San Marino (stêd)
San Marino Città is de haadstêd fan San Marino, in dwerchsteat fan alle kanten omjûn troch Itaalje. It stedsje leit yn de gemeente (castelli) Città di San Marino (lett: 'stêd'). Yn 2003 wennen der 4.493 minsken op in oerflak fan 7,09 km². San Marino leit op de skeanten fan de berch Monte Titano, ticht by de Adriatyske See.
San Marino | ||
Bestjoer | ||
Lân | San Marino | |
Boargemaster | Alessandro Barulli (sûnt 2003) | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 4493 (2003) | |
Oerflak | 7,09 km² | |
Befolkingsticht. | 633.71/ km² | |
Hichte | 749 m | |
Oar | ||
Stifting | 3 septimber 301 | |
Postkoade | RSM-47890 | |
Tiidsône | CET (UTC 1) | |
Simmertiid | (DST) CEST (UTC 2) | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
Offisjeel webstee |
It toerisme is yn de rin fan de tiid hieltyd wichtiger wurden foar de stêd. Trije miljoen minsken komme dêr elts jier te sjen, dêr't 85% fan Italjaan is. Oar ynkommen komt fan hannel, it ferkeapjen fan postsegels en de (delgeande) lytse agraryske yndustry.
De tradysje wol hawwe dat de stêd op 3 septimber 301 stifte is, doe't kristlike flechtlingen ûnder Marinus fan Rimini in delsetting op de Titano bouden. Under de Romeinske ferfolgingen kamen mear kristenen nei San Marino; de stedsteat San Marino waard de earste republyk fan Europa. Yn de 11e, 13e en 14e iuw waarden trije fersterke tuorren boud om de stêd te beskermjen tsjin oanfallen fan bûten.
-
Palazzo Pubblico,
it stedhûs
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory San Marino (stad) fan Wikimedia Commons. |