Pietje Hornstra-Feitsma (Hilaard, 9 desimber 1918 - It Hearrenfean, 14 april 1991[1]) wie in Fryske koartebaan reedrider. Neffens it oarspronklike register waard Feitsma berne yn Hilaard, mar J.H. Rijpkema neamt Dronryp as berteplak.

Pietje Feitsma
Reedrider
Pietje Feitsma (1933)
Pietje Feitsma (1933)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 9 desimber 1918
berteplak Hilaard
stjerdatum 14 april 1991
stjerplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
sportive ynformaasje
ûnderdiel Koartebaanriden

Se ried har earste wedstriid op 6 desimber 1933 doe't se 14 jier wie yn har wenplak Dronryp. Se wûn de earste priis (f 40, - ) foar Tryntsje Terpstra en har trije jier âldere suster Loltje. Op 17 desimber fan datselde jier wûn se de sulveren medalje op de Nederlânske kampioenskippen koartebaanriden yn Wergea , dêr't se de finale fan Grytsje Bijlsma ferlear .

Har pake Feitsma fan Deinum wie ek in hurdrider dy't yn 1865 en 1866 yn de prizen foel. Neist har suster Jeltsje wûn ek har broer Age (berne yn 1918; emigrearre nei de Feriene Steaten) prizen yn 1918.

Unfolsleine list:

1933–34
1e priis (f 40,-) - 6 desimber 1933 yn Dronryp
4e priis (f 5,-) - 9 desimber 1933 yn Huzum
2e priis (f 20,-) - 10 desimber 1933 yn Stiens
1e priis (f 25,-) - 11 desimber 1933 yn Britswert
3e priis (f 15,-) - 14 desimber 1933 yn Wolvegea
1e priis (f 15,-) - yn Dearsum
1e priis (f 50,-) - 16 desimber 1933 yn Rie
17 desimber 1933 Nederlânske nasjonale kampioenskippen yn Wergea
2e priis (f 45,- & medalje)
Fluchste race
2e priis (f 60,-)- 18 desimber 1933 yn Berltsum (achter Grietje Bijlsma, foar Sjoukje Bouma)
1935-36
2e priis (f 25,-) - 21 desimber 1935 yn Hurdegaryp, klasse A, 6 dielnimmers (efter Marie v. d. Duim-De Groot)

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Rijpkema, J. H. (17 maaie 1936). "Gedenkschrift bij het 50-jarig bestaan van den Frieschen IJsbond 1886-1936, alsmede iets over hardrijders en hardrijdsters in vroeger en later jaren". Noord-Nederlandsche Boekhandel. s. 173 – fia de Keninklike Bibleteek.
Referinsje
  1. [1] Pietje Feitsma 9 December 1918–14 April 1991