Seeklimaat
In seeklimaat of maritym klimaat is in klimaat mei koele simmers en sêfte winters. Dêrmei is it tsjinoerstelde fan in lânklimaat dat him kenmerke troch ekstreme temperatueren yn simmer en winter.
Seeklimaat komt oeral op 'e wrâld foar, dêr't de ôfstân ta de see beheind is, dêr't de ynfloed fan de oseaan en seeën waarnimber troch is. Omdat it seeoerflak wiet is, hâldt it de temperatuer maklik fêst. Dat is wêrom de temperatueren simmers en winters net botte fier útelkoar rinne.