Olympyske Simmerspullen 2020
De Olympyske Simmerspullen fan 2020 (Japansk: 2020年夏季オリンピック, transliteraasje: Nisen Nijū-nen Kaki Orinpikku), offisjeel bekend as de Spullen fan de XXXII Olympiade, wiene in grut ynternasjonaal sportevenemint yn 'e tradysje fan 'e Olympyske Spullen, dat yn 'e simmer fan 2021 holden waard yn 'e Japanske haadstêd Tokio. It wie de earste edysje fan 'e Spullen ea dy't útsteld waard en in jier letter plakfûn as de bedoeling wie. Reden dêrfoar wie de koroanapandemy. Hoewol't dizze edysje fan 'e Simmerspullen formeel fan 23 july oant 8 augustus rûn, setten guon groepswedstriden al op 21 july úteinset, twa dagen foar de iepeningsseremoanje. Oan 'e Spullen diene 11.090 sporters mei út 205 ûnderskate lannen en territoaria. It evenemint omfieme fierders 339 ûnderdielen yn 33 ferskillende sporten. Nije sporten dy't op dizze edysje fan 'e Olympyske Spullen yntrodusearre waarden, wiene 3×3 basketbal en fytskrossen frije styl, wylst yn in stikmannich besteande sporten mingde eveneminten foar manlju en froulju tafoege waarden en by it baanhurdfytsen de keppelkoers foar manlju reyntrodusearre waard en in selde evenemint foar froulju tafoege waard. Dêropta wiene der fiif sporten spesifyk foar dizze iene edysje fan 'e Olympyske Simmerspullen op it programma set. Nei de Olympyske Simmerspullen waarden yn Tokio ek de Paralympyske Simmerspullen organisearre.
XXXIIe Olympiade | ||||
holden yn | Tokio (Japan) | |||
jier | 2020 (2021) | |||
data | 21 july-8 augustus 2021 | |||
organisator | IOC | |||
dielnimmende lannen | 205 ( Flechtlingeteam) | |||
dielnimmende atleten | 11.090 | |||
eveneminten | 339 yn 33 sporten | |||
iepeningsseremoanje | 23 july 2021 | |||
slutingsseremoanje | 8 augustus 2021 | |||
edysjes | ||||
foarige | Rio de Janeiro 2016 | |||
folgjende | Parys 2024 | |||
|
Utferkiezing
bewurkje seksjeBy de útornearring fan 'e gaststêd foar de Olympyske Simmerspullen 2020 naam Tokio it op tsjin in stikmannich oare gadingmakkers. De wichtichsten dêrfan wiene Istanbûl, yn Turkije, en Madrid, yn Spanje. By de ferkiezing behellen dy beide stêden in dield twadde plak. Dêrom wie der in runoff nedich, wêrby't Madrid ôffoel. By de einstimming wûn Tokio it fan Istanbûl mei 60 tsjin 36 stimmen.
Organisaasje en swierrichheden
bewurkje seksjeYn ferhâlding ta de problematyske oanrin nei de foargeande Olympyske Simmerspullen, dy fan 2016, yn it Brazyljaanske Rio de Janeiro, gie it mei de tariedings foar de Spullen yn Tokio dat it slydjage. De útbraak fan 'e wrâldwide koroanapandemy, yn desimber 2019, jage de boel lykwols yn 'e bulten. Al rillegau ûntstie der twifel oft de spullen yn 'e simmer fan 2020 wol holden wurde koene. It Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC) en it regear fan Japan holden noch in skoft út dat it evenemint trochgean soe. Noed oer it wolwêzen fan 'e sporters en oare belutsenen en eangst foar de fierdere fersprieding fan koroana ûnder de Japanske befolking wylst der oant teminsten desimber 2020 gjin effektyf faksên tsjin 'e sykte beskiber komme soe, makken útstel fan 'e Olympyske Spullen lykwols ûnûntkomber.
Op 30 maart 2020 makke it IOC yn in mienskiplike ferklearring mei it Organisearjend Komitee foar de Olympyske en Paralympyske Spullen yn Tokio (TOCOG) bekend dat de Olympyske Simmerspullen fan 2020 in jier útsteld wurde soene, oant 23 july 2021. Dat wie in unikum yn 'e skiednis fan 'e Olympyske Spullen, mei't eardere edysjes soms oergien wiene omreden fan negative ynfloeden fan bûtenôf (spesifyk de Earste Wrâldoarloch en de Twadde Wrâldoarloch), mar noch nea útsteld wiene oant in lettere datum. De hoop bestie dat yn 'e simmer fan 2021 it koroanafirus betwongen wêze soe. Dat wie sa net, mar fanwegen de beskikberens fan in effektyf faksên tsjin it firus (en om finansjele redens) waard doe besletten de Spullen net fierder út te stellen, ek al fûn der tagelyk mei de Olympyske Simmerspullen in nije koroana-útbraak plak yn Japan. Yn dat lân bestie tsjin dy tiid sadwaande net folle animo mear foar it hâlden fan it evenemint, mar kontraktuele ferplichtings en druk fan it IOC twongen de Japanske autoriteiten om yn 2021 dochs troch te setten.
Hoewol't de Olympyske atleten en har ûnderstypjende stêf yn Tokio yn in 'bubbel' libben en dus alhiel gjin kontakt hiene (of alteast hearden te hawwen) mei de pleatslike befolking, waarden der ûnder harren geandewei de Spullen dochs noch 458 gefallen fan besmetting mei it koroanafirus fêststeld. Sokke sporters en stêfleden waarden fuortendaliks tsien dagen yn karantêne set en dêrnei nei hûs stjoerd, en koene dus fierder net oan 'e Spullen dielnimme.
Sporten
bewurkje seksjeDe folgjende sporten makken diel út fan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020, mei it tal ûnderdielen tusken heakjes. (Offisjeel wiene der 33 sporten, mar dy telling is frijwat ûndúdlik om't dy neffens sportbûn rekkene is. Sa foarmje alle wettersporten yn dy optyk ien sport.) Der wiene twa nije sporten: 3×3 basketbal en fytskrossen frije styl. Dêrnjonken wiene der fiif sporten spesifyk en allinne foar dizze iene edysje fan 'e Olympyske Simmerspullen op it programma set: honkbal, karate, skateboarden, sportklimmen en surfen.
Kalinder
bewurkje seksje- N.B.: Foar alle tiden en data jildt de Japanske Standerttiid (UTC 9)
IS | iepeningsseremoanje | ● | groeps- en kwalifikaasjewedstriden | 1 | finales | ÔS | ôfslutingsseremoanje |
july/augustus 2021 | 21 woa. |
22 tong. |
23 freed |
24 sneon |
25 snein |
26 moan. |
27 tii. |
28 woa. |
29 tong. |
30 freed |
31 sneon |
1 snein |
2 moan. |
3 tii. |
4 woa. |
5 tong. |
6 freed |
7 sneon |
8 snein |
finales | |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
seremoanjes | IS | ÔS | |||||||||||||||||||
Atletyk | 1 | 3 | 4 | 5 | 6 | 5 | 8 | 8 | 7 | 1 | 48 | ||||||||||
Baanhurdfytsen | 1 | 2 | 1 | 2 | 2 | 1 | 3 | 12 | |||||||||||||
Badminton | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | 1 | 2 | 5 | ||||||||||
Basketbal | Klassyk | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | 4 | ||||
3×3 | ● | ● | ● | ● | 2 | ||||||||||||||||
berchfytsen | 1 | 1 | 2 | ||||||||||||||||||
Bôgesjitten | ● | 1 | 1 | 1 | ● | ● | ● | 1 | 1 | 5 | |||||||||||
Boksen | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 2 | 1 | 1 | 1 | 4 | 4 | 13 | |||||
dykhurdfytsen | 1 | 1 | 2 | 4 | |||||||||||||||||
Follybal | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | 2 | ||||
Fuotbal | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | 2 | |||||||
fytskrossen | ● | 2 | ● | 2 | 4 | ||||||||||||||||
Gewichtheffen | 1 | 2 | 1 | 2 | 1 | 2 | 1 | 2 | 1 | 1 | 14 | ||||||||||
Gymnastyk | Rytmysk | ● | 1 | 1 | 18 | ||||||||||||||||
Trampolyne | 1 | 1 | |||||||||||||||||||
Turnjen | ● | ● | 1 | 1 | 1 | 1 | 4 | 3 | 3 | ||||||||||||
Golf | ● | ● | ● | 1 | ● | ● | ● | 1 | 2 | ||||||||||||
Hânbal | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | 2 | ||||
Hynstesport | ● | ● | 1 | 1 | ● | ● | ● | 2 | ● | 1 | ● | 1 | 6 | ||||||||
Hockey | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | 2 | ||||||
Honkbal | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | ||||||||||
Hurdsilen | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 2 | 2 | 4 | 2 | 10 | ||||||||||
Iepenwetterswimme | 1 | 1 | 2 | ||||||||||||||||||
Judo | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 | 2 | 1 | 15 | ||||||||||||
Kanofarren | slalom | ● | 1 | 1 | ● | 1 | 1 | 16 | |||||||||||||
sprint | ● | 4 | ● | 4 | ● | 4 | |||||||||||||||
Karate | 3 | 3 | 2 | 8 | |||||||||||||||||
Keunstdûken | 1 | 1 | 1 | 1 | ● | ● | 1 | ● | 1 | ● | 1 | ● | 1 | 8 | |||||||
Moderne fiifkamp | ● | 1 | 1 | 2 | |||||||||||||||||
Roeien | ● | ● | ● | 6 | 4 | 4 | 14 | ||||||||||||||
Rugby | ● | ● | 1 | ● | ● | 1 | 2 | ||||||||||||||
Skateboarden | 1 | 1 | 1 | 1 | 4 | ||||||||||||||||
Skermjen | 2 | 2 | 2 | 1 | 1 | 1 | 1 | 1 | 1 | 12 | |||||||||||
Softbal | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | ||||||||||||||
Sportklimmen | ● | ● | 1 | 1 | 2 | ||||||||||||||||
Strânfollybal | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | 2 | |||||
Sjitsport | 2 | 2 | 2 | 2 | ● | 2 | 1 | 2 | ● | 2 | 15 | ||||||||||
Surfen | ● | ● | 2 | 2 | |||||||||||||||||
Swimmen | ● | 4 | 4 | 4 | 5 | 5 | 4 | 4 | 5 | 35 | |||||||||||
Syngroanswimmen | ● | ● | 1 | ● | 1 | 2 | |||||||||||||||
Taekwondo | 2 | 2 | 2 | 2 | 8 | ||||||||||||||||
Tafeltennis | ● | ● | 1 | ● | ● | 1 | 1 | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | 5 | |||||||
Tennis | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | 3 | 5 | |||||||||||
Triatlon | 1 | 1 | 1 | 3 | |||||||||||||||||
Wetterpolo | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | ● | 1 | 1 | 2 | ||||
Wrakseljen | ● | 3 | 3 | 3 | 3 | 3 | 3 | 18 | |||||||||||||
totaal tal finales | 11 | 18 | 21 | 22 | 23 | 17 | 21 | 21 | 25 | 20 | 26 | 17 | 27 | 23 | 34 | 13 | 339 | ||||
tal finales dien | 11 | 29 | 50 | 72 | 95 | 112 | 133 | 154 | 179 | 199 | 225 | 242 | 269 | 292 | 326 | 339 | |||||
july/augustus 2021 | 21 woa. |
22 tong. |
23 freed |
24 sneon |
25 snein |
26 moan. |
27 tii. |
28 woa. |
29 tong. |
30 freed |
31 sneon |
1 snein |
2 moan. |
3 tii. |
4 woa. |
5 tong. |
6 freed |
7 sneon |
8 snein |
finales |
Dielnimmende lannen
bewurkje seksjeDe dielnimmende lannen oan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020, mei it tal yndividuële sporters oanjûn.
*) Om't Ruslân fanwegen syn wegering om op strukturele wize doping oan te pakken noch altyd fan dielname útsletten wie troch it Ynternasjonaal Olympysk Komitee (IOC), diene de Russyske sporters oan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020 mei as neutrale dielnimmers ûnder de flagge fan it Russysk Olympysk Komitee.
Medaljespegel
bewurkje seksjeBoerkina Faso, San Marino en Turkmenistan behellen op 'e Olympyske Simmerspullen 2020 harren earste Olympyske medaljes ea. Bermuda, de Filipinen en Katar behellen har earste Olympyske gouden medaljes.
Plak | Lân | NOK | Totaal | |||
---|---|---|---|---|---|---|
1 | Feriene Steaten | USA | 39 | 41 | 33 | 113 |
2 | Sina | CHN | 38 | 32 | 18 | 88 |
3 | Japan (Gastlân) | JPN | 27 | 14 | 17 | 58 |
4 | Feriene Keninkryk | GBR | 22 | 21 | 22 | 65 |
5 | Russysk team | ROC | 20 | 28 | 23 | 71 |
6 | Austraalje | AUS | 17 | 7 | 22 | 46 |
7 | Nederlân | NED | 10 | 12 | 14 | 36 |
8 | Frankryk | FRA | 10 | 12 | 11 | 33 |
9 | Dútslân | GER | 10 | 11 | 16 | 37 |
10 | Itaalje | ITA | 10 | 10 | 20 | 40 |
11 | Kanada | CAN | 7 | 6 | 11 | 24 |
12 | Brazylje | BRA | 7 | 6 | 8 | 21 |
13 | Nij-Seelân | NZL | 7 | 6 | 7 | 20 |
14 | Kuba | CUB | 7 | 3 | 5 | 15 |
15 | Hongarije | HUN | 6 | 7 | 7 | 20 |
16 | Súd-Koreä | KOR | 6 | 4 | 10 | 20 |
17 | Poalen | POL | 4 | 5 | 5 | 14 |
18 | Tsjechje | CZE | 4 | 4 | 3 | 11 |
19 | Kenia | KEN | 4 | 4 | 2 | 10 |
20 | Noarwegen | NOR | 4 | 2 | 2 | 8 |
21 | Jamaika | JAM | 4 | 1 | 4 | 9 |
22 | Spanje | ESP | 3 | 8 | 6 | 17 |
23 | Sweden | SWE | 3 | 6 | 0 | 9 |
24 | Switserlân | SUI | 3 | 4 | 6 | 13 |
25 | Denemark | DEN | 3 | 4 | 4 | 11 |
26 | Kroaasje | CRO | 3 | 3 | 2 | 8 |
27 | Iraan | IRI | 3 | 2 | 2 | 7 |
28 | Servje | SRB | 3 | 1 | 5 | 9 |
29 | Belgje | BEL | 3 | 1 | 3 | 7 |
30 | Bulgarije | BUL | 3 | 1 | 2 | 6 |
31 | Sloveenje | SLO | 3 | 1 | 1 | 5 |
32 | Oezbekistan | UZB | 3 | 0 | 2 | 5 |
33 | Georgje | GEO | 2 | 5 | 1 | 8 |
34 | Sineesk Taipei | TPE | 2 | 4 | 6 | 12 |
35 | Turkije | TUR | 2 | 2 | 9 | 13 |
36 | Grikelân | GRE | 2 | 1 | 1 | 4 |
Uganda | UGA | 2 | 1 | 1 | 4 | |
38 | Ekwador | ECU | 2 | 1 | 0 | 3 |
39 | Ierlân | IRL | 2 | 0 | 2 | 4 |
Israel | ISR | 2 | 0 | 2 | 4 | |
41 | Katar | QAT | 2 | 0 | 1 | 3 |
42 | Bahama's | BAH | 2 | 0 | 0 | 2 |
Kosovo | KOS | 2 | 0 | 0 | 2 | |
44 | Oekraïne | UKR | 1 | 6 | 12 | 19 |
45 | Wyt-Ruslân | BLR | 1 | 3 | 3 | 7 |
46 | Fenezuëla | VEN | 1 | 3 | 0 | 4 |
Roemeenje | ROU | 1 | 3 | 0 | 4 | |
48 | Yndia | IND | 1 | 2 | 4 | 7 |
49 | Hongkong | HKG | 1 | 2 | 3 | 6 |
50 | Filipinen | PHI | 1 | 2 | 1 | 4 |
Slowakije | SVK | 1 | 2 | 1 | 4 | |
52 | Súd-Afrika | RSA | 1 | 2 | 0 | 3 |
53 | Eastenryk | AUT | 1 | 1 | 5 | 7 |
54 | Egypte | EGY | 1 | 1 | 4 | 6 |
55 | Yndoneezje | INA | 1 | 1 | 3 | 5 |
56 | Etioopje | ETH | 1 | 1 | 2 | 4 |
Portegal | POR | 1 | 1 | 2 | 4 | |
58 | Tuneezje | TUN | 1 | 1 | 0 | 2 |
59 | Estlân | EST | 1 | 0 | 1 | 2 |
Fidzjy | FIJ | 1 | 0 | 1 | 2 | |
Letlân | LAT | 1 | 0 | 1 | 2 | |
Tailân | THA | 1 | 0 | 1 | 2 | |
63 | Bermuda | BER | 1 | 0 | 0 | 1 |
Marokko | MAR | 1 | 0 | 0 | 1 | |
Porto Riko | PUR | 1 | 0 | 0 | 1 | |
66 | Kolombia | COL | 0 | 4 | 1 | 5 |
67 | Azerbeidzjan | AZE | 0 | 3 | 4 | 7 |
68 | Dominikaanske Republyk | DOM | 0 | 3 | 2 | 5 |
69 | Armeenje | ARM | 0 | 2 | 2 | 4 |
70 | Kirgyzje | KGZ | 0 | 2 | 1 | 3 |
71 | Mongoalje | MGL | 0 | 1 | 3 | 4 |
72 | Argentynje | ARG | 0 | 1 | 2 | 3 |
San Marino | SMR | 0 | 1 | 2 | 3 | |
74 | Jordaanje | JOR | 0 | 1 | 1 | 2 |
Maleizje | MAS | 0 | 1 | 1 | 2 | |
Nigearia | NGR | 0 | 1 | 1 | 2 | |
77 | Bachrein | BRN | 0 | 1 | 0 | 1 |
Litouwen | LTU | 0 | 1 | 0 | 1 | |
Namybje | NAM | 0 | 1 | 0 | 1 | |
Noard-Masedoanje | MKD | 0 | 1 | 0 | 1 | |
Saûdy-Araabje | KSA | 0 | 1 | 0 | 1 | |
Turkmenistan | TKM | 0 | 1 | 0 | 1 | |
83 | Kazachstan | KAZ | 0 | 0 | 8 | 8 |
84 | Meksiko | MEX | 0 | 0 | 4 | 4 |
85 | Finlân | FIN | 0 | 0 | 2 | 2 |
86 | Botswana | BOT | 0 | 0 | 1 | 1 |
Boerkina Faso | BUR | 0 | 0 | 1 | 1 | |
Gana | GHA | 0 | 0 | 1 | 1 | |
Grenada | GRN | 0 | 0 | 1 | 1 | |
Ivoarkust | CIV | 0 | 0 | 1 | 1 | |
Koeweit | KUW | 0 | 0 | 1 | 1 | |
Moldaavje | MDA | 0 | 0 | 1 | 1 | |
Syrje | SYR | 0 | 0 | 1 | 1 |
Fryske medaljes
bewurkje seksjemedalje | namme | út | sport | ûnderdiel | datum |
---|---|---|---|---|---|
sulver | Ymkje Clevering (en 3 oaren) | Haulerwyk | roeien | fjouwer sûnder | 28 july |
brûns | Marit Bouwmeester | Warten | hurdsilen | laser radiaal (froulju) | 1 augustus |
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan 'e Olympyske Simmerspullen fan 2020
- (in) Offisjele webside Ynternasjonaal Olympysk Komitee
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
Olympyske Simmerspullen 2020 | ||
---|---|---|
Atletyk | Baanhurdfytsen | Badminton | Basketbal | Berchfytsen | Bôgesjitten | Boksen | Dykhurdfytsen | Fytskrossen | Follybal | Fuotbal | Gewichtheffen | Gymnastyk | Golf | Hânbal | Hynstesport | Hockey | Honkbal | Hurdsilen | Judo | Karate | Kanofarren | Keunstdûken | Moderne fiifkamp | Roeien | Rugby | Syngroanswimmen | Sjitsport | Skateboarden | Skermjen | Softbal | Sportklimmen | Strânfollybal | Surfen | Swimmen | Teakwondo | Tafeltennis | Tennis | Triatlon | Wetterpolo | Wrakseljen | ||
· · |