Sandra Dark
Sandra Dark, echte namme ûnbekend (22 maart 1975), is in rêstend Litousk[1][2] neakenmodel en pornografysk aktrise, dy't ek wol wurke hat ûnder de namme Sandra.
Sandra Dark | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | ûnbekend | |
nasjonaliteit | Litousk | |
berne | 22 maart 1975 | |
berteplak | ? (Litouwen) | |
etnisiteit | Litousk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 1996 – 1998 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeSandra Dark waard yn 1975 berne yn Litouwen[3][4] (en net Letlân, sa't in inkele boarne hawwe wol).[5] Mids njoggentiger jierren waard hja ûntdutsen troch de Frânske pornoregisseur Pierre Woodman, wêrnei't hja mei 21 jier, yn 1996, har debút yn in pornografyske film makke.
Woodman caste Dark yn ferskate films foar it Sweedske Private-label, wêrfan't de bekendsten The Pyramid 1, út 1996, en Tatiana 2, út 1998, binne. Yn totaal spile Dark neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn in njoggental pornofilms, wêrûnder ek fjouwer dielen fan 'e Private Triple X-rige, ien diel fan 'e Private Triple X Files en twa dielen fan Private Castings X. Fan dy lêste beide films waard Private Castings X 30 (mei earder opnommen materiaal) pas yn 2001 útbrocht, hoewol't Sandra Dark har al yn 1998 út 'e pornoyndustry weromlutsen hie.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Biografy en filmografy fan Sandra Dark yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
- (in) Biografyske gegevens en filmografy fan Sandra Dark yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
- (in) Profyl fan Sandra Dark yn 'e Adult Film Database (AFD)