Patricia Wrede

(Trochferwiisd fan Pat Wrede)

Patricia "Pat" Wrede, folút: Patricia Collins Wrede (Chicago, 27 maart 1953) is in Amerikaansk skriuwster fan mear as tweintich romans fan it fantasy-sjenre.

Patricia Wrede
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Patricia Collins Wrede
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 27 maart 1953
berteplak Chicago (Illinois)
etnisiteit Iersk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy
bekendste
  wurk(en)
Lyra-searje
The Enchanted Forest Chronicles
jierren aktyf 1982 – no
offisjele webside
www.pcwrede.com

Patricia Wrede waard yn 1953 berne yn 'e stêd Chicago, yn 'e Amerikaanske steat Illinois, as Patricia Collins. Hja groeide op as de âldste yn in gesin mei fiif bern, en studearre yn 1974 ôf oan it Carleton College mei in bachelorstitel yn biology. Yn 1976 troude se mei James Wrede, mei wa't se har nei wenjen sette yn Minneapolis, yn 'e steat Minnesota, dêr't se noch altyd wennet, al einige har houlik yn 1991 yn in skieding. Yn 1977 behelle se in MBA, oftewol in masterstitel yn bedriuwskunde, oan 'e Universiteit fan Minnesota. Wylst se dêrnei wurke as accountant en finansjeel analyste, fûn se noch genôch tiid om yn 1978 har earste boek ôf te krijen, wêrnei't se om in útjouwer begûn te sykjen.

Underwilens rjochte se yn jannewaris 1980 mei Pamela Dean, Emma Bull, Will Shetterly, Steven Brust en Nate Bucklin de fantasyskriuwersrûnte The Scribblies op, wêrfan't se fiif jier lid bleau. Letter dat jiers mette se har kollega Lillian Stewart Carl, dy't har yn 'e kunde brocht mei Lois McMaster Bujold. Mei dy beide is sûnt altyd goed befreone bleaun, en se spile in wichtige rol by it opstarten fan Bujold har eigen karriêre as skriuwster, in pear jier letter.

Yn april 1980 fûn Wrede einlings en te'n lêsten in útjouwerij dy't mei har yn see woe, en yn 1982 kaam har earste boek Shadow Magic út by Ace Books. Yn 1985, koarte tiid foar't har fyfde boek útjûn waard, joech se har baan as accountant deroan om har fulltime op it skriuwen ta te lizzen. Wrede is in fegetariër en wennet gear mei twa katten. Se hat sels gjin bern, mar bedjert ynstee har acht muoikesizzers as dy by har delkomme. Yn 2009 skonk se har argyf oan 'e ôfdieling Seldsume Boeken en Spesjale Kolleksjes fan 'e Universiteit fan Noardlik Illinois.

  • Lyra-searje
    • 1982: Shadow Magic
    • 1984: Daughter of Witches
    • 1985: The Harp of Imach Thyssel
      • 1997 (omnibus): Shadows over Lyra (ynkl. Shadow Magic, Daughter of Witches en The Harp of Imach Thyssel)
    • 1987: Caught in Crystal
    • 1994: The Raven Ring
  • The Enchanted Forest Chronicles ("Kroniken fan it Betsjoende Wâld")
    • 1985: Talking to Dragons
      • 1995: Talking to Dragons (op 'e nij besjoene en oanpaste ferzje)
    • 1990: Dealing with Dragons
    • 1991: Searching for Dragons
    • 1993: Calling on Dragons
  • Cecelia and Kate-rige (in searje briefromans, skreaun tegearre mei Caroline Stevermer)
    • 1988: Sorcery and Cecelia, or The Enchanted Chocolate Pot: Being the Correspondence of Two Young Ladies of Quality Regarding Various Magical Scandals in London and the Country (nije printinge 2003)
    • 2004: The Grand Tour or The Purloined Coronation Regalia: Being a Revelation of Matters of High Confidentiality and Greatest Importance, Including Extracts from the Intimate Diary of a Noblewoman and the Sworn Testimony of a Lady of Quality
    • 2006: The Mislaid Magician or Ten Years After: Being the Private Correspondence Between Two Prominent Families Regarding a Scandal Touching the Highest Levels of Government and the Security of the Realm
  • Magic and Malice-searje
    • 1991: Mairelon the Magician
    • 1997: Magician's Ward
      • 1999 (omnibus): Magic and Malice (ynkl. Mairelon the Magician en Magician's Ward)
      • 2010 (paperbackomnibus): A Matter of Magic (ynkl. Mairelon the Magician en Magician's Ward)
  • Frontier Magic-searje
    • 2009: Thirteenth Child
    • 2011: Across the Great Barrier
    • 2012: The Far West
  • Star Wars-juniorromans
    • 1999: Star Wars, Episode I – The Phantom Menace (ferwurking ta in roman foar jongfolwoeksenen)
    • 2002: Star Wars, Episode II – Attack of the Clones (ferwurking ta in roman foar jongfolwoeksenen)
    • 2005: Star Wars, Episode III – Revenge of the Sith (ferwurking ta in roman foar jongfolwoeksenen)
  • op harsels steande romans

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.