Ommen (stêd)
Ommen (Nedersaksysk: Ommn) is in stêd yn Oerisel en it haadplak fan de gemeente mei deselde namme. Ommen hat 13.200 ynwenners (2023). Ommen leit oan de Oeriselske Fecht, yn de streek Sallân of spesifiker de "Fechtdelling". It plak wurdt al om it jier 1100 hinne neamd as plak dêr 't men troch de Fecht wâdzje kin, in furde. Yn 1248 krige Ommen stedsrjochten.
Ommen | ||
It eardere stêdshûs fan Ommen oan 'e Fecht (2009) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Oerisel | |
Gemeente | Ommen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 13.200 (1 jannewaris 2023) [1] | |
Oerflak | 55,76 dêrfan lân: 54,92 km² dêrfan wetter: 0,84 km² | |
Befolkingsticht. | 237 ynw./km² | |
Oar | ||
Ferkearsieren | Spoar fan Swol nei Stêdskanaal, N340, N347 | |
Postkoade | 7730-7732 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 52° 31' NB, 6° 25' EL | |
Offisjele webside | ||
Webstee fan Mooi Ommen! | ||
Kaart | ||
- Dizze side giet oer de stêd Ommen. Foar de gemeente dy't nei de stêd neamt is, sjoch: Ommen (gemeente).
Skiednis
bewurkje seksjeOmmen is ûntstien op in rivierdún by in plak dêr 't men troch de rivier de Fecht wâdzje koe. Dat is goed sichtber om it Kerkplein hinne, dat heger leit as de strjitten súd en east fan de tsjerke. De plaknamme ferskynt foar it earst yn 1133: Engelbertus de Umme is dan ien fan de tsjûgen by in skinking fan goed oan de abdij Clarholz yn Westfalen.
Yn 1248 krige Ommen stedsrjochten fan biskop Otto III fan Utert. De oarspronklike akte is ferlern gien, wat by hiel wat stêden it gefal is. Oare bewizen foar de âlde papieren fan Ommen as stêd binne de brieven út 1343 en 1346, dêr't biskop Jan fan Arkel de rjochten yn befêstiget. Oan in "oarkonde" út 1336 hinget it stedssegel fan Ommen, dêr't it hjoeddeistige gemeentewapen fan ôflaat is.
Yn de tiid fan it Hânzeferbûn, oant likernôch 1500, wiene der yn dizze regio in tal wichtige Hanzestêden lykas Kampen, Swol en Dimter. Dizze saneamde Gemeene of Principaalsteden sochten kontakt mei lytsere stêden en doarpen yn harren achterlân. Yn Oerisel wie in grut tal fan dizze bystêden oan ien fan de grutte Iselstêden liearre. Sa wie de stêd Ommen, mei ûnder oare Hasselt, Gramsbergen, Oldenzaal en Ynskedee ferbûn mei de doe wichtige hannelsstêd Dimter. Utsein lânbouprodukten hiene se yn Ommen neat foar hannel en transport te bieden. De lytse belutsenheid fan Ommen by de Hanze wie allinne mar te witen oan de lizzing oan in doe wichtige farferbining oer de Fecht.
Ommen hie oant begjin 20ste iuw in sintrumfunksje yn 'e regio. Der sitte ferskate organisaasjes fan de Oerheid yn de stêd, lykas it belestingkantoar en it kantongerjocht. It kantongerjocht wie fan 1838 ôf de fuortsetting fan it yn 1811 ynstelde fredegerjocht Ommen. By it opnij fêstlizzen fan de rjochtsgebieten yn Oerisel yn 1933 waard it mei de kantongerjochten fan Goor en Kampen opheft.
Ferkear en ferfier
bewurkje seksjeTichtby Ommen kruse de N34 (Witte Paal - De Punt) en de N347 (Ommen - Haaksbergen) inoar. Oant 2010 rûn de N34 dwêrst troch Ommen hinne. Ommen hat sûnt 1903 in stasjon oan it spoar fan spoar fan Swol nei Emmen dat oan't 1972 trochrûn oant Stedskanaal, it spoar waard oanlein troch de NOLS. It stasjonsgebou oan de súdkant fan de stêd, waard ûntwurpen troch Eduard Cuypers. Fan 1910 oant 1935 hat Ommen in spoarferbining hân, nei Dimter oanlein troch de OLDO.
Ofbylden
bewurkje seksje-
Giethmener "Tsjerkebrêge" oer de Regge besúden fan Ommen (2007)
-
Houtseachmole Den Oordt (2008)
-
Stasjon Ommen (2007)
-
"De Steile Oever" mei yn de djipte in ôfsnien rivierbocht fan de Regge by Nieuwebrug (besúden Ommen). (2006)
-
Bûten "Het Laar" (2012)
-
Herfoarme Brigitta Tsjerke (2010)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Ommen | ||
---|---|---|
Stêd: Ommen | ||
Doarpen: Lemele • Vilsteren | ||
Buorskippen: Archem • Arriën • Arriërveld • Beerze • Beerzerveld • Besthmen • Dalmsholte (foar in part) • Eerde • Emsland • Giethmen • Hoogengraven • Junne • Nieuwebrug • Ommerbosch • Ommerkanaal • Ommerschans • Ommerveld • Rotbrink • Stegeren • Stegerveld • Varsen • Vinkenbuurt • Witharen • Zeesse | ||
Wetter: Ommerkanaal • Oeriselske Fecht • Regge | ||
· · |