Niehove
Niehove (Grinslânsk: Nijhoof) is in doarp yn de gemeente Westerkertier yn de provinsje Grinslân. It doarp hie yn 2018 noch 269 ynwenners.
Niehove | ||
Tsjerke fan Niehove (2019) | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Grinslân | |
Gemeente | Westerkertier | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 130 (2023) [1] | |
Oerflak | 0,3 km² dêrfan lân: 0,3 km² dêrfan wetter: 0 km² | |
Oar | ||
Postkoade | 9884 | |
Tiidsône | UTC 1 | |
Simmertiid | UTC 2 | |
Koördinaten | ||
Offisjele webside | ||
niehove.eu | ||
Kaart | ||
Niehove wie eartiids it haadplak fan it eardere waadeilân Humsterlân. De âlde struktuer fan it wierdoarp mei yn it sintrum de 13e iuwske tsjerke is noch goed te sjen. Om de tsjerke hinne leit yn in sirkel de doarpsbebouwing. Om kweade geasten bûten te hâlden wie it tsjerkhôf oant 1830 mei in grêft omklamme. It hiele doarp falt ûnder it beskerme doarpsgesicht.
Skiednis
bewurkje seksjeDe wier fan Niehove wurdt al likernôch 2200 jier bewenne. Nei it ûntstean fan de Lauwerssee kaam Niehove (yn dy tiid noch Suxwort; Súdwier) op in eilân te lizzen, dat de namme Humsterlân krige. Letter moast it eilân fanwegen it tal stoarmen bedike wurde. Fanôf 1500 krige it Humsterlân wer in ferbining mei it fêstelân. Muontsen fan it sisterzjinzer Bernarduskleaster yn Aduard setten doe útein mei it ynpolderjen. Tsjintwurdich leit Niehove midden op it fêstelân fan Grinslân. Oant likernôch 1600 wie de 13e iuwske tsjerke it iennige stiennen gebou fan Niehove.
Yn it net mear besteande Ipkemaheard wenne de proast fan Humsterlân, dy't út Niehove wei in grut part fan eastlik Fryslân (Achtkarspelen) en it Westerkertier bestjoerde. Om 1200 ferhûze de proast syn sit nei Hummerze (it tsjintwurdige Oldehove), dêr't de doarpsâldsten fan Humsterlân al yn âlde tiden gear kamen en rjocht sprieken. Nei't de proast yn de 14e iuw werom ferhûze nei Suxwort waard ek dêr in rjochterstoel oprjochte, dy't ta ûnderskieding fan it Alde Hôf yn Hummerze it Nije Hôf neamd waard. Sûnt de 14e iuw wurde de doarpen Suxwort en Hummerze resp. Niehove en Oldehove neamd.
Galery
bewurkje seksje-
Kerkstraat (2010)
-
eardere smidterij oan 'e Kerkstraat (2010)
-
Molenpad (2010)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|