Peter den Oudsten

Peter Erick Johan den Oudsten (Ljouwert, 24 oktober 1951) is in Nederlânsk politikus fan de PvdA.

Peter den Oudsten
Peter den Oudsten yn 2008
Peter den Oudsten yn 2008
Algemien
Folsleine namme Peter Eric Johan den Oudsten
Berne 24 oktober 1951
Berteplak Ljouwert
Partij PfdA
Politike funksjes
1986-2001 Gemeenteriedslid fan Ljouwert
1997-2001 Wethâlder fan Ljouwert
1998-1999 Waarnimmend boargemaster fan Ljouwert
2001-2005 Boargemaster fan Meppel
2005-2014 Boargemaster fan Ynskedee
2015-2018 Boargemaster fan Grins
2019 Waarnimmend boargemaster fan Grins
2020 Waarnimmend boargemaster fan Utert

Maatskiplike karriêre

bewurkje seksje

Peter den Oudsten sette útein mei syn karriêre yn 1975 as amtner by de gemeente Ynskedee op de ôfdieling foarljochting en yn 1979 waard er plakferfangend haad op dy ôfdieling. Yn 1984 waard er haad by it Provinsjaal Enerzjybedriuw Fryslân (PEB, letter Nuon). Yn 1991 gie er nei Friesland Foods as haad fancorporate communications.

Politike karriêre

bewurkje seksje

Fan 1986 ôf waard er ek warber yn de polityk. Hy sette útein as gemeenteriedslid fan Ljouwert. Fan 1997 oant 2001 wie er wethâlder yn Ljouwert. Yn 1998 en 1999 wie er dêr waarnimmend boargemaster. Yn 2001 waard Den Oudsten beneamd ta boargemaster fan it Drintske Meppel en yn 2005 ta boargemaster fan Ynskedee, as opfolger fan Jan Mans.

Op 2 jannewaris 2015 waard er boargemaster fan Grins, as opfolger fan Ruud Vreeman. Yn syn tiid yn Grins hat er him sterk makke tsjin de ryksoerheid, minister Kamp en de Nederlânske Ierdoalje Maatskippij (NAM) dy't de Grinslânske befolking lang mislaat hawwe oer it gaswinnen yn de Grinslânske boaiem sûnder oan it gefaar foar de befolking te tinken. Op 1 jannewaris 2019 waard er waarnimmend boargemaster fand e nije gemeente Grins, dy't ûntstie nei de fúzje fan de eardere gemeenten Grins, Haren en Ten Boer. Op 30 septimber dat jiers waard er opfolge troch Koen Schuiling. By syn ôfskie waard er beneamd ta eareboarger fan de gemeente Grins.

Op 1 july 2020 waard er waarnimmend boargemaster fan Utert nei't Jan van Zanen fuortgie. Op 17 desimber dat jiers folge Sharon Dijksma him op dêre.

Njonkenfunksjes

bewurkje seksje

Sûnt 1 jannewaris 2020 is er foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch fan Medisch Spectrum Twente en foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch fan Zienn en Het Kopland. Sûnt 1 jannewaris 2014 is er ek foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch fan Hegeskoalle Windesheim yn Swol. Ek is er lid fan de Rie fan Tafersjoch fan Betinkingsintrum Kamp Westerbork.

Nei de gemeenteriedsferkiezings fan 2022 waard er op 23 maart dat jiers ynformateur yn Ljouwert. Op 6 april kaam er mei it advys en foarmje in koälysje fan PfdA, GrienLinks, Gemeentebelangen Ljouwert en it CDA

Priveelibben

bewurkje seksje

Peter den Oudsten is boaske en hat twa bern.