Noardburgum
Noardburgum (by âldere minsken ek bekend as Burgerheide) is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel.
Noardburgum | ||
Untginningspleats Groot Veldlust | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Tytsjerksteradiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 2.290 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 10,49 km², wêrfan: - lân: 10,18 km² - wetter: 0,31 km² | |
Befolkingsticht. | 234 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | 53° 13' N 6° 00' E | |
Lokaasje Noarburgum yn de gemeente Tytsjerksteradiel | ||
Offisjele webside | ||
Side Noardburgum | ||
Kaart | ||
Lykas de namme al oanjout leit Noardburgum benoarden Burgum, eastlik fan Hurdegaryp tusken Ljouwert en Grins oan de N355 .
In diel fan de buorskippen Kûkherne en Quatrebras falle ûnder Noardburgum.
Noardburgum hat 2.290 (1 jannewaris 2023)[2]
Skiednis
bewurkje seksjeNoardburgum is yn de 19e iuw ûntstien tusken de Burgumer Heide en Haersma's Bosk. It wie part fan it doarp Burgum, oant it yn 1930 in selsstannich doarp waard.
Yn de jierren 1990 is it tal ynwenners bot tanaam en sûnt heart Noardburgum ta de gruttere plakken fan Tytsjerksteradiel.
Mienskip
bewurkje seksjeDer is in feriening foar Doarpsbelang, dy't gearkomt yn it doarpshûs 'De Balstien' oan de Van Cronenburgwei, dêr ek it pjutteboartersplak 'Krobbenêst' ûnderbrocht is. De stifting Feestkommisje '50 soarget foar festiviteiten. Tsien kear yn 't jier ferskynt doarpskrante "Heidepraat". Nij Toutenburch is it fersoargingshûs oan de Simmerwei.
Tsjerken
bewurkje seksjeIt doarp hat trije tsjerken.
- Protestantske tsjerke fan Noardburgum
- Pleintsjerke (Baptisten tsjerke)
- Immanuel (Grifformeard-frijmakke tsjerke)
Skoalle
bewurkje seksjeDe kristlike basiskoalle Immanuel en iepenbiere basisskoalle De Oerstek binne sûnt augustus 2019 tegearre gien.
Ferienings
bewurkje seksje- Fûgelwacht Noardburgum
- Fuotbalferiening Noardburgum
- Iisklup Eensgezindheid Noardburgum - iisklup
- Basketbalferiening Noardburgum
- Skaakklup NEO
- Skouting De Twirre
- De Heideklup - fytscross
- Selskip Noardburgum - toaniel
- De Heidehippers - folksdûnsjen
- Bernlef - brassband
- Los fan it Wiif - biljerten
- Stichting Heidepiraten
Berne
bewurkje seksje- Abe Brouwer (1901-1985); skriuwer. It nei him neamde Abe Brouwerpaad waard troch himsels mei syn bruorren oanlein.
- Nyk de Vries (1971-); skriuwer en muzikant
Strjitten
bewurkje seksjeAlle strjitten yn Noardburgum.
Iepenbier ferfier
bewurkje seksje- Line 13: Stienwyk - Eesfean - Nijensleek - Frederiksoard - Willemsoard - Noardwâlde - Sânhuzen - Aldeberkeap - Aldhoarne - Jobbegea Skuorregea - Lippenhuzen - De Gerdyk - Terwispel - Drachten - Nijtap - Rottefalle - Surhústerfean - De Harkema - Droegeham - Koatstertille - Jistrum - Noardburgum - Quatrebras - Hurdegaryp - Tytsjerk - Ljouwert
Publikaasje(s)
bewurkje seksje- Koonstra e.A. "Noordbergum in woord en beeld" (1985)
Ofbylden
bewurkje seksje-
Wâldhûske oan de Hanegraaffwei
-
Basisskoalle De Klimstien
-
Kop-hals-romp-pleats Ryksstrjitwei
-
Eardere Skoalle mei de Bibel
Museum
bewurkje seksjeKeppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Tytsjerksteradiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Aldtsjerk • Burgum • Earnewâld • Eastermar • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Garyp • Gytsjerk • Hurdegaryp • Jistrum • Mûnein • Noardburgum • Oentsjerk • Ryptsjerk • Sumar • Suwâld • Tytsjerk • Wyns | ||
Buorskippen: Bartlehiem (foar in part) • De Joere • Gytsjerksterhoeke • It Heechsân • Iniaheide • Kûkherne (foar in part) • Lytse Geast • Noardermar • Quatrebras • Sigerswâld • Skûlenboarch • Sumarreheide • Tergrêft • It Wytfean • Sânhuzen • Swarteweisein | ||
· · |