Seltsjoeken
De Seltsjoeken wienen in Turkske stamme, dy't oarspronklik út Sintraal-Aazje wei kamen en begjin 11e iuw in ryk yn it Midden-Easten stifte dat stân hold oant de 13e iuw, mar dat syn hichtepunt meimakke op de ein fan de 11e iuw. Ikoanion, it latere Konya wie haadstêd fan dat Ryk.
Iere tiid
bewurkje seksjeDe stamheit fan de Seltsjoekedynasty wie Seltsjoek, mar as feitlik grûnlizzer fan harren macht jildt Tuğrul Beg in pakesizzer fan him. Seltsjoek wie in bey (lieder) fan de Kinik, in ôftakking fan de Oghuzen, en gong mei syn folk om-ende-by 960 oer ta it islamityske leauwen.
Neidat de Seltsjoeken yn 1026 troch Mahmoed fan Ghazna ferslein wienen, splitsten sy har op yn trije groepen. Wylst ien groep yn Sintraal-Aazje bleau, lutsen twa groepen westoan nei Korasan en Afganistan. Yn 1037 waard Merv ferovere en yn 1038 Herat en Nisjapoer. Nei de dea fan Seltsjoek ferparten syn pakesizzers Tuğrul Beg en Sjagry Beg it lân. Tuğrul krige it westlike part en soe it ryk fierder útwreidzje.
Yn 1040 fersloech Tuğrul de Gaznaviden, yn 1042 ferovere hy it westen fan Iran, yn 1052 ferovere hy Siraz en yn 1054 waard er soeverein hearsker oer Azerbeidzjan en Koezistan.
Dêrnei rjochte hy him op Irak, dêr't Bagdad de yn dy tiid dewichtichste stêd fan it Midden-Easten fan wie. As soennyt woe hy Bagdad "befrije" fan de sjiïtyske Boeyiden. Yn 1055 slagge it him Bagdad te feroverjen. Mei de oermastering fan Bagdad kontrolearren de Seltsjoeken it kalifaat en as sadanich feitlik ek de islam.
Alp Arslan
bewurkje seksjeNei de dea fan Tuğrul yn 1063 waard in neef fan him Alp Arslan de nije lieder. Tegearre mei syn ynfloedrike grûtfizier Nizam al-Moelk boude Alp Arslan in machtige steatsorganisaasje op. It leger fan hierlingen waard omfoarme ta in steand leger. Yn 1070 erkende de Sjaryf fan Mekka de soevereiniteit fan de Alp Arslan en dêrtroch wie de pylgerrûte nei Mekka fersekere.
Yn Anatoalje oermasteren losse kloften Turken ferskate stêden lykas Caesarea (1067) en Konya (1069. Alp Arslan feriene de Turkske troepen en fersloech de Byzantinen yn 1071 yn de slach by Mantzikert dêr't Anatoalje troch iepen lei foar de Turken. (Yn reaksje op dizze nederlaach soe de Byzantynske keizer help ynroppe by de Paus, wat úteinlik liede soe ta de Krústochten.
Nei dizze oerwinning yn Anatoalje luts Alp Arslan fierder eastoan, mar waard yn 1072 deade doe't er mei it leger de Oksus oerstiek.
Lettere tiid
bewurkje seksjeAlp Arslan waard troch Malik Sjah I, in soan fan him opfolge. Dy boude de steat fierder út mar ûnder syn regear waard al dúdlik dat er net by steat wie it ôfgryslik grutte ryk byinoar te hâlden. Nei syn dea yn 1092 foel it dan ek útinoar yn trije parten. Syn neifolgers strieden ûnderling om de macht wat noch mear ta ûnderlinge ferdieldheid liede soe.
Lang om let foel it Seltsjoekeryk útien yn ferskate lytse steatsjes.