Salamanca
Salamanca is in stêd en gemeente yn de autonome Spaanske regio Kastylje en Leön. De stêd is ek it haadplak fan de provinsje mei deselde namme. Yn it jier 1988 krige Salamanca fan UNESCO de status fan wrâlderfgoed. Salamanca wie boppedat yn it jier 2002 tegearre mei Brugge 'Kulturele Haadstêd fan Europa'.
Salamanca | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Spanje | |
regio | Kastylje-Leön | |
provinsje | Salamanca | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 142.412 (2022) | |
Oerflak | 39,34 km² | |
Befolkingsticht. | 3.671,48 ynw./km² | |
Hichte | 798 m | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 40° 58'N 5° 12'W | |
Offisjele webside | ||
Webstee | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe âlde Ibearyske delsetting waard yn it jier 219 f.Kr. troch Hannibal belegere. Under romeinsk en westgoatysk bewâld (133 f.Kr. oant ± 712 f.Kr.) waard de stêd 'Helmantica' neamd. Yn dat tiidrek waard de delsetting in belangryk hannelssintrum.
Yn de 8e iuw oermasteren moslims de stêd, mar al yn it jier 939 waard de stêd nei de Slach fan Simancas wer kristlik (reconquista). Salamanca waard ynnearsten in grinsstêd foar it kristlike Spanje en hie jimmeroan wer te meitsjen mei oanfallen fan it islamityske suden. Dat late ta in ûntfolking en pas nei de oermastering fan Toledo troch Alfons VI fan Leön yn it jier 1085 koene de ynwenners fan de stêd wer rommer sykhelje en naam de befolking wer ta (repoblación). De nije kristlike ynwenners kamen yn 1162 tsjin Kastylje-Leön yn opstân en fregen yn 1163 stipe fan Portugal, dat Salamance twa jier lang besette.
Yn 1218 waard de foarrinner fan de earste universiteit fan Spanje yn Salamanca stifte. Yn 1254 krige dy skoalle de status fan universiteit en tagelyk befêstige paus Alexander IV (paus) Aleksander IV de universiteit mei in bul de akademyske graad.
Salamanca makke syn bloeitiid yn de 16e iuw mei. Yn it jier 1524 waard mei de bou fan it kleaster San Esteban útein set.
By de Slach by Salamanca op 22 july 1812 fersloech in Britsk-Portugeesk leger ûnder Wellington it Frânske leger ûnder Marmont.
It besjen wurdich
bewurkje seksjeDe stêd is twa katedralen ryk, de âlde katedraal út de 12e iuw en de nije katedraal út de 16e iuw. Beide katedralen foarmje ien kompleks. De toer fan de nije katedraal moast fersterke wurde fanwegen skuorren troch de ierdskodding fan Lissabon. Foar de katedraal oer leit it biskoplike paleis. Yn de tiid fan de Spaanske Boargerkriich wie Salamanca al gau yn hannen fan de nasjonalisten en wie it paleis foar in skoft it haadkertier fan generaal Franco.
De Plaza Mayor, dêr't eartiids it bollefjochtsjen holden waard, is ien fan de moaiste pleinen fan Spanje. Filips V fan Spanje, de earste Spaanske kening út it Frânske hûs Bourbon, liet it yn 1729 foar de ynwenners bouwe fanwegen de trou fan Salamanca yn de súksesjekriich.
Bekend is ek it Casa de las Conchas (Hûs fan de Skelpen), in stedspaleis dat yn Plateresco-styl boud waard. De gevel is fersierd mei mear as 300 Jakobsskelpen fan gielgoude sânstien, dy't symboal steane foar it pylgerjen nei Santiago de Compostela.
De Puento Romano oer de Tormes is in romeinske brêge dy't noch jimmeroan brûkt wurdt.
-
Romeinske brêge fan Salamanca
-
Nije Katedraal
-
Casa de las conchas
-
Sicht oer de stêd
-
Kleaster San Esteban
-
Stedhûs
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeDe ûntfolking fan it plattelân as gefolch fan de mechanisaasje en de skaalfergrutting yn de lânbou soarge yn de 20e iuw foar in foarse befolkingsoanwaaks fan de stêd. Dochs groeit Salamanca stadiger as de boomende haadstêdregio. De tin befolke omjouwing fan de stêd jout útsein yn de sektor toerisme fierder net in soad ekonomysk perspektyf.
Jier | 1857 | 1900 | 1950 | 2000 | 2022 |
---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 15.213 | 25.690 | 80.239 | 158.556 | 142.412 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|