Oksidaasjetastân

De oksidaasjetastân (ek wol oksidaasjegetal, oksidaasjegraad, oksidaasjetrep) is in maat foar de mate wêryn in atoom oksidearre is. In atoom kin elektroanen diele mei oare atomen, en kin elektroanen mienskiplik krije. Dizze elektroanen foarmje dan mei elkoar in elektroanepear. It elektroanepear sit gemiddeld altyd tichter by ien fan de twa atomen (útsein it twa eksakt deselde atomen binne yn in symmetrysk molekúl), by it meast elektronegative. Om it oksidaasjegetal te bepalen wurdt oannomd dat dit elektroanepear hieldendal by it atoom sit mei de heechste elektronegativiteit. Omdat it atoom no in elektron mear hat as it sûnder de bining hawwe soe, is it atoom ienweardich negatyf laden. Foar de berekkening fan it oksidaasjegetal (it atoom dêr't de atomen fan it elektroanepear it fierste by wei steane krijt logyskerwize in ienweardige positive lading takend). Dêrnei wurdt dit foar elke bining oan in atoom dien, en dizze getallen wurde by elkoar opteld. Dit levert in getal op tusken de -7 en de 7. Dit wurde meast werjûn yn Romeinske sifers, dit yn tsjinstelling ta de falinsje.

At elektroanen opnomd wurde treedt it atoom op as in oksidator. At it elektroanen ôfjout, treedt it atoom op as in reduktor. Edelgassen hawwe ornaris, d.i. útsein útsûnderlike gefallen, oksidaasjetrep 0. In soad eleminten kinne meardere oksidaasjetastannen hawwe. Bygelyks swevel kin ien of twa elektroanen opnimme: oksidaasjetastân -II en -I (optredend as oksidator) of twa, fjouwer of seis elektroanen ôfstean: oksidaasjetastân II, IV en VI (optredend as reduktor). De oksidaasjetastân kin dus posityf of negatyf wêze.

By oergongsmetalen kinne ferskillende oksidaasjetastannen foarkomme. Benammen foar dy eleminten wurdt it begrip falinsje ek noch brûkt (divalent izer foar Fe2 en trivalint izer foar Fe3 ) De oksidaasjetastân is yn de koördinaasjegemy tige wichtich. Dizze wurdt dan mei bepaald troch de liganden.