Ryptsjerk
Ryptsjerk is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Ryptsjerk leit tusken de Trynwâlden en de N355. Mei de doarpen Gytsjerk, Aldtsjerk, Oentsjerk, Readtsjerk en Mûnein leit it op de sânrich Trynwâlden. By it doarp leit it rekreaasjegebiet de Grutte Wielen.
Ryptsjerk | ||
Doarpssicht | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 775 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 8,03 km², wêrfan - lân: 7,15 km² - wetter 0,52 km² | |
Befolkingsticht. | 109 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 53° 13' N 5° 54' E | |
Doarpsgebiet fan Ryptsjerk (grien) yn de gemeente Tytsjerksteradiel | ||
Offisjele webside | ||
Ryptsjerk op de side fan Trynwâlden | ||
Kaart | ||
Ryptsjerk hat 775 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
Skiednis
bewurkje seksjeDe namme Ryptsjerk is ôflaat fan 'Riperkerka', tsjerke op in ripe, in sânrich. It efterheaksel "ryp" of "ripe" komt wol yn mear plaknammen foar. Dy sânrich is in restant fan de iistiid, dy't sawat 200.000 jier lyn yn Fryslân hearske. Op dy sânrich leit de hjoeddeiske Easterdyk, de âldste wei fan it doarp.
Yn de 14e iuw wurdt foar it earst melding makke fan Riperkerka, in delsetting fan fiskers, turfmakkers en reidsnijers. Wierskynlik waard der ek al tige yntinsyf buorke. Yn de rin fan de jierren waarden de Binnendyk en de Westerdyk oanlein, parallel rinnend mei de Easterdyk en ûnderling ferbûn troch de Ypeysingel en de Breedyk, wêrtroch't it doarp min ofte mear syn hjoeddeiske foarm krige. Doe't de mins learde om it wetter te behearskjen, luts it doarp mear boeren oan en dat brocht op lytsskalige wurkgelegenheid op. Dochs bleau der noch lange tiid reidkultuer en turfoanmeitsjen. It byld "de Leiker" ferwiist nei it opbaggeljen fan de "klyn", de grûnstof foar turf. De lêste binnenfisker is yn 1988 ferstoarn.
Bûtenpleatsen
bewurkje seksjeLjouwert leit net fier fan Ryptsjerk. Sângrûn is boskich en dêrom kamen in soad bestjoerlike pommeranten yn simmerferbliuwen yn de Trynwâlden, Ryptsjerk en Tytsjerk te wenjen. Yn Ryptsjerk stienen trije aadlike huzen:
- Hearmastate, dat om 1850 hinne ôfbrutsen wêze moat en dêr't net folle mear fan bekend is.
- Ulenburghstate, dat oan de Easterdyk lei en yn 1708 ôfbrutsen is. It wie it simmerferbliuw fan Rombertus fan Uylenburgh, boargemaster fan Ljouwert. Syn dochter Saakje wie de frou fan Rembrandt van Rijn.
- Fiversburch, dat ek hjoed-de-dei noch bestiet, mar dat sûnt 1970 ûnder Tytsjerk falt.
Tsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Protestantske tsjerke fan Ryptsjerk.
Ien fan de markantste gebouwen fan it doarp is de protestantske tsjerke, dy't om 1750 hinne boud is. In âlder tsjerkje moat stien hawwe by it eardere slúske, dêr't de Easterdyk útkomt op de Slachtedyk. Yn de toer hinget in tige moaie liedklok, getten yn 1546. Twa foarstellingen op de sydkant byldzje Simson út yn gefjocht mei de liuw, en Delila dy't in spear draacht. Wol hast wis binne se bedoeld as symboalen, wizend op de gefaren foar de yn selibaat libjende roomske geastliken. De sterke Simson fersloech de liuw, mar wie tsjin in ferliedlike frou net opwoeksen. Hoewol't de klok yn 1943 troch de Dútske besetter roofd waard, is de 598 kilo swiere kolos geef weromkomd fan in opslachplak yn Giteren.
Mûne
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Ypeymûne.
De Ypeymûne is in poldermole west fan Ryptsjerk. It is in reiddutsen houten achtkante mûne mei stiennen fjildmuorren.
Utwreiding
bewurkje seksjeWylst doarpen as Tytsjerk, Hurdegaryp en Gytsjerk/Oentsjerk sûnt de jierren 1950 foars útwreiden, bleau Ryptsjerk wat nijbou oanbelanget efter. Sûnt de jierren 1970 hat der oan de westlike kant fan de Binnendyk in beskieden groei west. Hjoed-de-dei foarmje de "allochtoanen" in wichtige oanfolling op it autochtoane diel, dat frijwat honkfêst is.
Mienskip
bewurkje seksjeIt doarpshûs fan Ryptsjerk hjit De Einekoer. De doarpskrante 'Doarpslibben Ryptsjerk' is ek online te besjen. Der is in feriening fan doarpsbelang.
Tsjerke
bewurkje seksje- PKN Ryptsjerk.
Skoalle
bewurkje seksje- Kristlike basisskoalle Alpha
Ferienings
bewurkje seksje- De feriening "Doarpsein" is in feriening dêr't it hiele doarp lid fan is. De feriening waard yn de earme tiid fan de jierren 1930 stifte, doe't de eineaaien faak opiten waarden en de einen sels ek noch wol ris yn 'e panne telâne kamen. Om tefoarren te kommen dat de doarpseinen útroege waarden, waard in feriening stifte, dy't noed draacht foar de einen. Alle jierren binne wurde der in grut tal einekuorren yn 'e sletten en op de wylgen set en winterdeis wurde de einen byfuorre. Sûnt de stifting is de kontribúsje fêststeld op 15 sint en dêrnei nea wer feroare. Allinne yn 2021 waard fanwegen it koronapandemy gjin kontribúsje ophelle en yn stee dêrfan krigen alle ynwenners in ansichtkaart fan it bestjoer.
- Fuotbalferiening Ryptsjerk
- Feriening Fûgelwacht Ryptsjerk
Befolkingsferrin
bewurkje seksjeJier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1973 | 2006 | 2021 |
---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 954 | 934 | 862 | 778 | 687 | 835 | 785 |
Bekende ynwenners
bewurkje seksje- Enneüs Heerma, earder CDA-fraksjefoarsitter, is hjir berne.
Strjitten
bewurkje seksjeBinnendyk, Breedyk, De Opslach, De Tunen, Easterdyk, Heermawei, IJpeijsingel, Nijlânswei, Reidikker, Ryksstrjitwei, Slachtedyk, Tsjerkelânsreed, Westerdyk.
Sjoch ek
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeTytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
· · |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|