Mongoalje
| |||||
Offisjele taal | Mongoalsk | ||||
Haadstêd | Ulaanbaatar | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
1.564.116 km² 0,6% | ||||
Ynwenners (2005) | 2.791.272 | ||||
Munt | Tugrik (MNT) | ||||
Tiidsône | UTC 8 | ||||
Nasjonale feestdei | 11 july | ||||
Lânkoade | MNG | ||||
Ynternet | .mn | ||||
Tillefoan | 60 |
Mongoalje as Mongoalië, sûnt 1992 offisjeel de Mongoalske Steat, is in lân yn it Sintraal-Aazje. De haadstêd is Ulaanbaatar en de presidint fan de republyk is sûnt 2009 Tsakhiagiin Elbegdorj.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeMongoalje wurdt begrinzge troch:
Lânskip
bewurkje seksjeIt lânskip fan Mongoalje wurdt yn it westen domineare troch it Altay-berchtme mei piken oant 4300 meter hichte en it Sjangay-berchtme boppe de 3500 meter hichte. Heechlân tusken de 1000-1500 meter leit yn it easten. It noardeasten bestiet út taiga. It oare part is woastyn en steppe, nei it suden oergeand yn de Gobywoastyn.
De heechste punt yn Mongoalje is Küiten Pyk yn it Tavan bogd massyf yn it fiere westen op 4.374 meter. It streamgebiet fan Uvs Nuur Mar, dat dield wurdt mei de Tuva Republyk yn Ruslân, stiet op de Wrâlderfgoedlist. It meastepart fan it lân is hiet yn de simmer en ekstreem kâld yn de winter, mei temperatuer trochsneden yn jannewaris dy't lêger lizze as -30 °C.
Skiednis
bewurkje seksjeOant en mei de ein fan de midsiuwen giet de skiednis fan Mongoalje lykop mei dat fan it hiele steppegebiet fan Euraazje. Dizze skiednis jout it byld fan hieltyd wikseljende machtskonsintraasjes, foarme troch federaasjes fan nomadestammen. Ferskate folken hawwe dêrby belutsen west, û.o. de Skyten, Sarmaten, Turken, Mongoalen en Toengoezen. Healwei de 12e iuw wienen de Mangchol, de echte Mongoalen, in lytse stam yn it gebiet fan de Onon en de Keroelen. Besibbe stammen yn Mongoalje wienen de Tartaren, dy't harren namme jûn hawwe oan de letter Turksk-Mongoalyske hearskers fan Ruslân.
Jengis Kaan slagge dêryn, troch al dizze folken oan him te ûnderwurpen, de grûnslach te lizzen foar de Mongoalske wrâldmacht. Foar syn dea ferdielde hy syn ryk ûnder syn fjouwer soannen. In pakesizzer fan Jengis Kaan, Batoe stifte it Russyske Mongoalenryk fan de Gouden Horde. Yn 1258 waard it Kalifaat fan Bagdad troch Hoelagoe ferneatige en yn 1279 wie in Soengryk yn Súd-Sina alhiel troch Koebilai-Kaan ferovere. Hy festige him as earste keizer fan de Juan-Dynasty Tsjin de ein fan de 13e iuw wie dat Mongoalenryk útinoar fallen yn in tal selsstannige steaten. Yn 1368 waard de lêste Juan-keizer út Sina ferdreaun troch de Ming. De Mongoalen yn Perzje en Ruslân stapten oer op it islamityske leauwen.
Yn de súdwestlike parten fan it Mongoalenryk bleaunen de Mongoalske tradysjes it langst bewarre. Lettere feroverers as Timoer Lenk en Baboer soenen harren noch op dizze tradysjes beroppe. De Mantsjoe-dynasty wreide de Sineeske hearskippij oer Mongoalje út. Yn de 17e iuw wei sprake fan in Binnen-Mongaalje en in Bûten-Mongoalje, hokker ûnderskied te krijen hie mei de gebieten súdlik en noardlik fan de Goby-woastyn. It suden kaam foarfêst yn Sineeske hannen, it noarden hâlde foar in grut part har politike en kulturele selsstannigens. Bûten-Mongoalje ferklearre har yn 1911 by de fal fan de Mantsjoe-Dynasty selsstannich.
Yn 1919 besette Sineeske troepen it lân. In koart skoft hearske de Witte generaal Roman von Ungern-Sterbern, oan waans bewâld it Reade leger in ein makke soe. In Mongoalske regearing waard oansteld dy't troch de Sowjet-Uny kontrolearre waard.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeEtnyske Mongoalen meitsje om-ende-by 85% fan de befolking út. Hjirfan binne de Kalka mei 90% de grutste kloft. It oare 10% omfiemje Buryats, Durbet Mongoalen en oaren yn it noarden en Dariganga Mongoalen yn it easten. Turkske befolkingskloften as de (Kazaks, Tuvans, en Chantuu (Oezbeken) foarme de oare 7% fan de Mongoalske befolking. De rest binne etnyske Sinezen.
Talen
bewurkje seksjeDe offisjele taal fan Mongoalje is it Mongoalysk dat sprutsen wurdt troch 90% fan de befolking. Der is in grut ferskaat oan dialekten. Yn it westen fan it lân wurde Kazaks en Tuvan, beide Turkske talen, sprutsen.
Tsjintwurdich wurdt it Mongoalsk skreaun mei gebrûk fan it Syrillysk alfabet, lykwols waard yn it ferline in eigen (Mongoalysk) skrift brûkt. It skrift soe offisjeel yn 1994 opnij yn gebrûk nommen wurde, mar hat noch hieltyd net plak fûn omdat de âldere generaasje it net went is te brûken.
It Russysk is de meast brûkte bûtenlânske taal yn Mongoalje, folge troch it Ingelsk dat hieltyd mear opgong fynt.
Religy
bewurkje seksjeNeffens de CIA World Factbook heart de helte fan de Mongoalske befolking ta it Boedistyske leauwen, 40% hat gjin leauwen, 6% binne Sjamanist, Bahá'í en Kristen, en 4% is Moslim.