Sjerusken
De Sjerusken wienen in Germaanske stam yn noardwesten fan it tsjintwurdige Dútslân, oan de middenrin fan de Weser. Harren wichtige buorfolken wiene de Sjatten en de Sjauken.
Troch Julius Caesar waard foar it earst melding dien fan de Sjerusken yn syn wurk "De Bello Gallico", boek 6.10, dêr't hy al syn belibbenissen yn beskriuwt fan 53 f.Kr. Yn 12 f.Kr. wurde de Sjerusken ûnderwurpen troch Drusus by syn fjildtochten eastlik fan de Ryn. Letter ferwurf de stam grutte rom yn de Slach by it Teutoburger Wâld (9 n.Kr. ûnder lieding fan Arminius, dy't in alliânsje smeie fan de oanswettende Germaanske stammen, de Brukteren, Sjatten, Marsen en Sjerusken. Trije Romeinske legioenen fan Farus waarden ferneatigjend ferslein. Rome soe nei dizze slach har stribje om Germaansk gebiet tusken Ryn en Elbe yn te liven opjaan en loek har tebek efter de Limes. De ferovering waard te djoer achte. Tasitus skreau yn syn boek De origine et situ Germanorum dat de Sjerusken fan dy tiid ôf in lange tiid frede hawwe kend, wêrnei hja mei de Sjatten yn kriich rekke en troch harren ferslein waarden. De datearring fan dizze oarloch is net wis, mar wie in de twadde helte fan de 1e iuw.
Ferneamde Sjerusken
bewurkje seksje- Harmen, liberator Germaniae (aldus Tasitus), fersloech Farus en makke in ein oan de Romeinske besetting fan Germaanje.
- Flavus ("de blonde", bynamme jûn troch syn Romeinske kollega's), broer fan Harmen, tsjinne as offisier yn it Romeinske leger ûnder Germanikus.
- Segestes, tsjinstanner fan Harmen, stelt Farus op de hichte fan syn plannen.
- Italikus, al gizeler grutbrocht yn Rome en troch keizer Klaudius yn 47 n.Kr. as kening nei de Sjerusken stjoerd. Neef fan Arminius.
Foarfallen
bewurkje seksje- 18 f.Kr. - 9: oermastering troch Drusus en Tibearius.
- 9 n.Kr.: Farus wurdt by de Kalkrieserberg yn in mûklaach lokke en ferneatigjend ferslein.
- 15 n.Kr.: twadde fjildtocht fan Germanikus. De efterfolging op Arminius begjint.
- 16 n.Kr.: tredde fjildtocht fan Germanikus. De Slach by Idavisto einigt mei in nederlaach.
- 17 n.Kr.: kriich mei de Sueben. Kening Marbod wurdt ferslein, de Sjerusken en harren bûnsmaten pronken mei bûtmakke Romeinske wapens.
- 19 n.Kr.: Harmen komt, mooglik troch ferried yn eigen fermidden, om it libben.
- 47 n.Kr.: Italikus, de soan fan Flavus is de ienige oerlibbene fan syn famylje. Nei ûnderlinge twisten wurdt hy troch Klaudius as kening nei de Sjerusken stjoerd.
- Sa. 49 n.Kr.: Italikus slagget deryn in koalysje fan omhinne wenjende stammen en ûntefredenen fan syn eigen folk yn in fjildslach te ferslaan, wurdt letter ferjage, mar keart mei help fan de Longobarden werom.
- Sa. 51 n.Kr.: Italikus behellet op 'e nij in oerwinning.
Germaanske folken | feroarje |
---|---|
Allemannen · Ambroanen · Ampsivaren · Angelen · Angrivaarjers · Asdingen · Bajuwaren · Bataven · Boergonden · Bruktearen · Chasuarii · Dulgubnii · Fandalen · Fangionen · Fisigoaten · Fosy · Franken · Frisii · Gamaven . Gepiden · Goaten · Harii · Helisjers · Hermunduren · Herulen · Juten · Kananefaten · Kimbren · Kwaden · Lakringen · Langobarden · Lemovjers · Lugjers · Manimjers · Markomannen · Marobudui · Mattiakken · Naharvalen · Nemeten · Nervjers · Ostrogoaten · Rugjers · Saksen · Semnoanen · Silingen · Sitones · Sjamaven · Sjatten · Sjauken · Sjerusken · Skieren · Suëven · Sugambren · Suiones · Tenktearen · Teutoanen · Toksandrjers · Treveary · Triboken · Tubanten · Tudry · Ubjers · Usipeten · Volcae · Warnen |