SC It Hearrenfean

SK It Hearrenfean (sc Heerenveen) of Sportklup It Hearrenfean (Sportclub Heerenveen) is in Fryske profesjonele fuotbalklup fêstige op It Hearrenfean, útkommend yn de Earedifyzje. Ek hat de klup in profesjoneel frouljusalvetal dat aktyf is yn de Earedifyzje foar froulju.

Sportklup It Hearrenfean
Sportclub Heerenveen
It Abe Lenstra Stadion
It Abe Lenstra Stadion
Oprjochte 20 july 1920
Plak It Hearrenfean
Stadion Abe Lenstra Stadion
Kapasiteit 26.100
Trener Kees van Wonderen
Kompetysje Earedifyzje
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Thúskleuren
Teamkleuren Teamkleuren Teamkleuren
Teamkleuren
Teamkleuren
Utkleuren

De klup is de fêste bespiler fan it Abe Lenstra Stadion. Thúswedstriden fan SK It Hearrenfean begjinne tradisjoneel altyd mei it Frysk folksliet. SK It Hearrenfean hat har ûnder it bewâld fan Riemer van der Velde, dy't yn 1983 foarsitter fan de klup waard, en Foppe de Haan ûntwikkele as in stabile subtopper yn it Nederlânske proffuotbal. Sûnt 1994 hat de klup elts jier yn de Earedifyzje spile.

De fuotbalklup waard stifte yn 1920 en krige yn 1970 in ôfsplitsing tusken de profs en de amateurs. De amateurferiening is fierder gien ûnder de namme FF It Hearrenfean. Inkele hichtepunten yn de skiednis fan de klup binne de njoggen noardlike kampioenskippen tusken 1941 en 1951 yn de tiid fan it alvetal mei Abe Lenstra, it beheljen fan de Champions League yn 2000 en it winnen fan de KNVB Beker yn 2009.

De fuotbalklup SK It Hearrenfean, sa't dy't no bestiet, is ûntstien út de gymnastykferiening Athleta. Dy feriening waard op 22 juny 1919 stifte as protest tsjin de fúzje fan de gymnastykferienings Friso en Tyr nei FTC (Friso en Tyr Combinatie). Inkele leden wienen it net mei de fúzje iens en besletten ta it stiften fan in nije gymnastykferiening. Dy gymnastykferiening feroare al gau yn in fuotbalklup.

De stiftingsdatum fan It Hearrenfean, 20 july 1920, komt fan it stuit dat ek de skoaljonges fan de HBS yn de fuotbalklup opnaam waarden. Yn 1921 waard de namme Athleta feroare ta Spartaan. Ek dizze namme hat de klup net lang hân. Yn 1922 is de namme troch it Nederlânske Fuotbalbûn (NFB) wizige nei v.v. Heerenveen. Sûnt 1977, doe't de klup him opsplitste yn in amateur- en in profôfdieling, is de namme sc Heerenveen.

De begjinjierren (1920 - 1937)

bewurkje seksje

De klup spile foar it earst yn kompetysjeferbân yn 1922; dat wie yn de 1e klasse fan it Fryske Fuotbalbûn (FFB). Dat seizoen waard de ploech fuort kampioen en promovearre nei de 3e klasse fan it Nederlânske Fuotbalbûn. Ek in jier letter waard de ploech kampioen en waard der promovearre nei de 2e klasse NFB.

It earste jier yn de twadde klasse wie net bêst. Der waarden mar twa punten helle. Ek yn de degradaasjewedstriden einige SC It Hearrenfean ûnderoan, mar it bestjoer wist it bûn der fan te wjerhâlden de klup tebek te setten nei de tredde klasse troch te stellen dat de prestaasjes fan de twadde en tredde ploech tige goed wienen. It bûn joech ta en liet It Hearrenfean yn de twadde klasse spylje. Twa jier letter, yn it seizoen 1927/1928 helle de klup sels mar ien punt. Mar trochdat it bûn de neikompetysje te grut makke hie en it dizze kompetysje heal juny stilsette moast, degradearre de klup net.

Yn 1931 fûn de klup it paad omheech. Yn it seizoen 1931/1932 waard de ploech twadde, in prestaasje dy't de klup ek de twa jier dêrop behelle. Yn 1934/1935 waard de klup tredde, mar in seizoen letter wie it dan sa fier: it kampioenskip yn de 2e klasse fan de NFB waard helle, wêrtroch't yn de neikompetysje striden wurde mocht om promoasje nei de 1e klasse. De promoasje waard net helle, mar dúdlik wie al wol dat it wolris wat wurde koe fan de ploech fan It Hearrenfean.

In jier letter, yn it seizoen 1936/1937 kaam de klup wol yn de 1e klasse NFB terjochte, dy't op dat stuit it heechste fuotbalnivo yn Nederlân wie. Mei spilers as Abe Lenstra, Jan Lenstra en Henny Jonkman al yn de seleksje, waard de ploech op 'e nij earste yn de 2e klasse. Wer waard fuotballe om promoasje yn de neikompetysje. Dizze kear waard de klup wol earste yn de promoasjekompetysje, troch WVV en Friesland efter harren te hâlden. Foar it earst yn de skiednis mocht de klup op it heechste fuotbalnivo fan Nederlân útkomme; efternei lette de promoasje in gloarjeperioade fan de klup yn.

Gloarjetiid (1938 - 1953)

bewurkje seksje
 
Byld fan Abe Lenstra foar de yngong fan it nei him ferneamde Abe Lenstra Stadion.

It earste jier fan de Feansters op it heechste nivo fan Nederlân wie lestich; It Hearrenfean waard njoggende yn in klasse fan alve klups. Dat wie lykwols al genôch om op it heechste nivo te bliuwen. De klup helle ûnder oare in kreaze oerwinning op de topklup Be Quick, út Grins. It jier derop wie al in stik better: It Fean waard tredde, trije punten efter de kampioen fan dat jier, Achilles.

Yn it nije jier, it seizoen 1939/1940 kaam der in nije trainer foar de ploech te stean, Anton Dalhuysen. Dalhuysen spile in wichtige rol yn de neikommende jierren fan SK It Hearrenfean. Troch it begjin fan de Twadde Wrâldkriich koenen de klups yn de kompetysje net fan de hiele seleksje gebrûk meitsje. It bûn besleat om in needkompetysje te begjinnen, dêr't net by promovearre of degradearre wurde koe. Yn de maitiid fan 1940 waard de kompetysje stillein. Letter waard der wol wer úteinset mei de kompetysje, mar net alle klups hawwe de kompetysje ôfmakke. It seizoen 1940/1941 waard der wol wer in offisjele kompetysje spile; It Fean einige yn de middenmoat, as fiifde.

Yn fuotbaljiergong 1941/1942 kamen de kwaliteiten fan de jonge ploech nei boppen. Al trije wedstriden foar de ein fan de kompetysje wie dúdlik dat it Hearrenfean kampioen wie; yn hiel de kompetysje waard mar ien wedstriid ferlern. Kampioen yn de 1e klasse betsjutte dat der spile wurde mocht om it kampioenskip fan Nederlân. Yn dy kampioenskipskompetysje koe de ploech net dwaan wat yn de kompetysje al woe; It Fean waard lêste yn de pûl fan fiif.

Ek yn de jierren dêrnei waard It Fean kampioen fan de 1e klasse. Doe't yn 1945 Anton Dalhuysen fuortgie, waard hy koart opfolge troch Otto Bonsema, mar dat wie net in sukses. Noch datselde seizoen, 1945/1946 kaam Abe Lenstra foar de groep te stean. Under Lenstra slagge de ploech der dochs wer yn kampioen te wurden. Lenstra waard yn 1947 opfolge troch Piet van der Munnik.

It kampioenskip yn de earste klasse waard yn totaal njoggen kear behelle, allegear efter elkoar, tusken 1941 en 1951 (it seizoen 1944/1945 is om de oarloch nea spile).

Kampioen fan Nederlân is de klup nea wurden. Wol wie de ploech der twa kear tichteby. By it kampioenskip fan 1947 waard It Hearrenfean twadde, trije punten efter kampioen Ajax. In jier letter wie it noch spannender: Mei noch twa wedstriden te gean stie It Fean twa punten foar op BVV, út De Bosk, mei de útwedstriid tsjin BVV noch op it programma. Uteinlik waard dy wedstriid ferlern mei 3-1. Dochs koe de ploech noch kampioen wurde, as de lêste wedstriid út wûn waard fan Go Ahead út Dimter. Safier kaam it lykwols net; Go Ahead wie mei 2-0 te sterk en It Fean waard wer gjin kampioen.

Yn de jierren nei 1947, oant 1951 ta, waard It Fean noch wol sljocht kampioen yn de 1e klasse, mar yn de úteinlike kampioenskipskompetysje kaam de ploech alle kearen wer tekoart om in wichtige tsjinstanner te wêzen.

Yn 1952 wie it dien mei it oerwicht fan de Feansters. Troch in nije yndieling fan de kompetysje waard it allegear swierder. Spilers as Sietse van der Laan en Jan Bosscha holden op en fan oare spilers rûn de fuotbalkarriêre op de ein.

Ferneamde spilers út dizze perioade wienen Abe Lenstra, Jan Lenstra, Wim Molenaar, Henny Jonkman, Jan Bosscha, Sietse Bosscha, Sietze de Jong, Sietze van der Laan, Tieme Veenstra, Jaap (Mollo) de Jong, Gerben Hofma en Marten Brandsma.

Ynfier fan it betelle fuotbal (1954 - 1963)

bewurkje seksje

Mei de komst fan it betelle fuotbal begûn in ûnrêstige perioade foar It Hearrenfean. Binnen de klup wienen der grutte ferskillen yn de miening oer betelle fuotbal; benammen it bestjoer wie fûl tsjin op it betelle fuotbal. Op in gearkomste op 25 augustus 1954 waard troch de stimrjochtigen dochs foar it fuotbaljen yn de betelle-fuotbalklasse stimd. Dêrop stapte ûnder oare foarsitter Floor Feléus op as bestjoerder fan de klup.

Dochs bleau de wjerstân bestean yn de klup. It bestjoer wie net tarekkene op de nije foarm fan fuotbal en doarst gjin sinten út te jaan om goeie spilers foar de kompetysje te heljen. Dêrop teach Abe Lenstra nei Sportklub Ynskedee en sakke It Hearrenfean fuort. Yn it earste jier fan it betelle fuotbal waard de Earedifyzje krek net helle en yn it twadde jier, yn 1955 wie de ploech net goed genôch om him te kwalifisearjen foar de Earste Difyzje.

Yn it seizoen 1959/1960 wie der wer ris wat te belibjen foar It Hearrenfean. De klup waard tredde yn de Twadde Difyzje B, wat betsjutte dat It Fean neikompetysje spylje mocht foar promoasje nei de Earste Difyzje. Op 8 maaie waard yn Kerkrade tsjin Roda mei 0-0 lyk spile, wat genôch wie foar promoasje, omdat de klup thús al mei 4-0 wûn hie. Yn de seizoenen 1961/1962 en 1962/1963 spile It Fean yn de Earste Difyzje.

Finansjele problemen (1964 - 1975)

bewurkje seksje

Finansjeel waard it yn de jierren 60 hieltyd minder mei de klup. Yn 1967 wie it sels sa min mei de finânsjes dat de gemeente net mear helpe woe. Dêrop sprong de mienskip fan It Hearrenfean by, yn de foarm fan Aktie ’67. Der waard 70.000 gûne (omrekkene: sa'n 32.000 euro) ynsammele en de klup koe der stadichoan wer boppe-op komme. Ek nei 1967 wienen der sa no en dan finansjele problemen. Hjoed-de-dei bestiet Aktie ’67 noch en is it ferantwurdlik foar in wichtich part fan de ynkomsten fan de fuotbalklup.

Yn 1970 waard It Hearrenfean ûnder de nije trainer Bas Paauwe kampioen fan de Twadde Difyzje. Op de lêste spyldei fan it seizoen 1969/1970 spile It Fean lyk, wylst de konkurrinten Velox en FC Wageningen ferlearen. It Hearrenfean promovearre nei de Earste Difyzje, en oant 1990 bleau it dêryn spyljen.

Nettsjinsteande de promoasje nei de Earste Difyzje gie it dochs wer mis mei de finânsjes fan de klup. Yn novimber 1973 waard bekend dat It Hearrenfean oer it seizoen 1972/1973 110.000 gûne, sa'n 50.000 euro, ferlern hie omdat de ynkomsten te min wienen. De klup oerlibbe ek dizze krisis, mar wol liet it barren djippe spoaren nei yn de takomst fan de klup. Jild om spilers te keapjen wie der net, wêrtroch't it lêstich waard om goede spilers op it fjild te krijen. De prestaasjes fan It Hearrenfean yn de Earste difyzje wienen dan ek net bjusterbaarlik; in grize middenmoater wie de ploech yn de kompetysje.

Ofsplitsing (1975 - 1979)

bewurkje seksje

Noch hieltiid wienen de minsken fan SK It Hearrenfean der net oer útpraat as it betelle fuotbal no wol of net wat wie foar de fuotbalklup. Yn 1977 kaam it dan ek safier dat de klup opsplitst waard yn in betellefuotbalorginaasje en in amateurfuotbalklup. Offisjeel waard de klup skieden op 1 juny 1977. De betellefuotbalklup waard in stifting en de amateurs makken, ûnder de namme Fuotbalferiening It Hearrenfean, in werstart yn de fjirde klasse fan it KNFB.

De professionalisearring (1980 - 1993)

bewurkje seksje
 
Foppe de Haan wurke tusken 1985 en 2004 foar SK It Hearrenfean.

Yn de jierren 80 barde der in protte by it Hearrenfean. Sa waard yn 1980 Henk van Brussel oansteld as trainer fan de earste seleksje. Mei de komst fan Henk van Brussel helle SK It Hearrenfean in trainer binnen mei in skat oan ûnderfining yn it betelle fuotbal. Under syn lieding waard der goed en oanfallend fuotbal spile; yn 1981 en 1982 waard de neikompetysje sels berikt. Omdat it fuotbal yn 'It Friese Haagje' altyd oanfallend wie mei in protte ynset fan de spilers, waard dizze perioade ferneamd as de Brusselske Kermis.

Trije jier nei de komst fan Van Brussel as trainer waard dúdlik dat de klup wer yn de skulden siet. De skulden wienen sa heech, 1,5 miljoen gûne (sa'n 680.000 euro), dat de gemeente net mear byspringe woe. Manager Henk Schulten koe it net mear oansjen en teach nei de autoferkeaper Klaas Oenema foar help. Neffens Schulten moasten der mear sakelju by SK It Hearrenfean belutsen wurde. Oenema rekommandearre Riemer van der Velde oan, dy't doe in gruthannel yn Bakkefean hie. Dêrop gie de foarsitter fan de klup, Jan Steenhuizen, dy't de barre situaasje fan SK It Hearrenfean ek ûnderkend hie, nei Van der Velde ta. Frege waard oft Van der Velde foarsitter fan de Feansters wurde woe; dat woe der wol.

Yn rap tempo wurke Van der Velde, tegearre mei ûndernimmers as de bruorren Klaas en Jan Oenema, de bruorren Durk en Jan Hubert Raadsma en Lippe Lap, de skulden fuort. De skulden waarden sanearre. Ien fan de skuldeaskers wie de Rabobank. Dy waard yn 'natuera' werom betelle troch de sponser fan it skoareboerd te wurden. Fierders waarden der 1.000 lotten fan elk 100 gûne oan de man brocht; haadpriis fan de ferlotting wie in auto. Nei twa jier wienen hast alle skulden fuortwurke en makke de gemeente in gebaar troch de lêste 120.000 gûne (sa'n 50.000 euro) foar har rekken te nimmen.

Mei Van der Velde as foarsitter waard der hurd profesjonalisearre by SK It Hearrenfean. Yn 1985 gie Van Brussel fuort en waard Foppe de Haan, dy't doe noch trainer fan de Fuotbalferiening Stienwyk wie, haadtrainer fan de klup. Mar de prestaasjes mei De Haan wiene net bêst. Yn 1988 waard er, tydlik, oan de kant set en waard Ted Immers de nije trainer fan de ploech. De Haan krige de baan fan technysk direkteur. Yn it seizoen 1988/1989 waard goed prestearre en waard op 'e nij de neikompetysje helle. It Hearrenfean begûn sterk oan de promoasjestriid, mar nei de SLM-unk yn juny 1989, dêr't ek famylje en freonen fan de Surinaamske spilers by SK It Hearrenfean by wienen, gie it mis. De ploech einige as twadde, net genôch foar promoasje nei de Earedifyzje.

In jier letter waard Ab Gritter de opfolger fan Immers, fan wa't it kontrakt net ferlinge wie. It gie net bêst mei de ploech en yn jannewaris waard in trainer mei ûnderfining, Fritz Korbach, foar de groep set. SK It Hearrenfean einige as 16e yn de kompetysje, mar de perioadetitel dy't yn it begjin fan it seizoen behelle wie, joech tagong ta de neikompetysje. Yn dy neikompetysje einige de ploech boppe-oan yn de pûl. Foar promoasje moast der doe noch spile wurde tsjin Emmen. Ut waard mei 1-0 ferlern, mar thús waard dat ferlies goedmakke. It Hearrenfean wûn mei 2-0 en promovearre nei de Earedifyzje.

Yn 1990 mocht de klup foar it earst op it heechste proffuotbalnivo fan Nederlân spylje. Tsjin FC Foalendam waard debutearre, mar ek fuort ferlern mei 1-3. Nei 16 wedstriden hie de ploech net mear as 6 punten. Dêrom waard yn de winter ynvestearre yn de seleksje. Sa waarden René van der Gijp en de letter tige populêre Roemeen Rodion Cămătaru oanhelle. De twadde helte fan it seizoen wie dan ek in stik better. SK It Hearrenfean behelle punten en de efterstân op de oare klups waard hieltyd lytser. Op 16 april waard MVV yn de stân byhelle. Op snein 5 maaie waard der in belangrike útwedstriid tsjin SVV út Rotterdam spile. Mei in konfoai fan 2,5 kilometer lang en ûnder it sicht fan 5.000 Hearrenfean-supporters wûn SC It Hearrenfean de wedstriid mei 1-2. Mar de goeie searje fan nei de winter wie net mear genôch om degradaasje foar te kommen. It Hearrenfean einige op doelsaldo op it 17e plak, krekt net genôch om degradaasje tsjin te gean.

In jier letter yn de Earste difyzje slagge it SK It Hearrenfean der net yn om wer yn de Earedifyzje te kommen. Mar it jier dêrop, it fuotbalseizoen 1992/1993, wie in tige wichtich seizoen yn de opkomst fan de klup. It begjin wie ien en al mineur: de prestaasjes wienen min en trainer Fritz Korbach waard dien jûn. Syn opfolger wie Foppe de Haan, dy't tusken 1985 en 1988 ek al haadtrainer fan de klup wie. Mei De Haan as trainer waard SK It Hearrenfean twadde yn de kompetysje, genôch om foar de twadde kear yn de skiednis fan de klup te promovearjen nei de Earedifyzje. In oar wichtich resultaat, en miskien noch wol wichtiger as de promoasje, wie it heljen fan de finale fan de KNVB Beker. Tsjin Ajax waard de finale dan wol mei 6-2 ferlern, mar it grutte Fryske 'folkeferfarren' nei de Kuip yn Rotterdam wie ien fan de grutste hichtepunten yn de skiednis fan de klup.

Gong nei de subtop (1994 - 2010)

bewurkje seksje
 
SK It Hearrenfean en Roda JC harkje nei it Frysk folksliet.
 
Opwaarming foar de wedstriid tusken SK It Hearrenfean en FFF-Fenlo op 4 oktober 2009.

Yn 1993/1994 kaam de klup foar de twadde kear yn de skiednis yn de Earedifyzje te spyljen, de klasse dêr't de klup ek hjoed-de-dei noch yn spilet. It seizoen fan de weromkear yn de Earedifyzje waard op in knap 13e plak ôfsletten. It wie it lêste seizoen yn it âlde Abe Lenstra Stadion, it eardere Sportpark Noard. Fan it fuotbalseizoen 1994/1995 ôf spilet de klup yn it nije Abe Lenstra Stadion, oan de Rykswei 32.

It earste seizoen yn it nije stadion waard in goed jier. De heale finale fan de KNVB-beker waard helle en yn de kompetysje einige de ploech op it 9e plak. Dat seizoen begûn ek in oare kwaliteit fan de klup nei boppe te kommen: it skoutingsapparaat. Yn desimber 1994 waard it grutte Deenske talint Jon Dahl Tomasson oanlutsen. Hy wie de earste fan in hiele rige Skandinavyske fuotballers dy't by SK It Hearrenfean te spyljen kamen.

De jierren dêrnei gie it hieltyd better mei de klup. Yn 1996 waard it sânde plak helle, krek as in jier letter yn 1997. De klup prestearre goed yn sawol de kompetysje fan 1996/1997 as yn de striid om de KNVB Beker. Foar de twadde kear helle de klup de finale fan de beker. Dizze kear wie Roda JC út Kerkrade de tsjinstanner. SK It Hearrenfean gie as grutte kânshawwer de finale yn, mar úteinlik waard mei 4-2 ferlern.

Seizoen 1997/1998 wie foar de Feansters it earste jier dat der Europeesk fuotbal helle waard. Omdat de finalisten fan de KNVB-beker beide al Europeesk fuotbal helle hienen, waard der in wedstriid tusken de ferliezend healfinalisten spile, SC It Hearrenfean en FC Twinte. It Hearrenfean wûn de wedstriid, op neutraal terrein yn it stadion fan FC Swol, mei 3-1, wêrtroch't it in plak yn it lêste jier fan it Europa Kup II-toernoai krige. Ien fan de útblinkers by dy wedstriid wie Ruud van Nistelrooij, dy't koart dêrnei nei PSV gie. Yn de kompetysje einige It Hearrenfean op it 6e plak.

It debút fan It Hearrenfean yn it Europeeske fuotbal wie tsjin it Poalske Amica Wronki; der waard mei 3-1 en 1-0 wûn en dat de ploech gie troch nei de twadde omgong. Tsjin de nije tsjinstanner, Varteks Varazdin út Kroaasje, waard thús noch wol wûn, mar út gie it lykop oant de ploech yn de ferlinging mei 4-2 ferlear.

Yn 1999/2000 sette SK It Hearrenfean de grutste prestaasje út harren skiednis oan doe ta del. Troch it twadde plak, efter kampioen PSV, mocht de klup yn de Champions League-edysje fan 2000/2001 útkomme. Dêryn spile de ploech tsjin it Frânske Olympique Lyon, it Spaanske Valencia en it Grykske Olympiacos Pireaus. Thús waard der wûn fan Olympiacos en út spile SK It Hearrenfean lyk tsjin Valencia: in knappe prestaasje, want Valencia kaam letter dat jier yn de finale fan it toernoai. De prestaasjes fan It Hearrenfean wienen lykwols net genôch om fierder te kommen. Yn de kompetysje wienen de prestaasjes dat jier net bêst, It Fean waard 10e, mar hie mei it aventoer fan de Champions League dochs in goed jier hân.

Yn 2002 hie 't Fean de minste seizoenstart ea. Earst yn de njoggende spylronde wûn de klup in wedstriid. De posysje fan Foppe de Haan waard yn de krante, op telefyzje en op de radio ta diskusje steld, mar it bestjoer stjoerde De Haan net fuort en hy makke it seizoen ôf. Uteinlik waard 't Fean 7e.

Oan it begjin fan it nije seizoen, 2003/2004, waard bekend makke dat De Haan oan de ein fan it seizoen ophâlde soe as trainer fan It Hearrenfean. Nei njoggentjin jier soe er net mear wurksum wêze foar de klup. By it ôfskie fan De Haan, by de ien-nei-lêste wedstriid fan it jier, waard yn it Abe Lenstra Stadion it fjirde plak feilichsteld.

De opfolger fan De Haan waard Gertjan Verbeek, dy't ek as spiler en assistint-trainer by de klup wurksum west hie. Mei Verbeek as trainer groeide SK It Hearrenfean út ta in fêste subtopper yn it Nederlânske fuotbal. Under Verbeek brutsen spilers as Klaas Jan Huntelaar, Georgios Samaras en Miralem Sulejmani troch; spilers dy't letter foar miljoenen oan oare klups ferkocht waarden.

Yn desimber 2007 krige Verbeek te hearren dat syn ôfrinnende kontrakt net ferlinge wurde soe. Sadwaande moast de trainer oan de ein fan it seizoen 2007/2008 op 'e syk nei in nije klup. Yn dit lêste seizoen fan Verbeek as trainer fan de klup einige It Hearrenfean op it fiifde plak, mei meastentiids goed fuotbal en in soad doelpunten: 88, it grutste tal doelpunten dat de klup ea yn ien seizoen makke hat.

Seizoen 2008/09

bewurkje seksje

Op 25 maart 2008 makke de kluplieding bekend dat de Noar Trond Sollied de nije haadtrainer waard. Tegearre mei syn assistint Chris van Puyvelde tekene Sollied in kontrakt foar twa jier.

Yn it earste jier mei Sollied as trainer hie de klup daalks sukses. Yn de kompetysje eindige de klup op it fiifde plak. It seizoen gong lykwols de klupskiednis yn as it seizoen dêr't It Hearrenfean foar it earst yn syn skiednis in nasjonale earste priis wûn: de KNVB Beker. Trochdat It Hearrenfean yn de rin fan it toernoai MVV, de amateurklup Haaglandia, Feyenoord, NEC en FC Foalendam útskeakele, kaam de klup yn de finale telâne. De tsjinstanner wie FC Twinte. Sa'n 25.000 Hearrenfean-supporters tôgen nei De Kuip yn Rotterdam, dêr't de finale spile waard. Uteinlik waard It Hearrenfean, nei strafskoppen, de winner.

Seizoen 2009/10

bewurkje seksje

Nei fjouwer wedstriden yn it seizoen 2009/2010 waard trainer Trond Sollied al ûntslein. Ek fan syn assistint Chris van Puyvelde naam It Hearrenfean ôfskie. Neffens it bestjoer lei Sollieds wize fan arbeidzjen te fier út de rjochting fan wat de klup woe. Yn de tiid foar it stuit fan it ûntslach hie Sollied al in pear kear wurden hân mei it bestjoer oer de ynfolling fan de seleksje. Ek soe de medyske staf harren wurk net goed dwaan. De doetiidske foarsitter Yme Kuiper neamt de dei fan it ûntslach fan Sollied in 'swarte bledside yn de skiednis fan It Hearrenfean'.[1] As ferfanger fan Sollied waard Jan de Jonge oansteld, dy't oant dat stuit by SK It Hearrenfean as haad jeugdopliedingen oan de slach wie. Ek De Jonge krijt de ploech net oan it fuotbaljen en tsjinnet op 3 febrewaris 2010 syn ûntslach as haadtrainer yn.[2] Op 5 febrewaris makke de kluplieding bekend dat Jan Everse it seizoen ôfmeitsje soe by It Hearrenfean.[3] Under Everse syn lieding slút SK It Hearrenfean it seizoen ôf mei it 11e plak yn de kompetysje.

Yn de KNVB-beker wurdt de klup al ier útskeakele, yn de achtste finales is PSV yn it Abe Lenstra Stadion te sterk.

Reorganisaasje (2010 - 2013)

bewurkje seksje

It getonger yn it seizoen 2009/2010 late in swiere perioade foar de klup yn. Op 12 maart 2010 makke Bart van der Meer as foarsitter fan de rie fan kommissarissen bekend dat der in nije direksjestruktuer komme sil. [4][5] Yn de simmer soe der nei in nije foarsitter socht wurde dy't leiding jaan moat oan de direksjeleden Yme Kuiper, Henk Hoekstra en Jan van Erve. De organisaasje fan de klup waard foar in grut part feroare. Foar it earst sûnt it fuort gean fan foarsitter Koos Formsma kaam der wer ien foarsitter, ynstee fan trije ferskate einferantwurdliken. Dêrnjonken waard yn de namme fan Johan Hansma foar it earst yn de klupskiednis in technysk direkteur oansteld. Ek de rie fan kommissarissen sels gie oer de kop. It wie de bedoeling dat tusken 2010 en 2012 fiif fan de seis kommissarissen ferfongen waarden, allinnich Theun van der Meulen koe sitten bliuwe. Riemer van der Velde, ien fan de kommissarissen, stapte fuortendaliks op.

Op 26 maaie 2010 waard bekend makke dat skoalbestjoerder Robert Veenstra de nije foarsitter waard. Op 1 augustus 2010 begûn er mei syn wurksumheden.[6] Oars as de bedoeling wie, bleau fan de eardere bestjoersleden allinnich Jan van Erve oan. Earder al wie bekend makke dat Ron Jans fan it seizoen 2010/2011 ôf de nije trainer fan de klup waard.

Yn oktober 2010 waard by de presintaasje fan de jiersifers bekend dat SK It Hearrenfean oer it boekingsjier 2009/2010 in ferlies fan 14,9 miljoen euro laat hat. Mei troch dy resultaten is ôfsjoen fan ferbou fan it Abe Lenstra Stadion.[7] Ek it tal kontraktspilers moast om dy reden werombrocht wurde om de situaasje te kearen. Dêr wie oan de ein fan it seizoen 2009/2010 al in begjin mei makke troch ôfskied te nimmen fan tolve spilers, ûnder wa Gerald Sibon, Paulo Henrique en Michael Dingsdag. It tal kontraktspilers moast yn de takomst noch fierder werombrocht wurde.

Lykas it seizoen derfoar wie ek it fuotbalseizoen 2010/2011 teloarstellend foar It Hearrenfean. Under lieding fan de nije trainer Ron Jans waard it seizoen ôfsletten mei in 12e plak. Ek yn de KNVB Beker waard min prestearre: al yn de earste wedstriid yn it toernoai ferlear It Hearrenfean thús mei 0-2 fan NAC Breda.

It twadde seizoen ûnder lieding fan Ron Jans, 2011/2012, ferrûn in stik better mei in fiifde plak yn de kompetysje en it beheljen fan de heale finale fan de KNVB-beker. Benammen it spul fan de oanfallers, Luciano Narsingh, Bas Dost en Oussama Assaidi, foel op. Alle trije spilers ferlieten nei it seizoen de klup foar in stap hegerop (Narsingh nei PSV, Dost nei VFL Wolfsburg en Assaidi nei FC Liverpool). Rjochtsfoar Narsingh waard troch bûnscoach Bert van Marwijk sels selektearre foar it Nederlânsk alvetal en wie ien fan de spilers dy't mei gie nei it Europeesk Kampioenskip fuotbal 2012 yn Poalen en Oekraïne.

Nettsjinsteande de resultaten waard al op 5 jannewaris 2012 bekend makke dat it kontrakt fan trainer Ron Jans, dat nei it seizoen ôfrûn, net ferlinge wurde soe.[8] Ynstee dêrfan waard in moanne letter bekend dat Marco van Basten de nije trainer fan de klup waard.[9]

Earste alvetal

bewurkje seksje

Seleksje 2023/2024

bewurkje seksje
Nûmer Spiler Nationaliteit Kontrakt oant Foarige klup

Doelmannen

13 Mickey van der Hart   Nederlânsk 2025   FC Emmen
22 Bernt Klaverboer   Nederlânsk
  Frysk
2025   Eigen jeugd
23 Jan Bekkema   Nederlânsk
  Frysk
2024   SV Straelen
44 Andries Noppert   Nederlânsk
  Frysk
2027   Go Ahead Eagles

Ferdigeners

2 Denzel Hall   Nederlânsk 2027   Feyenoord
4 Sven van Beek     Nederlânsk 2025   Feyenoord
5 Paweł Bochniewicz   Poalsk 2026   Górnik Zabrze
6 Syb van Ottele   Nederlânsk 2024   N.E.C.
7 Mats Köhlert   Dútsk 2025   Willem II
15 Hussein Ali   Sweedsk 2025   Örebro SK
25 Nathan Tjoe-A-On   Nederlânsk 2024   Swansea City AFC
45 Oliver Braude    Noarsk 2027   Vålerenga IF

Middenfjilders

11 Pelle van Amersfoort   Nederlânsk 2025   Cracovia Kraków
14 Charlie Webster   Britsk
  Ingelsk
2024   Chelsea
19 Simon Olsson   Sweedsk 2026   IF Elfsborg
21 Djenahro Nunumete   Nederlânsk 2024   Eigen Jeugd
26 Anas Tahiri   Marokkaansk 2024   RKC Waalwijk
28 Luuk Brouwers   Nederlânsk 2027   FC Utrecht
33 Thom Haye   Nederlânsk 2024   NAC Breda

Oanfallers

9 Daniel Karlsbakk    Noarsk 2026   Viking FK
10 Loizos Loizou   Syprioatysk 2024   Omonia Nicosia
17 Ché Nunnely   Nederlânsk 2025   Willem II
18 Ion Nicolaescu   Moldavysk 2026   Beitar Jeruzalem
20 Osame Sahraoui    Noarsk 2026   Vålerenga IF
24 Patrik Wålemark   Sweedsk 2024   Feyenoord

Technyske staf

bewurkje seksje
Haadtrainer
Kees van Wonderen
Assistint-trainers
Paul Simonis, Ole Tobiasen, Peter Reekers
Doelmannetrainer
Ruud Hesp

Bywurke oant 24 novimber 2022

Amateurfuotbal

bewurkje seksje

SK It Hearrenfean spile tusken 1922 en 1954 yn it amateurfuotbal. Yn dy tiid wie der yn Nederlân noch gjin profkompetysje; dy gie pas fan start yn 1954. De klup hat har yn de jierren fan it amateurfuotbal yn Nederlân opwurke fan de Earste Klasse FVB nei de Earste Klasse Noard, wat yn dy tiid it heechst te beheljen nivo foar It Hearrenfean wie.

Hjirûnder steane alle einresultaten fan SK It Hearrenfean yn de perioade 1922-1954. It giet om alle resultaten fan de klup yn it amateurfuotbal sûnt de stifting fan de feriening.

Jier Difyzje Posysje Nasjonaal
1922/23 Earste Klasse FVB 1
1923/24 Tredde klasse NVB 1
1924/25 Twadde klasse NVB 3
1925/26 Twadde klasse NVB 6
1926/27 Twadde klasse NVB 5
1927/28 Twadde klasse NVB 7
1928/29 Twadde klasse NVB 7
1929/30 Twadde klasse NVB 5
1930/31 Twadde klasse NVB 5
1931/32 Twadde klasse NVB 2
1932/33 Twadde klasse NVB 2
1933/34 Twadde klasse NVB 2
1934/35 Twadde klasse NVB 3
1935/36 Twadde klasse NVB 1
1936/37 Twadde klasse NVB 1
1937/38 Earste Klasse Noard 9
Jier Difyzje Posysje Nasjonaal
1938/39 Earste Klasse Noard 3
1939/40 Earste Klasse Noard 5
1940/41 Earste Klasse Noard 5
1941/42 Earste Klasse Noard 1 5
1942/43 Earste Klasse Noard 1 5
1943/44 Earste Klasse Noard 1 4
1944/45 (Gjin kompetysje)
1945/46 Earste Klasse Noard 1 3
1946/47 Earste Klasse Noard 1 2
1947/48 Earste Klasse Noard 1 2
1948/49 Earste Klasse Noard 1 4
1949/50 Earste Klasse Noard 1 5
1950/51 Earste Klasse A 1 5
1951/52 Earste Klasse A 5
1952/53 Earste Klasse B 3
1953/54 Earste Klasse B 11

Profesjoneel fuotbal

bewurkje seksje

Yn de Earedifyzje is it heechste plak dat de klup behelle hat it twadde plak. Dat barde yn it seizoen 1999/2000. Mei dat twadde plak waard Champions League-fuotbal helle.

Ek yn de Earste difyzje is it twadde plak it heechst behelle resultaat. Dêr is dat twa kear bard, yn 1981 en yn 1993. Yn 1993 late dat ta de twadde promoasje fan SK It Hearrenfean nei de Earedifyzje. De earste promoasje wie yn 1990. It Fean waard doe 16e yn de kompetysje, mar omdat der in perioadetitel helle wie koe de klup yn de neikompetysje útkomme. Dy waard úteinlik wûn, wêrtroch't der promovearre waard.

Yn 1970 waard It Hearrenfean kampioen yn de Twadde Difyzje. Oant no ta is dat it iennichste kampioenskip dat SK It Hearrenfean behelle hat yn it betelle fuotbal.

Yn de tabellen hjirûnder steane alle resultaten fan SK It Hearrenfean tusken 1955, it earste seizoen fan it proffuotbal yn Nederlân en 1970, it jier dat de klup kampioen waard en definityf promovearre nei de Earste Difyzje.

Jier Difyzje Posysje
1954/55 Earste Difyzje B 11
1955/56 Earste Difyzje A 13
1956/57 Twadde Difyzje B 8
1957/58 Twadde Difyzje B 10
1958/59 Twadde Difyzje B 9
1959/60 Twadde Difyzje B 3
1960/61 Earste Difyzje B 7
1961/62 Earste Difyzje B 11
Jier Difyzje Posysje
1962/63 Twadde Difyzje A 12
1963/64 Twadde Difyzje A 4
1964/65 Twadde Difyzje A 9
1965/66 Twadde Difyzje A 9
1966/67 Twadde Difyzje 19
1967/68 Twadde Difyzje 15
1968/69 Twadde Difyzje 9
1969/70 Twadde Difyzje 1

Yn ûndersteand printsje steane alle resultaten fan SK It Hearrenfean sûnt 1971 oant 2010. (De play-offs binne net meirekkene yn dit printsje. It giet dus om de stân nei 34 wedstriden).

It Hearrenfean hat trije kear yn de finale fan de KNVB Beker stien. De earste kear barde dat as Earstedifyzjeklup, yn 1993. Sûnt dat jier hat der nea wer in Earstedifyzjeklup yn de finale fan de beker stien. De finale waard mei 6-2 fan AFC Ajax ferlern.

De twadde finale wie fjouwer jier letter, yn 1997. Ek dy finale waard ferlern, no fan Roda JC, mei 4-2.

De tredde finale wûn It Hearrenfean fan FC Twinte nei strafskoppen mei 5-4 (einstân 2-2). De beslissende strafskop waard nommen troch Gerald Sibon. Yn de wedstriid skoarden Goran Popov (27e minút) en Bonaventure Kalou (112e).

Neist de trije kear dat It Hearrenfean de finale berikte, hat de klup ek noch trije kear de heale finale helle. Dat barde yn 1995, 1998 en 2001.

SK It Hearrenfean spile foar it earst fuotbal yn Europeesk ferbân yn 1995, yn de Yntertoto Kup, in kompetysje wêrfoar't klups harren ynskriuwe koenen at se meidwaan woenen. Yn totaal hat de klup seis kear oan dat toernoai meidien, wêryn't yn it ferline in plak yn in oare Europeeske fuotbalkompetysje fertsjinne wurde koe. Yn de seis kear is de klup dêr nea yn slagge. Op it stuit bestiet dit toernoai net mear.

De earste kear dat It Hearrenfean oan in wier Europeesk toernoai meidie, wie yn it seizoen 1998/1999, yn de net mear besteande Europa Kup II. Dat jier einige it Europeeske fuotbal foar It Hearrenfean yn de twadde omgong.

Yn it seizoen 2000/2001 folge ien fan de hichtepunten út de skiednis fan de Feansters, want dat jier waard der yn de Champions League spile, it heechste Europeeske klupfuotbaltoernoai. Tsjinstanners wienen Valencia, Olympique Lyon en Olympiacos Piraeus. In súkses op sportyf gebiet wie it net, der waard mar ien kear wûn en ien kear lykspile.

Fan it seizoen 2004/2005 ôf hat It Hearrenfean in perioade fan seis jier efterinoar Europeesk fuotbal helle. Fan 2004 oant 2008 waard der spile yn de UEFA Kup, dy't tsjintwurdich werneamd is nei Europa League. De Europa League is ek de kompetysje dêr't SK It Hearrenfean yn it seizoen 2009/2010 warber wie. Dat slagge de klup dêrnei noch ien kear, yn it seizoen 2012/2013.

KNVB Beker
Winner - 2009.
Earedifyzje
Twadde - 2000.
Neikompetysje
Winner - 1990, 1993.
Earste Difyzje
*Twadde - 1981, 1993.
Twadde Difyzje
Winner - 1970.
Earste klasse, distrikt V (Noard; it Noardlik kampioenskip)
Winner - 1942, 1943, 1944, 1946, 1947, 1948, 1949, 1950, 1951

Foar in grutter oersjoch fan rekôrs en statistiken sjogge jo op List fan rekords en statistiken fan SK It Hearrenfean

- Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Heracles Almelo 9-0; Earedifyzje (7 oktober 2007)
- Romste útoerwinning: Ton Pentre AFC - SK It Hearrenfean 0-7; Yntertoto (2 july 1995)
- Grutste dûbele útslach: Helsingborg IF - SK It Hearrenfean 8-6 (3-5 en 5-1); UEFA Kup 1e Omgong (2007)
- Measte doelpunten yn ien seizoen: 88 doelpunten, 2007/08
- Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Heracles Almelo 9-0 (7 oktober 2007)
- Romste útoerwinning: Willem II - SK It Hearrenfean 1-6 (23 febrewaris 2001)

Champions League

bewurkje seksje
- Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Olympiacos Piraeus 1-0 (17 oktober 2000)
- Romste útoerwinning: gjin
- Heechste lykspul: Valencia CF - SK It Hearrenfean 1-1 (7 novimber 2000)
- Grutste dûbele útslach: SK It Hearrenfean - Valencia CF en SK It Hearrenfean - Olympiacos Piraeus 1-2 (2000)

Europakup II

bewurkje seksje
- Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - KS Amica Wronki 3-1 (17 septimber 1998)
- Romste útoerwinning: KS Amica Wronki - SK It Hearrenfean 0-1 (1 oktober 1998)
- Grutste dûbele útslach: SK It Hearrenfean - KS Amica Wronki 4-1 (1998)
- Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Maccabi Petach Tikwa 5-0 (30 septimber 2004) en SK It Hearrenfean - FC Baník Ostrava 5-0 (29 septimber 2005)
- Romste útoerwinning: Vitória Setúbal - SK It Hearrenfean 0-3 (14 septimber 2006)
- Grutste dûbele útslach: Helsingsborg IF - SK It Hearrenfean 8-6 (2007)

Yntertoto Kup

bewurkje seksje
- Romste thúsoerwinning: SK It Hearrenfean - Aalborg BK 8-2 (19 july 1997)
- Romste útoerwinning: Ton Pentre AFC - SK It Hearrenfean 0-7 (2 july 1995)
- Grutste dûbele útslach: : FHK Liepajas Metalurgs - SK It Hearrenfean 4-8 (2001)

Akkommodaasje

bewurkje seksje

Yn it begjin, nei de stifting fan de klup, waarden de westriden fan Athleta, sa't de klup doe noch hjitte, spile by de Thialf-baan, op de hoek fan de Fan Maasdykstrjitte en de Rôzenstrjitte. Dêr waard in stikje lân hierd dêr't de wedstriden op spile waarden. Al fjouwer jier letter, yn 1924, moast der in nije akkommodaasje socht wurde, omdat de klup nei de tredde klasse fan it NFB promovearre wie, wêrtroch't hegere easken steld waarden oan de fjilden. It nije fjild lei oan de Ljouwerterstrjitwei, efter it âlde tolhûske dêr.

 
Sûnt 1994 spilet SC It Hearrenfean yn it Abe Lenstra Stadion.

Yn 1928 ferhuze de klup wer, diskear nei de lettere J.H. Kruisstrjitte. Der kamen klaaiboksen en sels in houten tribune te stean, dy't goed fjirtich jier stean bleaune. Yn de rin fan de jierren is der in protte ferboud oan it stadion, dat de namme Sportpark Noard hie; dat begûn al yn 1937. Yn de tiid fan de njoggen kampioenskippen op 'e rige wie it stadion fierstente lyts. Mei heabalen waarden mei de wedstriden tribunes boud, wêrtroch't der wol 20.000 minsken yn it stadion koenen.

Begjin jierren njoggentich foldie Sportpark Noard net mear oan de easken dy't de klup stelde. De ambysjes wienen grut en it stadion te lyts. Sadwaande waard der besletten om in nij stadion, oan de eastkante fan de Rykswei 32 te bouwen. Dit stadion, it Abe Lenstra Stadion, koe yn it begjin oan goed 14.000 minsken plak biede, mar dat wie al gau net mear genôch. Nei tal fan ferbouwingen waard it stadion úteinlik útwreide nei sa'n 26.000 sitplakken. Tsjintwurdich makket it stadion diel út fan Sportstêd It Hearrenfean.

De trainingsfjilden fan SC It Hearrenfean lizze sûnt 1996 oan de oare kant fan de Rykswei 32. Mei de amateurs fan Fuotbalferiening It Hearrenfean hat de sportklup dêr Sportpark Skoatterwâld yn gebrûk. Dat kompleks hat tsien fuotbalfjilden en by it haadfjild stiet in tribune dêr't 500 minsken op sitte kinne.

Skaaimerk en klaaiïng

bewurkje seksje
 
It shirt fan SK It Hearrenfean yn 2007, hjir mei Gonzalo García García.

It skaaimerk fan SC It Hearrenfean bestiet út in Fryske flagge yn de foarm fan in t-sjirt. Fan links nei rjochts stiet yn in blauwe baan sc Heerenveen te lêzen.

It tenu fan SK It Hearrenfean bestiet út in shirt yn de kleuren fan de Fryske flagge. Yn omheechgeande banen fan blau en wyt steane de pompeblêden. Fjirders wurdt der spile yn in wite broek en swarte sokken.

De kleuren fan it úttenu ferskille fan jier ta jier. Sa hat yn it ferline de kleur fan dit tenu ek wol blau west. Yn it seizoen 2018/2019 bestiet it tenu foar útwedstriden út in folslein read tenu.

It Hearrenfean hat har oanhing sûnt de begjin fan de jierren 80 mear as ferdûbele. Dat hat alles te krijen mei it belied en de prestaasjes fan de klup, mar ek mei it (fer)bouwen fan it nije Abe Lenstra Stadion. Dêr’t yn it seizoen 1987/1988 trochstring noch mar 3.278 minsken nei de wedstriden fan de klub kamen, woeks dat tal hurd. Yn it earste jier dat de klup yn de Earedifyzje spile, 1990/1991, kamen der trochstrings 8.888 minsken nei de westriden, ek nei de degradaasje fan dat jier bleau it besikerstal op like hichte stekken. Mei de bou fan it nije Abe Lenstra Stadion koe de klpb mear supporters yn harren stadion bergje: yn it jier 1994/1995 lei it taskôgerstal trochstrings op 12.682.[10] It ‘nije’ Abe Lenstra Stadion wie alwer gau te lyts en troch de jierren hinne hawwe der ferskate ferbouwingen oan it stadion west om mear romte te jaan oan de oanhing. Yn 2004 waard begûn mei de grutte ferbouwing yn it ramt fan Sportstêd It Hearrenfean. Yn stappen waard it stadion útwreide. Der kinne no sa’n 26.000 minsken sitte.

Yn it ferline is der ûndersyk dien nei it merkegebiet fan de fuotbalklups yn Nederlân. Ut dizze ûndersiken komt nei foaren dat SC It Hearrenfean har oanhing troch hast hiel Fryslân sitten hat.[11] Oare boarnen fermelde ek de Noardeastpolder, Stienwikerlân, Westerveld, Meppel en De Wolden as gemeenten dêr't mear as de helte fan de minsken dy’t nei betelle fuotbalwedstriden geane by SK It Hearrenfean komme.[12]

Supportersferieningen

bewurkje seksje

SK It Hearrenfean hat twa offisjele supportersferieningen, de Feanfan Supportersklub, stifte yn 1981 en Nij Noard (Nieuw Noord), dat stifte waard yn 2001.

Sûnt it seizoen 2005/2006 beskikt Nij Noard oer in eigen sfearfak oan de noardkante fan it stadion, dêr’t 1.000 minsken yn kinne. De supportersferiening Feanfan hat ek in eigen fak, dat oan de súdkante fan it stadion is. Tegearre mei Aksje ‘67 publisearret de feriening it supportersblêd Feanfan, dat ferspraat wurdt yn in oplage fan 5.500 eksimplaren.

Foar de jongerein binne de Junior Heroes en de Feanatics troch de klup stifte.

Yn dizze list steane alle topskutters sûnt 1990. It giet hjir allinnich om de doelpunten dy't makke binne yn de kompetysje.


It Hearrenfean hat yn harren skiednis 42 trainers hân. Hjirûnder in list fan dizze trainers:




Internationals

bewurkje seksje

It Hearrenfean hat sûnt harren oprjochting seis spilers oan it Nederlânske alvetal levere. Abe Lenstra wie op 31 maart 1940 de earste fan de klup dy't yn Oranje spile; Lenstra debutearre doe tsjin Lúksemboarch. Hy is mei 47 ynterlâns ek noch hieltyd rekôrhâlder by SC It Hearrenfean. Nei Abe Lenstra hat ek Gerben Hofma yn dy tiid twa kear foar it Nederlânsk alvetal op it fjild stien. Nei Hofma en Lenstra hat it lang duorre foar't der wer in spiler fan It Hearrenfean yn Oranje spile. Jeffrey Talan wie op 10 oktober 1998 wer de earste dy't foar Oranje útkaam. Talan kaam ta 8 ynterlâns en foarmet tegearre mei Lenstra die ienige spiler fan it Fean dy't yn doelpunt foar Oranje makke hat. Uğur Yıldırım hat ek as spiler fan SC It Hearrenfean in it Nederlânsk alvetal spile; dat die hy op 9 febrewaris 2005 yn de wedstriid tsjin Ingelân. Op 11 augustus 2010 waard Roy Beerens de fiifde spiler dy't foar SK It Hearrenfean yn Oranje spile. Beerens makke syn debút yn de útwedstriid tsjin de Oekraïne. Dêrnei debutearre Luciano Narsingh op 30 maaie 2012 as international. Narsingh is de earste spiler fan it Fean dy't selektearre is foar in eintoernoai (in Wrâldkampioenskip fuotbal of Europeesk kampioenskip fuotbal). Hy hat as spiler fan It Hearrenfean twa ynterlâns spile. Yn 2016 spile Stijn Schaars ek foar it Nederlânsk alvetal wylst er ûnder kontrakt stie by It Hearrenfean. Hy hie dêrfoar ek al foar Nederlân spile.

Internationals fan SK It Hearrenfean (mei tusken skrapkes it tal ynterlâns yn harren Hearrenfean-tiid):[13]

  • Abe Lenstra (47)
  • Gerben Hofma (2)
  • Jeffrey Talan (8)
  • Ugur Yildirim (1)
  • Roy Beerens (1)
  • Luciano Narsingh (2)
  • Stijn Schaars (1)

Troch de jierren hinne hawwe der ek spilers by It Hearrenfean spile dy't wol foar Oranje spile hienen, mar dizze spilers kamen net foar it Nederlânske alvetal út yn harren Hearrenfean-perioade.

Yn 2000 waard Anthony Lurling oprôpen foar de ynterlân tsjin Ierlân op 2 septimber, mar Lurling kaam net oan spyljen ta yn dy wedstriid. It hat foar him de iennichste kear west dat hy by de seleksje fan it Nederlânske alvetal siet.

Yn 2008 die it Nederlânske fuotbalalvetal ûnder 21 mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Peking. Yn de seleksje fan dizze ploech sieten trije spilers dy’t op dat stuit warber wienen foar It Hearrenfean. It gie om Calvin Jong-A-Pin, Roy Beerens en Gerald Sibon. Dy leste makke ek twa doelpunten op it toernoai. De ploech waard yn de kwartfinale útskeakele troch Argentynje. Njonken dizze spilers wie ek Foppe de Haan âld-haadtrainer fan It Fean derby, De Haan wie de bûnscoach fan de ploech.

It klupliet fan SK It Hearrenfean hjit 'Heerenveen, ús Heerenveen. Dit is de tekst:

Kearsang:

Aan de kant ik moet naar 't stadion, Heerenveen ús Heerenveen,
Naar 't Abe Lenstra Stadion, Heerenveen ús Heerenveen.
Pompeblêden Fryslân boppe, gooi de rest mar yn de groppe,
Daarom roept en zingt nu iedereen, Heerenveen ús Heerenveen,

Twadde part kearsang: (Dit wie earder it deuntsje by in doelpunt fan It Hearrenfean)

Olé, olé, olé, olé, olé, olé,
Ja, ze zingen met ons mee,
Olé, olé, olé, olé, olé, olé,
Overal hoor je nu dit olé.
We gaan alleen maar voor de winst,
Dus knal 'm erin dat is er een.
Er kan maar een de beste zijn,
Toevallig is dat ús Heerenveen.

Kearsang:

We hebben een doel, naar de top,
Dus knal 'm erin dat zijn er twee.
Als 't eindsignaal straks klinkt,
Dan pakken we weer drie puntjes mee.

Kearsang (sûnder it twadde part) oanfolle mei:

Heerenveen ús Heerenveen, Heerenveen ús Heerenveen.

Haadsponsoaren

bewurkje seksje

Sûnt 1985 hat SK It Hearrenfean in haadsponsor, dy't ûnder oare op it shirt te sjen is. Yn totaal hat de klup fiif haadsponsers hân. Yn 1985 wie AA drink de earste sponser, sûnt 2016 is dat GroenLeven.

  • 1985 - 1988: AA drink
  • 1988 - 1993: Unibind
  • 1993 - 1999: Batavus
  • 1999 - 2001: Telekabel/UPC
  • 2001 - 2016: Univé
  • 2016 - 2019: GroenLeven
  • 2019 - no: Ausnutria

Kleansponsoaren

bewurkje seksje

De kleansponsor is de sponsor dy't de klean fan de fuotbalklup fersoarget. Yn de njoggentiger jierren wie it Dútske adidas de kleansponsor. Dat waard letter oernaam troch it eigen merk fan de klup, dat Abe hjitte. Omdat it eigen kleanmerk net genôch jild opsmiet waard Umbro de nije kleansponsor. Sûnt it seizoen 2008/2009 docht Jako it, foar 1,1 miljoen euro it seizoen.

  • SK It Hearrenfean waard yn 1992, 1997 en 2004 útroppen ta Klup fan it Jier.
  • De namme fan de klup is offisjeel sc Heerenveen, 'sc' mei lytse letters.
  • De earste foltiidsk profesjoneel fuotballer fan SK It Hearrenfean wie Paja Dolezar, hy wie ek de earste bûtenlânske spiler fan de klup.
  • SK It Hearrenfean hat in gearwurkingsferbân mei Sparta Rotterdam en Fuotbalferiening Snits.

Ferneamde (âld-)spilers, trainers en bestjoerders

bewurkje seksje
  • Albert van Keimpema (septimber 1995) - Een pompeblêd als voetbalhart; 75 jaar Heerenveen 1920-1995
  • Wio Joustra en Yme Kuiper (2001) -SC Heerenveen, spelen met traditie
  • Kees 't Hart (juny 2001) - Hard Gras; Het mooiste leven... - Het seizoen 2000/2001 van SC Heerenveen. Utjouwerij L.J. Veen.
  • SC It Hearrenfean (septimber 2008) - SC Heerenveen in Europa - 1995/2007
  • Harry Walstra - Feanster Passie - 25 interviews over heden en verleden van SC Heerenveen. Utjouwerij Tammo , Snits

Oare besibbe literatuer:

  • Eppie Dam (2001) - Foppe, portret fan in bysûnder gewoan minske. Utjouwerij Fryslân Ljouwert en Utjouwerij Eisma Ljouwert
  • Johann Mast (2007) - Het levensverhaal van Nederlands eerste grote sportidool. Utjouwerij Tirion.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. FC Update, Heerenveen: "Zwarte dag door ontslag Sollied" (sjoen op 16 augustus 2010)
  2. Jan de Jonge weg bij Heerenveen, SpitsNieuws.nl (sjoen op 15 novimber 2010)
  3. Everse nieuwe trainer Heerenveen, NOS.nl (sjoen op 15 novimber 2010)
  4. sc Heerenveen zoekt nieuwe voorzitter, sc-Heerenveen.nl (sjoen op 7 septimber 2013)
  5. Heerenveen zoekt nieuwe voorzitter; Van der Velde stopt als commissaris, Voetbalzone.nl (sjoen op 15 novimber 2010)
  6. 'Geskikt om klub te lieden' Omrop Fryslân (sjoen op 15 novimber 2010)
  7. Heerenveen breidt stadion nog niet uit, Friesch Dagblad.nl (sjoen op 15 novimber 2010)
  8. Jans en Heerenveen verlengen niet NOS.nl (sjoen op 7 septimber 2013)
  9. Van Basten nieuwe trainer Heerenveen, NRC.nl (sjoen op 7 septimber 2013)
  10. Voetbal International Seizoengids 2009/2010. ISSN 00427977
  11. DeJonghe, Trudo; Hoof, Sjef van (2006) Over slapende reuzen en wakkere dwergen – De geografie fan het Nederlandse betaalde voetbal (sjoen op 10 desimber 2009)
  12. Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 202.
  13. Voetbalstats.nl (sjoen op 5 febrewaris 2019)
  • Keimpema, A. (1995) - Een Pompeblêd als voetbalhart, 75 jier It Hearrenfean 1920 - 1995. Utjouwerij Banda.
 
Earedifyzje seizoen 2021/22

Ajax · AZ · SC Cambuur · Feyenoord · Fortuna Sittard · Go Ahead Eagles · FC Grins · SK It Hearrenfean · Heracles Almelo · N.E.C. · PEC Swol · PSV · RKC Waalwijk · Sparta Rotterdam · FC Utert · Vitesse · Willem II