Mari El (Russysk: Республика Марий Эл; Respûblika Mari El; Berchmari: Мары Эл Республик, Greidemari: Марий Эл Республик; betsjutting 'It lân fan de Mary') is in autonome republyk yn de Russyske Federaasje.

Republyk Mari El

Респу́блика Марий Эл (Russysk)
Мары Эл Республик (Mari)

flagge wapen
polityk
soarte gebiet dielrepublyk
lân Ruslân
federaal distrikt Wolga
ekonomyske regio Wolga-Vjatka
haadplak Josjkar-Ola
grutste plak Josjkar-Ola
taal Russysk, Greidemary, Heuvelmary
Etnyske groepen Russen 45,1%
Mari 41,8%, Tataren 5,5%
(Stân 2010)
sifers
ynwennertal 671.455 (2022)
oerflak 23.375 km²
befolkingstichtens 28,73 ynw./km²
oar
stifting 22 desimber 1990
tiidsône UTC 3 MSK
koördinaten 56° 42' N 47° 52' E
webside mari-el.gov.ru
 
Natoer yn mari El

Mari El leit yn it eastlike diel fan de East-Jeropeeske Flakte en noardlik fan de Wolga. De sompige Mary-leechflakte leit yn it wêsten fan de republyk. 57% fan it gebiet bestiet út bosk (taiga). It heechstepunt fan Mari El is 278 meter. Meiïnoar binne der 179 rivieren mei in lingte fan 10 km en mear. Fierder telt de republyk mear as 200 marren yn Mari El. In soad rivieren binne fan healwei novimber oant heal april tichtferzen. Grutte rivieren binne de Vetlûga yn it wêsten en de Wolga oan de súdlike grins. De hiele republyk wetteret ôf op de Wolga.

De republyk grinzget yn it noarden oan de oblast Nizjni Novgorod, yn it easten oan de oblast Kirov, yn it suden oan Tatarije en yn westen oan Tsjûvasje.

It gebiet dêr't de Mary wennen lei lang tusken Ruslân en it kanaat Kazan en wie in gebiet dêr't om striden waard. Yn it midden fan de 16e iuw waard it definityf by Ruslân foege. De Autonome Oblast Mari ûnstie op 4 novimber 1920, dy't op 5 desimber 1936 oergyng yn de Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Mari. De tsjintwurdige autonome republyk Mari El ûntstie op 22 desimber 1990, mar is in fuortsetting fan 'e eardere ASSR.

 
Maryske dûnsgroep yn de tradisonele dracht

De belangrykste befolkingsgroepen fan Mari El binne Mary (foarhinne Tsjeremissen neamd) en Russen. De Mary prate twa nau besibbe Finsk-Oegryske talen. It Greidemary (марий йылме) of Eastlik Mary wurdt sprutsen yn it easten en is lang beskôge as de standerttaal. It westlike Heuvelmary (мары йлмы) hat minder sprekkers en waard foarhinne sjoen as in dialekt fan it Greidemary. Tsjintwurdich hawwe beide talen njonken it Russysk in offisjele status yn Mary El.

Foar de revolúsje fan 1917 hiene de Mary net in eigen distrikt yn it Russyske Keizerryk. Tsjintwurdich libje minder Mary yn Mari El as dêrbûten. De measten dêrfan wenje yn oare dielen fan de Russyske Federaasje. Russen foarmje hjoed-de-dei de grutste etnyske groep fan Mari El, dêrnei folgje de Mary en dan op grutte ôfstân de Wolgatataren.

Yn de stêden, de omkriten fan Josjkar-Ola en de doarpen yn it westen fan de republyk foarmje de Russen in mearderheid, wylst yn de lannelike gebieten de Maryske befolking yn 'e mearderheid is. Tataren wenje fral yn de grutste stêden. Fierder binne der in pear eastlike dielen fan de republyk dêr't de Tataren in mearderheid foarmje. De Krimtataren waarden yn 1944 ûnder Stalin deportearre. Doe kamen ek lytse groepen yn de Autonome Sosjalistyske Sovjetrepublyk Mari telâne. Nei't it wer wat frijer waard binne in soad Krimtataren ferhûze nei Oezbekistan, dêr't de measten hinne deportearre wiene. Yn it rajon Zvenigovo binne doarpen dêr Tsjûvasjen wenje.

 
Kaart mei de sprieding fan de etnyske groepen fan Mari El

Yn it offisjele ferkear wurde Russysk en de twa farianten fan it Mari brûkt.

De Russysk-otterdoksy is de grutste godstsjinst fan de republyk. Fieder binne der âldleauwigen, protestanten, moslims en oanhingers fan in lokale natoergodstsjinst fermingd mei kristlike eleminten.

De republyk is net ryk oan grûnstoffen. Helpboarnen binne turf, sân, klaai, mineraalwetter en kalkstien.

Oanwêzige yndustry wurdt foarme troch de masinebou, de metaal- en houtbewurking en foedsel, dy't fral yn de haadstêd Josjkar-Ola sitte.

Bestjoer en stêden

bewurkje seksje

De republyk is ûnderferdield yn 14 rajons en trije stedsdistrikten. De stedsdistrikten wurde foarme troch de haadstêd Josjkar-Ola en de stêden Kosmodemjansk en Volzjsk. Mei-inoar hat de republyk fjouwer stêden en fyftjin delsettings mei in stedsk karakter.

 
Josjkar-Ola
Grutste stêden Russysk Mari Ynwenners* Wapen Lokaasje
Josjkar-Ola Йошкар-Ола Йошкар-Ола 279.399 (2022)   56° 37' N 47° 53' E
Volzjsk Волжск Юлсер-Ола 52.703 (2021)   55° 5'2 N 48° 21' E
Kosmodemjansk Козьмодемьянск Чыкма (Цикмӓ) 19.970 (2021)   56° 20' N 46° 34' E
Medvedevo Медведево Маскасола 20.105 (2022) gjin 56° 37' N 47° 48' E
Zvenigovo Звенигово Провой 10.966 (2021)   55° 58' N 48° 01' E
Sovetski Советский У Роҥго (У Ронго) 10.273 (2021) gjin 56° 45' N 48° 49' E

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Mari El


Dielgebieten fan Ruslân  
Republyk AdygeäAltaiBasjkortostanBoerjaasjeChakasjeDagestan • (Donjetsk) • IngûsjeesjeKabardino-BalkaarjeKalmukjeKaratsjai-TsjerkjesjeKareeljeKomi • (Krim) • (Lûhansk) • Mari ElMordoovjeNoard-Osseesje-Alaanje • Oedmoersje • Sacha • Tatarstan • Tsjetsjeenje • TsjûvasjeTûva
Kraj AltaiChabarovskKamtsjatkaKrasnodarKrasnojarskPermPrimorjeStavropolTransbaikal
Oblast AmoerArchangelskAstrachanBelgorodBrjansk • (Cherson) • IrkûtskIvanovoJaroslavlKaliningradKalûgaKemerovoKirovKoerganKoerskKostromaLeningradLipetskMagadanMoermanskMoskouNizjni NovgorodNovgorodOarenburchOmskOrjolPenzaPskovRjazanRostovSachalinSaratovSmolenskSverdlovskTambovTjûmenTomskTsjeljabinskTûlaTverUljanovskVladimirVologdaVoronezjWolgograd • (Zaporizja)
Autonome oblast Joadske Autonome Oblast
Autonoom distrikt Chanto-MansjeJamalo-NenetsjeNenetsjeTsjûkotka
Federale stêd MoskouSint-Petersburch • (Sebastopol)
N.B.: de gebieten tusken heakjes wurde ynternasjonaal net erkend as diel fan Ruslân, mar as diel fan de Oekraïne
  ·   ·