List fan keningen fan Israel

Wikimedia-list

Dit is de list fan keningen fan Israel, sa't dy jûn wurdt yn 'e boeken 1 en 2 Samuël en 1 en 2 Keningen fan 'e Bibel. Oer de persize datearring bestiet in protte ûnienichheid; hjir binne de jiertallen oanholden sa't bibelhistoarikus E.R. Thiele dy jout. (Foar it meastepart binne dat deselde jiertallen dy't ek efteryn de Nije Fryske Bibeloersetting fan 1978 jûn wurde yn 'e taheakke Oersjoch fan de Bibelske Histoarje, oant by Jerobeäm II in typ- of printflater it spul dêr op 'e doele bringt.) Skeanprinte nammen jouwe in omstriden keningskip oan.

List fan Keningen fan it feriene keninkryk Israel

bewurkje seksje
NAMME PERIOADE Opmerkings:
foàr 1030 f.Kr. predynastysk
Abimêlek 1180 - 1177 f.Kr.
1030 - 1008 f.Kr. Hûs fan Saul
Saul 1030 - 1010 f.Kr.
Isjbosjet 1010 - 1008 f.Kr.
1008 - 931 f.Kr. Hûs fan David
David 1008 - 970 f.Kr.
Salomo 970 - 931 f.Kr.

Nei de dea fan Salomo skuorde it feriene keninkryk útinoar yn it noarderryk of tsienstammeryk Israel, dat it Hûs fan David ôfswarde, en it suderryk of twastammeryk Juda, dat ûnder it Hûs fan David bleau. Sjoch foar in opsomming fan 'e keningen fan Juda de list fan keningen fan Juda.

List fan Keningen fan it tsienstammeryk Israel

bewurkje seksje
NAMME PERIOADE Opmerkings:
931 - 909 f.Kr. Hûs fan Jerobeäm
Jerobeäm I 931 - 910 f.Kr.
Nadab 910 - 909 f.Kr.
909 - 885 f.Kr. Hûs fan Basa
Basa 909 - 886 f.Kr.
Ela 886 - 885 f.Kr.
885 f.Kr. Hûs fan Simry
Simry 885 f.Kr. (regearre 7 dagen)
885 - 841 f.Kr. Hûs fan Omry
Omry 885 - 874 f.Kr.
Achab 874 - 853 f.Kr.
Achazja 853 - 852 f.Kr.
Joaram 852 - 841 f.Kr.
841 - 753 f.Kr. Hûs fan Jehû
Jehû 841 - 814 f.Kr.
Joächaz 814 - 798 f.Kr.
Joäsj 798 - 782 f.Kr.
Jerobeäm II 782 - 753 f.Kr.
Sekarja 753 f.Kr. (regearre in healjier)
752 f.Kr. Hûs fan Sjallûm
Sjallûm 752 f.Kr. (regearre 1 moanne)
752 - 740 f.Kr. Hûs fan Menachem
Menachem 752 - 742 f.Kr.
Pekachja 742 - 740 f.Kr.
740 - 732 f.Kr. Hûs fan Pêkach
Pêkach 740 - 732 f.Kr.
732 - 722 f.Kr. Hûs fan Hosjéa
Hosjéa 732 - 722 f.Kr.

Yn 722 f.Kr. of dêromhinne waard Samaria, de haadstêd fan it tsienstammeryk Israel, ynnommen troch Salmanasser, de kening fan Assyrje. Hy smiet Hosjéa, de lêste Israelityske kening, yn it tichthús, en fierde (in wichtich part fan) de Israeliten yn ballingskip fuort nei Assyrje. Israel waard dêrnei ta in Assyryske provinsje.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Bibel (Nije Fryske Bibeloersetting), Haarlim/Bokstel, 1978 (Nederlands Bijbelgenootschap/Katholieke Bijbelstichting), ISBN 9 06 12 60 817.