Lannen en gebieten oersee
De lannen en gebieten oersee (LGO) binne lannen of gebietsdielen dy’t in spesjale relaasje mei ien fan de lidsteaten fan de Europeeske Mienskip ûnderhâlde. Fuort sûnt it begjin fan de EG ha se belutsen west en troch it Ferdrach fan Rome ta oprjochting fan de EEG yn 1957 hawwe dy lannen of gebietsdielen de status fan assosiearre lân krigen.
Lannen en gebietsdielen oersee
bewurkje seksje
Gebietsdielen dy’t gjin LGO binne
bewurkje seksjeDer binne ek gebietsdielen fan EU-lidsteaten dy’t net as LGO assosiearre binne mei de Europeeske Uny en (sa goed as) hielendal bûten de ynfloedsfear fan de EU-ferdraggen falle. It giet om Akrotiry en Dhekelia, Guernsey, Jersey en Man (Feriene Keninkryk) en de Faeröer (Denemarken).
Oare oerseeske gebietsdielen meitsje krekt wol (folslein) diel út fan it tapassingsgebiet fan de EU-ferdraggen. Dat binne Frânske, Spaanske en Portugeeske ultraperifeare regio’s, mar bygelyks ek Åland (Finlân), Clipperton (Frankryk) en Gibraltar (Feriene Keninkryk).
Dan binne der noch oare gebieten dy’t gjin aparte territoaria binne, mar wol in bysûndere status of bysûndere wetten hawwe. Dy wetten jilde benammen op it mêd fan belestingen. Dy gebieten binne Büsingen am Hochrhein, Campione d'Italia, Livigno, Ceuta, Melilla, Helgolân, Athos, it Saimaakanaal en Maly Vysotsky.