Radio Stêd Harns
Radio Stêd Harns is de lokale omrop fan de gemeente Harns. Under it útstjoergebiet fan de omrop falle Harns en de doarpen Mullum en Winaam. Har earste útstjoering wie op 1 desimber 1989. De programmalieding wurdt foarme troch Albertus van der Plaats en Henk Jan Cornelisse. Haad technyk zijn Anthon Koning en Martin Koning. Der wurdt benammen útstjoerd op freed, sneon en snein. Omrop Fryslân fersoarget de útstjoerings fan Radio Stêd Harns op de oeren at der net troch de omrop sels útstjoerd wurdt.
Inkele Programma's
bewurkje seksje- Wakker worden met Jitze : Programma mei nijs en muzyk.
- RSH Klassyk : Al mear as 18 jier it sneintemoarn programma fan Radio Stêd Harns
- Roots Music : Muzykprogramma mei in soad myzyksoarten lykas blues, country, rock-'n-roll en mear.
- Sport Lokaal : It lokale sportprogramma op sneoon en sneintemiddei
- Krúspunt : Geastlik programma oer tsjerke en leauwen.
Eardere Programma's
bewurkje seksje- Gewoon op zondag - Programma mei aktualiteiten op de sneintemiddei
- Jolijt op de radio - Jongereinprogramma
- Wybo in het Weekend - Jongereinprogramma
- 829(Eight To Nine) - Jongereinprogramma
- Achter de stamtafel - Praatprogramma op de sneontemoarn.