Liem
Liem is in grûnsoarte dy't it meast út sân (kerrelgrutte > 63 µm), silt (kerrelgrutte > 2 µm) en klaai (kerrelgrutte < 2 µm) bestiet, mei in kerrelgrutte tusken 2 en 64 mikrometer. Liem bestiet gauris út finer materiaal as sân. Liem kin troch wyn (löss), iis (balstienliem), as wetter (fluviatyl) ôfset wurde.
Yn 'e boaiem
bewurkje seksjeYn Fryslân komt liem ûnder oaren foar yn de ûndergrûn fan Gaasterlân as balstienliem, dy't troch it iis oandreaun waard yn it Saalienglasiaal. Yn Súd-Limboarch leit in grutte liemlaach oan de oerflak dy't troch de wyn ôfset waard yn kâldere temperatueren doe't der noch amper fegetaasje wie.
As boumateriaal
bewurkje seksjeMei suvere liem wurdt löss of silt mei ornearre. Liem om mei te bouwen of as plaster te stuken hat in soad ferskate lagen yn opbou en gearstalling. Saneamde fette liem befettet in soad klaai, wylst earme as skriele liem wol oant 60% sân of silt befettet. Liemplaster is gaadlik foar it ôfwurkjen of it moai meitsjen fan muorren binnendoar yn wen- as wurkromten. Het is net te ferbaarnen en is neffens sterkte te ferlykjen mei kalkmortelplaster. Nijsgjirrich binne de eigenskippem fan liem lykas brânfeiligens, fochtstabilisaasje, en it trochlitten fan damp, dêr't er de focht troch regulearje kin. Liem bliuwt reedlik koel simmerdeis en waarm winterdeis. Foar it meitsjen fan muorren fan liem wurdt de fitselstek-technek brûkt.
Ierdewurk
bewurkje seksjeSûnt de âldheid wurdt liem, benammen fluviatyl brûkt om ierdewurk mei te meitsjen. Yn de natoer komt liem yn ferskate kleuren foar lykas reade en wite liem. Ierdewurk dy't fan liem makke wurdt, wurdt mei lead- of tinglazuer glazuere.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Liem fan Wikimedia Commons. |