Súdlik Kalifornje

Súdlik Kalifornje (Ingelsk: Southern California, gauris ôfkoarte ta SoCal) is in geografyske, statistyske en kulturele regio yn 'e Feriene Steaten, dy't it súdlike diel fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje beslacht. It gebiet omfettet de stêdekloften fan Los Angeles en San Diego, de Kalifornyske Kanaaleilannen yn 'e Stille Oseaan en it saneamde Binnenlânske Ryk (Inland Empire) yn it tinbefolke, woastinige efterlân. Neffens de Amerikaanske folkstelling fan 2020 hie Súdlik Kalifornje doe in befolking fan 23,8 miljoen minsken.

Súdlik Kalifornje
Southern California
polityk
soarte gebiet geografyske en
   statistyske regio
lân Feriene Steaten
steat Kalifornje
grutste plak Los Angeles
sifers
ynwennertal 23.762.904 (2020)
oerflak 146.350 km²
befolkingstichtens 162,4 / km²
oar
tiidsône UTC –8
simmertiid UTC –7
kaart
Súdlik Kalifornje (read) yn 'e Amerikaanske steat Kalifornje.

Súdlik Kalifornje beslacht likernôch it súdlike trêdepart fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, besteande út tsien countys:

Súdlik Kalifornje grinzget yn it suden oan Meksiko, yn it easten oan 'e Amerikaanske steat Arizona en yn it noardeasten oan 'e Amerikaanske steat Nevada. Yn it westen wurdt it gebiet begrinzge troch de Stille Oseaan. De skieding mei Noardlik Kalifornje, dat de rest fan 'e steat Kalifornje beslacht, is in likernôch rjochte line op 35°45′ noarderbreedte, dy't foarme wurdt troch de noardgrinzen fan San Luis Obispo, Kern en San Bernardino Countys. It totale oerflak fan Súdlik Kalifornje bedraacht 146.350 km².

 
De tsien countys fan Súdlik Kalifornje.

Súdlik Kalifornje omfettet kriten dy't sterk faninoar ferskille. De smelle stripe leechlân by de kust fan 'e Stille Oseaan lâns is tichtbefolke mei de stêdekloften fan San Diego (yn it suden), Los Angeles (yn 'e midden) en Oxnard-Thousand Oaks-Ventura en Santa Barbara (yn it noarden). Foar de kust lizze yn 'e oseaan de Kanaaleilannen fan Kalifornje, wêrfan't Santa Catalina it bekendste is.

Yn it binnenlân riist efter de kuststripe it Pasifysk Kustberchtme op, in ûnderdiel fan 'e Noardamerikaanske Kordillera, dat bestiet út berchrêgen as it San Gabrielberchtme, it San Rafaelberchtme, it Santa Anaberchtme, it Santa Monicaberchtme, it Santa Susanaberchtme, it Santa Ynezberchtme, it San Bernardinoberchtme, it Temblorberchtme en it Tehachapiberchtme.

Efter de bergen leit it saneamde Binnenlânske Ryk, dat bestiet út twa dúdlik ûnderskate dielen. Yn it westen, tsjin 'e bergen oan, is der in ferstedske regio om San Bernardino en Riverside hinne. Eastlik dêrfan leit in tinbefolke woastynkrite, dy't yn it noarden ta de Mojavewoastyn heart en yn it suden, oan grins mei Arizona, by de igge fan 'e rivier de Colorado lâns, ta de Coloradowoastyn, dy't in ûnderdiel is fan 'e gruttere Sonoarawoastyn. It grutste oerflaktewetter yn Súdlik Kalifornje is de Saltonsee yn it súdlike binnenlân, in ûndjippe sâltmar yn 'e Saltontrôch.

Súdlik Kalifornje waard likernôch 10.000 jier lyn kolonisearre de earste minsklike bewenners, dat Yndianen wiene. De earste Jeropeänen dy't it gebiet oandiene, wiene yn 1542 de Spaanske ûntdekkingsreizger Juan Rodríguez Cabrillo en syn selskipslju, dy't der oanspraak op makken foar de Spaanske Kroan. Sa kaam it gebiet (yn namme) ta de Spaanske koloanje Nij-Spanje te hearren. Pas yn 17691770 waard Súdlik Kalifornje yngeander ferkend troch de ekspedysje fan Gaspar de Portolà. Neitiid begûnen Spaanske misjonarissen mei it opsetten fan 'e 21 Kalifornyske Missyposten yn Súdlik Kalifornje, en tagelyk kaam der mei de bou fan ferskate presidios (forten) foar it earst in Spaanske militêre oanwêzichheid.

 
Utsjoch op it sintrum fan Los Angeles.

Yn 1821 waard Nij-Spanje ûnôfhinklikheid ûnder de nije namme Meksiko, en Súdlik Kalifornje kaam doe ta dat lân te hearren. Yn 'e Meksikaanske tiid waarden der grutte feepleatsen of ranchos yn Súdlik Kalifornje stifte, dy't it eigendom wiene fan Kalifornyske Meksikanen fan Spaansk komôf, de saneamde Californios. Tusken 1831 en 1836 fûn der yn Kalifornje in rige opstannen plak fan Californios tsjin it Meksikaanske bewâld, dy't kulminearre yn 'e Kalifornyske Opstân fan 1836, ûnder lieding fan Juan Bautista Alvarado. It Meksikaanske regear loste de swierrichheden op troch Alvarado gûverneur fan Kalifornje te meitsjen.

Yn 'e Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch fan 18451848 waard Súdlik Kalifornje mei gâns oare noardlike gebietsdielen fan Meksiko ferovere troch de Feriene Steaten. By it Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo, dat in ein oan 'e oarloch makke, wie Meksiko twongen om dy gebieten foargoed ôf te stean. Sa kaam Súdlik Kalifornje ûnder Amerikaansk bewâld as diel fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dy't yn 1850 oprjochte waard. De Kalifornyske Goudkoarts, dy't duorre fan 1848 oant 1854, hie op Súdlik Kalifornje folle minder direkte ynfloed as op Noardlik Kalifornje, om't dêre de goudfjilden te finen wiene. Yn dyselde snuorje waard de oarspronklike Yndiaanske befolking fan Kalifornje op ûnmeilydsume wize ferfolge en útmoarde yn wat tsjintwurdich de Kalifornyske Genoside neamd wurdt.

 
It Hollywood Sign yn 'e Hollywoodheuvels is by útstek it symboal fan 'e filmyndustry fan Hollywood.

De earste migraasjeweach fan Amerikanen út it easten fan 'e Feriene Steaten nei Súdlik Kalifornje fûn plak yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw. It gie dêrby fral om boeren dy't de kost fertsjinnen mei feehâlderij of túnbou fan benammen sitrusfruchten. Fan 'e 1910-er jierren ôf strieken yn Súdlik Kalifornje omreden fan it (doe noch) goedkeape lân en it mylde klimaat de earste filmmakkers del. Hja kloften gear te Hollywood, dat him yn 'e 1920-er jierren ûntjoech ta it wrâldwide sintrum fan 'e filmyndustry. Neitiid gie de migraasje nei it gebiet ta hurder om't dy doe fasilitearre waard troch ferskate nije transkontinintale autodiken. De stream fan nijynkommelingen berikte in hichtepunt yn 'e Grutte Depresje fan 'e 1930-er jierren, doe't boeren út 'e troch stofstoarmen teheistere midden fan it lân massaal nei it westen streamden, en nei ôfrin fan 'e Twadde Wrâldoarloch, doe't âld-militêren dy't yn Súdlik Kalifornje legere west hiene, har yn grutte oantallen yn it gebiet fêstigen.

Súdlik Kalifornje hat in tige ferskate en heechûntwikkele ekonomy, dy't ien fan 'e oandriuwers is fan 'e Amerikaanske ekonomy as gehiel. Wa't Súdlik Kalifornje seit, seit ek de filmyndustry fan Hollywood, en dat is yndie ien fan 'e wichtichste pylders fan 'e regionale ekonomy. Oare tige wichtige sektors binne de oaljeyndustry, de fleantúchbou en it toerisme, wêrfan't dat lêste nau mei de filmyndustry ferweve is. Produksje fan software, auto's en farmaseutika binne ek wichtich, krekt as de finansjele sektor, de sûnenssoarch en ferfier (benammen de havens). De betsjutting fan 'e lânbou belunet sûnt de midden fan 'e tweintichste iuw oan ien wei troch, mei't der hieltyd mei greidlân foar de feehâlderij (fral fleiskij) en hôven foar de tylt fan sitrusfruchten oerboud wurde mei foarstêden en bûtenwiken.

 
Surfen is in populêre sport yn Súdlik Kalifornje.

Neffens gegevens fan it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan 'e folkstelling fan 2020 hie Súdlik Kalifornje dat jiers in befolking fan 23.762.904 minsken. De befolkingstichtens bedroech 162,4 minsken de km². De grutste stêden yn it gebiet wiene Los Angeles mei likernôch 3,9 miljoen ynwenners en San Diego mei krapoan 1,4 miljoen ynwenners. De grutste stêdekloften binne ek Los Angeles mei likernôch 13,2 miljoen ynwenners en San Diego mei 3,3 miljoen ynwenners.

Oare wichtige stêden yn Súdlik Kalifornje binne Anaheim, Burbank, Huntington Beach, Irvine, Laguna Beach, Long Beach, Newport Beach, Pasadena, Santa Ana, Santa Clarita en Santa Monica yn 'e stêdekloft fan Los Angeles; Chula Vista en Escondido yn 'e stêdekloft fan San Diego; Oxnard, Thousand Oaks en Ventura noardeastlik fan Los Angeles; Malibu en Santa Barbara fierder westlik by de kust lâns; Bakersfield oan 'e súdlik útein fan 'e Sintrale Delling; en ferspraat oer it binnenlân El Centro, Lancaster, Palm Springs, Riverside en San Bernardino.

De stêdekloft fan San Diego is yn it suden fêstgroeid oan Tijuana, fuort oer de grins yn Meksiko, wylst El Centro grinzget oan 'e Meksikaanske stêd Mexicali.

 
Snie yn it San Gabrielberchtme benoarden Los Angeles.

Yn 2021 bestie 33% fan 'e befolking fan Súdlik Kalifornje út etnyske Meksikanen, dy't dêrmei de grutste befolkingsgroep foarmen. Blanken hiene in hast like grut befolkingsoandiel mei 32,9%. Mar as men Salvadoranen (2,4%), Gûatemalteken (1,4%) en oare Latino's (3,3%) by de Meksikanen optelt, makken de Latino's as kloft 40,1% fan 'e befolking út. Oare befolkingsgroepen wiene Afro-Amerikanen (5,8%), Súdeastaziaten (5,6%), Eastaziaten (4,2%), Súdaziaten (1,5%), Middeneasterlingen (1,4%), Yndianen (1,3%) en oaren of lju fan mingd etnysk komôf (6,2%).

Súdlik Kalifornje hat foar it meastepart in Mediterraan klimaat, mei waarme drûge simmers en mylde wiete winters. Yn it binnenlân hawwe beskate gebieten in steppeklimaat, wylst yn 'e Mojavewoastyn en de Sonoarawoastyn in woastynklimaat hearsket. De delslach is ûnberekkenber: guon winters falt der hast hielendal gjin rein, sadat it risiko op natoerbrannen oanboazet. Yn oare winters jaget de iene depresje de oare en falt der safolle yn ien kear dat der oerstreamings en ierdferskowings ûntsteane. Yn 'e earste desennia fan 'e ienentweintichste iuw binne der mear en slimmere drûchten en natoerbrannen as gefolch fan klimaatferoaring. Snie is yn Súdlik Kalifornje tige seldsum, útsein yn 'e bergen op hichten boppe de 1.500 m.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.