng.

Somme

Lokaasje fan it departemint Somme (read) yn Frankryk.
flagge wapen
polityk
soarte gebiet departemint
lân Frankryk
regio Opper-Frankryk
haadplak Amiens
grutste plak Amiens
departemintsnûmer 80
sifers
ynwennertal 566.252 (2021)
oerflak 6.170 km²
befolkingstichtens 92 ynw./km²
oar
stifting 1790
tiidsône UTC 1
simmertiid UTC 2
koördinaten 49°53'N 2°25'E
webside somme.fr

It departemint grinzget yn it noarden oan 'e departeminten Pas-de-Calais en Nord, yn it easten oan it departemint Aisne, yn it suden oan it departemint Oise en yn it westen oan it departemint Seine-Maritime en it Kanaal.

Troch it departemint rint de rivier de Somme.

 
Wat der nei de Slach oan 'e Somme oerbleau fan it bosk fan Delville by Longueval (1916).

De rivier de Somme hat jimmeroan in grutte rol spile yn 'e skiednis fan 'e streek. Yn 1066 wie Saint-Valery-sur-Somme it plak dêr't de float fan Willem de Oermasterer de oerstek makke nei Ingelân. De rivier spile ek in rol yn 1346 yn 'e striid tusken Eduard III fan Ingelân en Filips VI fan Frankryk en de fjildtocht dy't letter late ta de Slach by Azincourt yn 1415.

Yn 1636 yn 'e Tritichjierrige Oarloch fersloegen Spaanske troepen ûnder oanfiering fan Thomas Frans, prins fan Carignano, it Frânske leger oan 'e Somme.

Mar it meast bekend is de Slach oan de Somme yn 'e Earste Wrâldkriich. Dy slach duorre fan july oant novimber 1916 en Frankryk, it Feriene Keninkryk en Dútslân ferlearen mear as ien miljoen man, sûnder ek mar wat terrein te winnen. Ek de grutte fjildslagen dy't lang om let de Dútsers stopten yn it Maitiidsoffensyf fan 1918 waarden útfochten yn 'e delling fan 'e Somme yn plakken lykas Villers Bretonneux.

De grutste stêden neffens ynwennertal fan it departemint binne:

Stêd Ynwennertal (2021) Arrondissemint
Amiens 133.625 Amiens
Abbeville 22.595 Abbeville
Albert 9.781 Péronne
Péronne 7.291 Péronne
Corbie 6.177 Amiens
Doullens 5.835 Amiens
Montdidier 6.009 Montdidier
Roye 5.662 Montdidier
Longueau 5.767 Amiens

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje
 
Bestjoerlike yndieling fan it departeminten.

It departemint Somme is ûnder te ferdielen yn 4 arrondisseminten, 23 kantons en 772 gemeenten:

Arrondissemint Ynwenners 2021 Oerflak (km²) Ynwenners/km² Kantons Gemeenten
Abbeville 122.466 1.563,89 78 6 164
Amiens 304.331 2.358,34 130 13 291
Montdidier 46.920 787,22 60 3 109
Peronne 92.535 1.497,30 62 4 208
Departemint Somme 566.252 6.206,75 92 23 772

Befolkingsûntwikkeling departemint Somme sûnt 1962

bewurkje seksje
Jier 1962 1968 1975 1982 1990 1999 2008 2015 2018
Ynwenners 487.524 511.491 538.462 544.570 547.825 565.561 575.086 571.879 578.978
Boarnen: Cassini en INSEE
  Departeminten fan Frankryk  

01 Ain • 02 Aisne • 03 Allier • 04 Alpes-de-Haute-Provence • 05 Hautes-Alpes • 06 Alpes-Maritimes • 07 Ardèche • 08 Ardennes • 09 Ariège • 10 Aube • 11 Aude • 12 Aveyron • 13 Bouches-du-Rhône • 14 Calvados • 15 Cantal • 16 Charente • 17 Charente-Maritime • 18 Cher • 19 Corrèze • 2A Súd-Korsika • 2B Opper-Korsika • 21 Côte-d'Or • 22 Côtes-d'Armor • 23 Creuse • 24 Dordonje • 25 Doubs • 26 Drôme • 27 Eure • 28 Eure-et-Loir • 29 Finistère • 30 Gard • 31 Haute-Garonne • 32 Gers • 33 Gironde • 34 Hérault • 35 Ille-et-Vilaine • 36 Indre • 37 Indre-et-Loire • 38 Isère • 39 Jura • 40 Landes • 41 Loir-et-Cher • 42 Loire • 43 Haute-Loire • 44 Loire-Atlantique • 45 Loiret • 46 Lot • 47 Lot-et-Garonne • 48 Lozère • 49 Maine-et-Loire • 50 Manche • 51 Marne • 52 Haute-Marne • 53 Mayenne • 54 Merthe-et-Moselle • 55 Meuse • 56 Morbihan • 57 Moselle • 58 Nièvre • 59 Nord • 60 Oise • 61 Orne • 62 Pas-de-Calais • 63 Puy-de-Dôme • 64 Pyrénées-Atlantiques • 65 Hautes-Pyrénées • 66 Pyrénées-Orientales • 67 Bas-Rhin • 68 Haut-Rhin • 69 Rhône • 70 Haute-Saône • 71 Saône-et-Loire • 72 Sarthe • 73 Savoaye • 74 Opper-Savoaye • 75 Parys • 76 Seine-Maritime • 77 Seine-et-Marne • 78 Yvelines • 79 Deux-Sèvres • 80 Somme • 81 Tarn • 82 Tarn-et-Garonne • 83 Var • 84 Vaucluse • 85 Vendée • 86 Vienne • 87 Haute-Vienne • 88 Fogezen • 89 Yonne • 90 Territoire-de-Belfort • 91 Esonne • 92 Hauts-de-Seine • 93 Seine-Saint-Denis • 94 Val-de-Marne • 95 Val-d'Oise

Oerseeske departeminten

971 Gûadelûp • 972 Martinyk • 973 Frânsk-Guyana • 974 Reünion • 975 Majot

  ·   ·  
  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Somme (departemint) fan Wikimedia Commons.