In motorfyts, yn 'e regel koartwei motor neamd, is in motorisearre ferfiermiddel, dat ornaris twa tsjillen hat. Immen dy't sa'n fiertúch beriidt, is in motorrider. De motor wurdt tsjintwurdich ek wol oantsjut mei de Ingelske term bike, eins koart foar bicycle ("fyts"), fan motor bicycle ("motorfyts"). In berider is dan in biker. It ûntwerp fan motors fariëarret sterk fanwegen de ferskillende doelen fan sokke fiertugen: it reizgjen oer lange ôfstannen, forinzeferkear, frijetiidsbesteging of racen.

De Honda CB 750, dy't ferkeazen waard ta "motor fan 'e (20e) iuw".

Konfiguraasjes

bewurkje seksje

In motor hat ornaris twa tsjillen, dy't efterinoar pleatst binne. De eigentlike motor is yn it frame tusken de tsjillen weiwurke. De motorrider sit op in seal, mei de benzinetank tusken it seal en it stjoer. Op in motor kinne twa minsken ride: de motorrider sels en in passazjier, dy't efter him op it seal sit en him oan 'e motorrider fêstklammet. De motorrider wurdt ûnder it beriden fan syn motor rjochtop holden troch de faasje wêrmei't er him fuortbeweecht, krekt sa't dat it gefal is by in fytser. Nettsjinsteande dat is it tige maklik om mei in motor om te fallen as men te min faasje hat, bgl. by it oplûken of it ôfremjen.

 
In klassike Norton-motor.

Soms hat in motor trije tsjillen: ien foar en twa efter. Men sprekt dan fan in trike, fan it Ingelske tricycle ("trijetsjiller"). It komt ek foar dat in motor tarist is mei in karke oan 'e sydkant, dêr't guod of in ekstra passazjier yn ferfierd wurde kin. San karke oan 'e sydkant hjit in sydspan en waard foarhinne yn it Frysk ek wol in bakje neamd. Fierders kin in motor ek in lytse oanhingwein lûke.

Wetlike omskriuwing

bewurkje seksje

Net alle 'fytsen' mei in motor binne motorfytsen. Lichtere fiertugen wurde bromfytsen neamd. Fan 'e bromfyts bestiet yn Nederlân in yngeande wetlike omskriuwing. Alle twatsjils fiertugen dy't te swier binne om oan dy omskriuwing te foldwaan, wurde beskôge as motorfytsen. Dat jildt bgl. ek foar opfierde bromfytsen. Oan 'e oare kant wurde quads, dy't kwa uterlik omskreaun wurde kinne as motorfytsen mei fjouwer tsjillen, sûnt de trochfiering fan in wetswiziging yn 2009 ta de auto's rekkene.

 
In replika fan 'e Daimler Reitwagen út 1885, de earste echte motorfyts.

De earste motorfyts mei in ynterne ferbrâningsmotor dy't op benzine rûn, wie de Daimler Reitwagen, dy't yn 1885 makke waard troch de Dútsers Gottlieb Daimer en Wilhelm Maybach. Foartiid wiene der wol lyksoartige fiertugen boud, mar dy hiene in ynboude steammasine en wiene yn 'e praktyk eins net te brûken. Yn 1894 wie de Hildebrand & Wolfmüller de earste motor dy't fabryksmjittich produsearre waard. Tsjin it úbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch, yn 1914, produsearren de gruttere motormerken, wêrûnder it Ingelske Triumph en it Amerikaanske Indian en Harley-Davidson, jiers mear as 20.000 eksimplaren.

Yn 'e Earste Wrâldoarloch kaam de motor yn gebrûk foar militêre boadskippers, dy't oant dy tiid hynders beriden hiene. Yn 1920 wie Harley-Davidson wrâlds grutste motorprodusint wurden, dy't syn produkten yn 67 lannen oan 'e man brocht. Tsjin 'e ein fan 'e 1920-er jierren wie it Dútske merk DKW de grutste motorprodusint fan 'e wrâld wurden. Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard de motor op 'e nij as militêr ferfiermiddel ynset. Fan 'e 1950-er jierren ôf begûnen fabrikanten de ûntwerpen fan harren motors sa aerodynamysk mooglik te meitsjen. Dat wie in gefolch fan 'e ûntjouwing fan 'e motorsport, wêrby't de racers sa min mooglik wyn fange moasten.

 
Motorsport is it racen mei motorfytsen.

De film Easy Rider popularisearre yn 1969 yn 'e Feriene Steaten motorriden as frijetiidsbesteging. Dat joech oanlieding ta it ûnstean fan motorbindes lykas de Hells Angels en de Bandidos en de subkultuer dy't dêrmei mank giet. Fan 'e 1960-er jierren ôf waard Japan in wichtich lân foar de produksje fan motorfytsen. De Honda CB 750, dy't yn 1969 presintearre waard, krige letter de titel "Motor fan 'e Iuw" taparte. Tsjintwurdich wurdt de motorfytsemerk fierhinne dominearre troch fabrikanten út Japan, lykas Honda, Yamaha en Suzuki, en út Yndia, lykas Hero Motocorp (no de grutste motorprodusint), Bajaj en TVS Motors. De swiidste reputaasje is lykwols noch altyd foarbeholden oan it Amerikaanske merk Harley-Davidson.

 
In Harley-Davidson Softail Heritage Classic út 2002.

Motorriden is in gefaarlike aktiviteit, mei't motorriders yn it ferkear tige kwetsber binne. Trochdat se op twa tsjillen ride, is der net folle foar nedich om se falle te litten, en oars as automobilisten wurde se net oan alle kanten beskerme troch harren fiertúch. Ut in ûndersyk troch de Jeropeeske Ried foar Transportfeiligens (ETSC) út 2007 die bliken dat de kâns op in deadlik ûngemak foar motorriders yn 'e Jeropeeske Uny 18 kear sa grut wie as foar automobilisten. Neffens in rapport út 2008 fan it Amerikaansk Ministearje fan Ferfier is it tal deadlike ûngemaken per ôfleine myl foar motorriders yn 'e Feriene Steaten sels 37 kear sa heech as foar automobilisten.

Yn 'e measte lannen en territoaria, wêrûnder Nederlân, binne motorriders ferplichte om út feilichheidsomtinkens in falhelm te dragen. It wurdt fierders sterk oanrikkemandearre om learene motorridersklean oan te skaffen: broek, jas en wanten. By in fal mei tuskenbeiden faasje op it asfalt is men nammentlik mei ien sekonde troch de denimstof fan in spikerbroek hinne sliten, en dêrnei glidet men fierder op jins hûd. Soks kin slimme brân- en skaafwûnen feroarsaakje. Lear beskermet dêr folle better tsjin en it is ek noch waarmer, wat yn 'e regel wol fan pas komt op 'e motor.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Citations en General References, op dizze side.